Holke smiet it oer in oare boech. ‘It past my net sa goed joun, ik wit it wol; mar men moat op 't lêst jins forantwurdlikens kenne. As Boerma wist, dat ik der net wie, dan kaem er faeks leaver in oare kear. Men moat ek oan oaren tinke en net altyd oan jinsels.’ Hy hoasse even. ‘It sit my nammers al hwat losser. Sa'n bytsje kjeld op 'e strôte moat men ek net oerdriuwe.’
It roun in pear minuten hwat heech yn de keamer fan Holke Holkema, mar doe kamen de bern der yn en wist Setske, dat hja it pleit forlern hie. Hja sei noch al, dat de maetskippij him net sa misse soe as hy siik waerd, mar dat hja mei it lêst siet, ek al om't er net sa'n maklike pasjint wie. Mar doe wie it ek út: Holke hâldde syn hoasjen fierdersoan hwat yn en loek him werom yn in weardich stilswijen lyk as er altyd plichte to dwaen yn soksoarte gefallen. Setske waerd dêr net safolle oars fan; hja koe him wol. Doe't er fuortgyng, krige er in sjael om, dy't er net ôfdwaen mocht, en de goede rie, it net to let wurde to litten.
Op 'e seal wied er heas, en Boerma achte it mar in hiele died, dat er dochs kaem wie. Dat makke er wolris oars mei, sei er; de measten hiene it gau slim. Doe spriek Holke sa goed er koe syn iepeningswurd oer de tiden, dy't wol foroaren, mar de minsken, dy't al tofolle gelyk bleauwen. Jild wie der mear ûnder it folk as foarhinne, mar oars... ‘Tûzenen hawwe morele stipe nedich: meifielen, freonskip, soarch. Wy moatte dy jaen.’ Dat wie knap sein, en Boerma koe der moai by oanheakje, fortellend oer it lân dat foller waerd en de minsken, dy't tusken al dy oaren yn de iensumens op har ta kommen fielden en út fortwiveling forfoelen ta de drank. Dêr holp gjin preek tsjin, mar allinne de helpende bruorrehân, lyk as de foarsitter sakrekt al sa treflik sein hie. Holke fielde, dat de minsken even nei him seagen, en it waerd him waerm ûnder syn sjael. En dan hie Setske wold, dat Feddema de lieding hie! Hy soe it har sizze; hja moast it bigripe.
Nei hûs fytsend tichte oan alven fielde er him earder optein as siik. Gripichheit, kjeld, soe it net sa wêze dat men se kwytrekke as men perfoarst net siik wêze woe? De gedachte makke him fleurich en tige moedich. Der koe him neat oerkomme; moarn wied er grif alhielendal better. En doe lei der hwat foar him op 'e wei. In grouwe houn? In keal? Hy stapte hastich ôf en seach al gau, dat it in minske wie: in manskeardel mei in wûnderlik wite troanje. Hwat fierder lei syn fyts. Holke snúfde ek hwat op: in fisklucht en in dranklucht. Fansels, dat koe net oars as Lykle van der Kloet wêze, fan hwa't