De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 11] [p. 11] Regeneraesje I Ik bin har flesk, Hja is myn tafel. Hwant hja is fan my woune Doe't de simmer einleas Troch it dal striek En de huzen bleek Sykhellen troch de Smelle dûnkere doarren. Hja hat it mes, it bloed Droegen op myn alter En my de nammen neamd Fan de fûgels, huzen en ekers. Hja hat my de wrigge yndruid, Dy't him repte yn de húl Fan it tsjuster. As de hurrel wankte Tusken de wannen fan It Libertynsk Gehucht, Rôp hja my út 'e joun Nei in ljochte tafel. [pagina 12] [p. 12] II Ik bin har hannen ûntgroeid, As in fûgel oan it aei. Wy lizze de lippen fol geheimen; De wounen hielje as in wek. Fjûr en liem tekent de sinne Har rêch ta in grotesk byld. En as in ribbe yn it wetter Driuw ik fan har iensumheit. En ik, dy't út it wetter berne, My riek nei it ljocht; Ik driuw it drachtich dier En nim it smelste jok. [pagina 13] [p. 13] III Mar nei ryklik tritich simmers, Nou't it flesk flesk bernet En it bloed bloed bant, Is hja de bliedende frou Yn it flaeksfjild, Yn de simmerrein, Yn de winterkjeld. Biddend oan de hurdsteden, Roppend yn it tsjuster, Oan in winige doar. Yn ús togearrewêzen Untflechtet ús each De deaden, De bline riedsels Fan de berte. Wy geane bûgd ûnder De fruchtberens Fan de beammen, It rûzjen fan de winen. Dy't simmers De apels tinen dogge Yn de hongerige hôven. Vorige Volgende