De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Magyske frou I Steande op in Sâlte ierde Stoart de frou Bloed ûnder De moanne En sakket swijend Njonken de Ierdstiennen skalen. Hja draecht yn de hjerst Fan har biente Wetter en fjûr Oer de ierde. Mei it witten Fan ier en let Forkundiget hja Wiisheit oer de Drimpels fan de dwazen. De leagens fan De forstoarne Wurde troch har mûle In faezjende leginde Yn it iepen ear Fan de gehuchten. Tsjin de bern Spijt hja wurden As spoeksel Under de moanne. Har foarsizzingen Driuwe de deaden It eachwyt út. [pagina 34] [p. 34] II Yn de nachten As de skerten rêste Fan it fruchtber wêzen, Draecht hja In têst spoeksel Om it stjerhûs En kniest it strie Oan de doar As in wrokkende fûgel, Om de ierde to slaen Oant op 'e tichel. Har hannen drage de frucht Mei evel en groede. Mar ûnder de laits Brekke de kûmen Yn skimer en deawetter. Yn de têst dwêst it fjûr Ta rimfel en jiske. Vorige Volgende