De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 35] [p. 35] Liet fan de harder Hoe wie ik jong en bliid om it hûs Op it Heech yn de blink fan it dal, As simmers ûnder de apels it liet, Helder it liet fan de hoeven klonk. Oer de hichten - ik hoede it willich laem - Ik dwelme, ik song en drifke De dieren blyn nei de stallen, Ik sliepte en sonk yn de romp fan it hûs. Fan roast en rein rêstten de skuorren, De wyn blies my dûnkere dreamen yn. Mar fan degen oan wer de gouden hoep Fan it ljocht om it hûs en it hert. Vorige Volgende