De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 26] [p. 26] Caprice Ik lei myn ear to sliepen Op it forwielen grien Fan de bimoaze stien; Doe foelen alle bloeisels iepen. En tusken bloei en frucht Garre ik my nije krûken Ik wachtte op 'e hûken It feest yn it gehucht. 'k Woe mei har rinkelroaije. En elke ljochte faem Dy't ik tomjitte kaem Mei stikelroazen toaije. By hokker ik ek poaze, Mar elke ljochte faem Dy't ik tomjitte kaem Sei: ‘Ik sil dy hwat roaze’. De stilte yn my hurd en dôf, Wie as in tinne dream. De fruchten foelen fan de beam mei sêfte ploffen yn it hôf. Vorige Volgende