De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] Gedicht fan de frijheit Doe't ik in bern wie yn dyn hôven, De simmer droech my oer de hichten, Oer de hiemen, bylâns de koele stallen; Ik roun as in harder it biggel nei. Waekswyt it laem ûnder de stammen, Tusken de spoaren de sjongers de sliepers, Mende ik elberich troch it gehucht; In ljochte ruter sûnder helter. Ik song en spile bliid it hûs, Snijde my roufear en fluiten, Mar bitter de snaren fan de wyn; Skodden de ranken it bloeisel ôf. Vorige Volgende