De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 27] [p. 27] De hearsker De meander dûkt út it sober hûs. En as in ruter to pearde ritst er mei koarte halen It lêste gers fan de Mient. De fluorring skrast as in riffel oer it laei. Hjir jowt de groun oars net as flúngers. Mar mei grime raemt er de reine troch de galen En garret in bekfol iten dat neat bidijt. As nachts de flearen weine op de blanke groeden, As alles rêst fan it gemaek, Makket de meander syn taks. Hy telt de ûren nei de dage, As er fan degen oan it ark út it rimming skuord En mei wrimpen adamjen de joun biskrept As in wrede hearsker oer himsels. Vorige Volgende