De masinale bloei
Hoe prachtich groeide it wetter yn de stille bêddingen fan de ierde doe't ik boarte ûnder de wyt winkende bloei fan de hôven yn it fjurrich wek fan de sinne. As in lims stie it ljocht glimmend yn de stammen. Hoar klonken de hoeven oer it Stienfjild. En yn myn forbylding wist ik de ruters dy't driftich de spoaren yn de flanken setten. De stimmen fan de minsken hingen oan it ljochtflues fan de wrâld. Mar inger it ljocht, kroep de joun as in hierrige houn troch it gers. Hoe tynden doe de apels oan de tinne twigen en sprongen de earste fruchten ervich út 'e hoalling. Ik riek my nei it wûnder fan de tûken en tepte my de fruchten fan it jier.
It is foarby. Ik bou my nije bylden fan izer op kobalt-blauwe fearren. En ûnder my groeje glânzgjende, blanke masines. Wif ranket de bloei oan de skeletten fan beton. Ik groetsje de stanbylden fan de hearskers, fan de mannen fan wittenskip. Hja steane by my ensyklopedysk notearre. Ik wenje yn bibliotheken mei aristokratyske en wisse amtners, bibliofilen en snobistyske sneupers. Mar nearne stiet in beam op yn de kuolte fan de wyn. It wetter kin it fjûr net rikke, hwant wy wenje op elkoars hollen, bûten elkoars birik, as stimmen op in woast fjild, as bifrijde reptilen yn in kelder fan lawaei. De stilte hat gjin earen mear.