De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 14] [p. 14] By it wersjen Nou sparket it fjûr yn it bloeisel fan de hôven En rinne de wegen ljocht op nei it Heech En it hûs fan myn jeugd. Hjir haw ik boarte en myn ûren fordreamd Oan de oere by de krûdige balsemblommen. Hjir haw ik my spegele yn it wetter En ik koe myn eigen gesicht werom. Dizze dei fan it feest, Nou't it ljocht - great as in simmer - Leit oer de hiemen, En de sinne in hanfol skaed Smyt yn de tsjustere wannen, Ken ik de doarren wer Dy't my ynnamen en de Teilen skriks en skrank Yn de gongen fan it hûs. Alles, alles is der wer: It wite bloeisel, It erf, it blinkend wetter, It mes fan de wyn, De beammen dy't ik op manstalhichte Lichte groeden snijde, De driging fan de sinne Op it lekken foar de ruten As in blinkend faeiteken, It glimmende limmet En it deade gesicht Op de drimpel fan it buorhûs. [pagina 15] [p. 15] Alles, alles is ljocht. Mar stadich giet it foarby: It feest, de dream en de Tinne rûzing fan de kletterbeam; Neigeraden de wrâld greater wurdt En de tiid de wegen welt yn de Strakke lins fan de takomst. Vorige Volgende