De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 28]
| |
[pagina 29]
| |
IIHja jit de krûken út,
Brekt lûdleas de skalen
Yn it tsjuster.
En wanich oer de takomst,
Draecht hja it bern
Yn it dal fan de ierde.
Ut de hôven rispet en rôvet
Hja fjurrige fruchten
En út de fivers
Dipt hja hoeden
It wetter fan it lok.
| |
[pagina 30]
| |
IIIMar de dea is tichteby,
Hwant it ljocht giet op
Hûd en hier oer de hichten
En deadet de ierdske dream
Yn it each fan de frou.
Hoe sil hja dit bern
In namme jaen,
Dat it foar de tiid
Bihâlden bliuwt?
Hja soe him it dal
fan Eskol tabitrouwe,
Dat hy it jier op jier
Bouwe soe as in erfskip.
Mar hy is berne yn it each,
Wyt en trochsichtich
as in aei,
Brekber as in fûgel.
| |
[pagina 31]
| |
IVDe frou leit somjend it
Warleas each op de felling
Fan de eker.
Har ierde is leech
En ûnfruchtber.
Har each giet oer
It laem, de fôlle,
Yn bloedich tsjuster
Him reppend
Nei de drimpel
Fan it ljocht.
Har each biwekket
It sie fan de winter.
Hja treastget har each
Oerdeis oan it braeklân,
Nachts oan it pânsere tsjel
Fan de moanne.
Hja wit har warleas
Under it kreakjend
Winterljocht en is idel
Yn de bysliep fan it tsjuster.
|
|