De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 38] [p. 38] Liet fan de Frede De oarloch is foarby. En de minske stiet yn De groede fan de ierde, As de beam fan de frede. Mar frede is forlittenheit. Hja wreidet op in woast fjild, Hja pearet ta tallen Yn de rêst fan ruïnen. De diktatuer is de harder, De frede bifruchtet gefaer, De minske rint efter de harder; Aenst wjokket de adelaer. Lit my ûnfruchtber wêze. Lit my de fredebeam. Lit my gedichten lêze, Dy't ik de frede neam. Lit my ûnfruchtber wêze. Dy't ik de Frede neam, Him wol ik fruchtber wêze, Hy jowt genedelean. Vorige Volgende