De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 18] [p. 18] Ik wist fan de dea de djipte net Op de liemen flier blette en bloeide it koeter En binnen briek it brânnen op de limzen. Doe sloech de omber oer it deagesicht. It lekken oer de spegel blonk forheftich. Tsjin de muorren dôve de bloei fan it hout; De simmer gyng mank oer de wegen. Ik lei yn it gers as yn in dream En wist fan de dea net de djipte, Hwant yn my wie in waeksende stream Lâns de skrinkels, de mil en ik dipte. Ik lei yn it gers as yn in dream En wist fan de dea net de djipte. It hûs op it Heech dreau as in skip Yn it ljocht. De beammen dreauwen mei. Alles dreau yn de wolk fan de dea. De ierde freze it liet en it ljocht En skrassend foel de nacht yn it gers. Yn de bysliep waerden de skerten biwekke. Ik haw it lichem sêft biwuolle Mei blommen út in swiete tún. In krânse om de lippen ûnderkuolle. De dea wie yn de eagen mylde hún Doe't ik it lichem sêft biwuolle Mei blommen út in swiete tún. Vorige Volgende