De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 40] [p. 40] Oarloch De deaden harkje Nei hûnderttûzen fuotten Stampend troch it leechlân. Soldaten slaen brêgen Nei de frijheit, Sliepe yn de snie Fan de kâlde oarloch. It warrelt en teit Op de stienwegen. Op hûndert pleinen Stean skriemend de Man en de Mem It fuotspoar, it bloedspoar Rint dea op de heuvel. Yn it dal fan it tsjuster Bite de tosken it braeklân Fan freze en haet. It Wrâlddiel hat de flaggen strutsen, Swijend hûnderttûzen hollen dutsen. Vorige Volgende