De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 37] [p. 37] De stiennen roas Neaken it hûs fan de berte En iepen it gehucht, Draecht de ieu my nei De rêch fan de romte. Oer de ierde slypje De winen de klinkende bilen En waeije spoeksel yn it ear Fan de man dy't it hoefdier driuwt Oer opspringende ekers. Ut it liem fan de skimer, Ut de sliepende heuvels Sil de sinne stadich In brûnzen stêd bouwe Fan massa-skulptueren Blinkend it laem oan it wetter. Bûcht de stiennen harder. Yn it fjild Stekt stadich in stanbyld in plein oer En groetet de metalen hynders. Ut it park stiet in frou op, Hja hat in bern krige. Mar de frou stjert oan it bern, It bern stjert oan de mûle fan de sinne, Oan de fonteinen fan Ynterkommunale Wetterlieding. It mes fan it skaed lûkt rjochte fuorgen Troch de stêd. De harder weidet it laem lâns bline wegen, It bern drinkt it tsjuster fan de mem, Hoeden gean de gehoargongen iepen, Mar nearne stiet in beam op; Hwant de stêd is plante op rioelen, Hja is ûndergrounsk. Vorige Volgende