De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Ik sykje in hus Ik sykje in hûs Kreakjend yn de winter; In doar iepenslaend Oer skranke teilen, In yngong fan ljocht. Hwer moetsje ik de mem, de ingel Fan dizze ierde? Hja neamde my takomst. En dizze groun Neamde hja fal. En ik flechtte Fan har oantlit As in ûntsleine En sliepte oan De rânne fan de wrâld. Hoe swimme nou de lome Doarren yn myn hân, Nou't de nacht falt Oer de bittere hôven, Under myn fuotten Kreaket it hiem En nimmen ken my. Ik ken it each fan De doarren, Mar yn it each fan De mem skommelt Wjerkeatsend In lege lampe. Vorige Volgende