De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] Exegese Alle treinen ride nei in front. Alle keningen wenje yn ballingskip. De wegen wech ende wear Iepenskuord fan it ljocht Lizze fol drimpels en deaden. En oer de heuvels iepen en leech, Warleas it wrein en it wouter, Dûnkere kloft fan tûzen soldaten, Dutsen ûnder it izeren heil Fan de hillige helm. Hja wenje op pleinen fan forwoasting Rêste yn roast en rein En wanne de wrâld mei it wapen. Alle keningen wenje yn ballingskip. Alle treinen ride nei in front. Vorige Volgende