De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] It liet fan de hofker It bloeijend hout sprong oer de takkels fan de blinen En oan it seel blette de risping ryp en prûs. Oh, hwer op ierde greater lok to finen; De houten drimpels waerme lippen fan it hûs. Oh, ljochte dei, út elkums wan hear ik it weinen. Strak leit it tafelblêd wer wreed toskyld. En op de stallen hear ik stadich wer it reinen; De hôven leech, bin ik dyn evenbyld. En stean ik oan it libben leech, de tiid in roede; Forburgen wit ik wer de rykdom yn 'e hoerde. Mar as fannijs it jier har yn de twigen dijt, Haw ik alwer it gelde hout útsnijd. Oh, hwer op ierde greater lok to finen; It bloeijend hout springt oer de takkels fan de blinen. Vorige Volgende