Koart forhael
Doe't ik wenne yn it each fan de mem, hja droech my oer blinkende ekers nei de koelte fan it hûs. En yn de stilte fan de simmer, as ik dreamde fan de brûnzen flam dy't kammich opstie út it wetter, hearde ik de trommen, sêft en masterlik. Ik riste my ta as in ruter. De sinne skerpe myn wapen. Fjûr en wyt lei oer de hiemen en de dieren sprongen by myn sang. Weinen brieken de wegen iepen. Tsjel en hoef knarsten bitter troch de stilte fan it gehucht. En stadich wintele de sinne oer de smelle rêgen fan de mannich wenten, fijannich tsjin de terp. Ik wie in ruter op de ring fan it hear. Ik mende de appelskimmel en gaspe my in glimmend pantsier. Ik wie in foarst ûnder de dieren, in man ûnder de weinen.
Mar yn de gouden glâns fan jeld wie ik in bern dat song yn de hôven en swijend hûke oan de drimpels fan it hûs. Ik maelde om hwat de ljochte riedsels yn de eagen fan de âlden my seine. Ik koe har forhael fan biuwen en faezjen. Har risping fan strie en fjûr. Ik koe de wurden dy't hja earnstich beaën oan de hurdsteden, fan it Bloed en it Laem. En ik eange de flok dy't hja de mûle banden, as winterdeis de harrel kniesd waerd op 'e tichel.
Nou is it hiem oergroeid en it hûs ûnbiwenber. En alles leech yn it ljocht, slacht de rein wounen yn de ierde. En djipper driigje de beammen oer it outer. Oer it hiem swevet it lichem fan de frou. Hja stekt de holle yn wolkens fan ljocht. Hja docht de lûken ta en groetet de deaden en it doarp. Yn de skelk biwuolle, talmet hja skrousk oan de drimpel en harket skerp nei de slach fan de ruter. Mar leech is de stilte en liddich is de kym. Hja stiftet in houtfjûr as manselheech boppe it dak de moanne hinget yn it helter fan de nacht.