De Tsjerne. Jaargang 18
(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 417]
| |
[Nummer 12]Jan Dotinga:UntfolkingGa naar voetnoot*)
Ut it lege gewicht
fan de simmerske bouwen
krûpt stadich in terp
omheech.
Op ien fan syn flanken
hat in pleats him forjown:
hjir roastket de stilte
ta in ekskús
om to stjerren.
Yn it deistige wrotten
is it heil forware,
mar tusken de stiennen
lústeret optein in tister:
Der wie ris...
Der komt ris...
| |
[pagina 418]
| |
Unbiwenber forklearre
Roujende went
ûnder it reiden tek;
dôf foar de oanspraek
fan 't pearjend gewaechs
yn simmerheechtiid.
In doar
hat himsels yn syn hingsels forhongen
en njonken it hûs
is de reinwettersbak
koartsich fan
toarst.
Langliddige finsters swije;
om hûs en hear
fortraepje âlde tinzen
it sear.
Noch hwat wylgemuozzen
bisykje in bidêst
streakjen.
|
|