It libertynsk gehucht
Jouns, drôf de pleatsen op de blanke hiemen. En troch de hôven gean stadich de wurge sliepers, bûgd ûnder de bloei fan it winterljocht. Hurd en hoar as Chineeske trommels klinke de hoeven fan de dieren troch it jounlân. En oeral ingelen, ingelen fan minsken, wenjend op de hichten fan it Libertynsk Gehucht.
Yn de skimer fan de swijhuzen, dêr't men heart en bidt, dêr't men praet mei suiskjende lippen, as tsjin glês, as tsjin it oantlit fan in deade, skerpje de boeren de blinkende bilen wyt en tin. Hja spije de wetstien en stoarje mei eagen siik fan forbjustering yn har ilige hannen. Hja freegje nei it lok, nou't de wegen welle oant by de doarren en de nacht stiet op de blanke mûle fan de frou.
De tosken roastkje. Hja priuwe de frieskjeld op it izer en witte oan bloed en frucht dat harren ierde leech is. Mar de skuorren bin tsjustere kielen fan de djipste geheimen. Gjin stim, gjin stok dy't har hannen driuwt. Weefd yn flaeks, from en fan ierde sjocht har each de frucht en it lims glimmend op it lekken. Mar yn de mienskip fan de bitterste freugden deadzje en laitsje de lippen de leagen en sjongt der in stûf lok yn de hoep fan it hûs en it hear.