De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 24] [p. 24] Berte Hjir lizze de huzen As stille dieren Oan it wetter, Amjend yn it ljocht. De minsken, de dieren, De beammen, Binne út neat ûntstien, Mar hawwe in bigjin makke It neamen wurdich. Yn dizze mienskip Mei poreuze frommens, Hwer't nammen en neamen Ien binne, Forgielet de tiid As perkamint. Ut dizze skerte bin ik berne. En ik stie tusken De heupen fan it ljocht Doe't men myn namme rôp Under de blinkende pannen. Vorige Volgende