De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 39] [p. 39] Ik liz myn wapens del Ik liz myn wapens del, Nou't de stampende treinen Net mear troch it jounlân Krûpe oer roastige rails. Ik liz myn wapens del, Nou't lâns de skimer, Lâns de sliepwegen Nei it gehucht De hoeder liedt de bline wearen En it wouter draecht Oer de ruïnen fan de winter. Ik liz myn wapens del, Nou't op de blanke hiemen De hannen winke fan de mem, En ik feilich bin yn it tsjuster Each fan de nacht. Ik liz myn wapens del, Nou't yn myn hannen wer It wûnder groeit Fan de stôk en de stêf, Hwant hja binne symboalen Fan de fortreasting. Vorige Volgende