| |
| |
| |
Y. Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit:
Trijelud út it wetterlan
Symposion oer de Fryske roman
Op it Farrend Kongres dat de Fryske Akademy yn augustus '63 hâlden hat, is ek redendield oer de Fryske roman. De trije - hjir en dêr hwat omwurke - lêzingen mei de stellingen fan de ynlieders dr. Y. Poortinga, Jo Smit en drs. Kl. de Wit wurde hjirûnder ôfprinte.
| |
I
1. | Om it peil fan de Fryske romankunst to forheegjen is greater fortroudens nedich mei de moderne romantechnyk yn it algemien (sjoch foar hwat dit ynhâldt de stellingen fan Kl. de Wit en Jo Smit). |
2. | Nêst it lêzen fan de moderne romanprodukten sels is systematyske stúdzje dêr tige bifoarderlik ta; der is noch nea safolle oer de roman théoretisearre as hjoeddedei. |
3. | Moat dizze stúdzje organisearre wurde? Literatuerkongressen, leargongen yn 'e trant fan de kursus foar harkspulskriuwers fan Kultuerried en RONO, kursussen as yn Amearika foar short story-skriuwers, oplieding as dy oan Amerikaenske universiteiten en to Salzburg ta toanielskriuwer? Is in skriuwersmienskip lyk as de Dútske Gruppe 47, dêr't men inoars wurk fóár de publikaesje ûnder it mes nimt, winsklik? |
De Fryske roman hat in koarte tradysje. Ear't Brolsma en Simke Kloosterman yn 'e tweintiger jierren mei It Heechhôf en De Hoara's fen Hastings kamen, is der suver neat dat op 'e namme roman oanspraek meitsje kin. Dat der tofoaren wol talint yn dizze rjochting west hat, toane inkelde wurkjes fan Eeltsje Halbertsma, Hjerre Gerryts van der Veen en Tsjibbe Gearts van der Meulen. Marten Baersma syn idéael wie, ‘sa skriuwe to kinnen as Gustav Frenssen’, hwaens Jörn Uhl ien fan 'e foarnaemste romans fan 'e Dútske ‘Heimatkunst’ wie. Men mei dan ek wol sizze, dat it útgongspunt by ús, net biwust of opsetlik meast, mar praktysk dochs wol, de regionale roman of de ‘Heimatkunst’ west hat en dat fierwei de measte lettere romans fariaesjes op dit genre west hawwe. Ik wol fierder
| |
| |
daelk tajaen, dat de tindinsje hwat langer hwat mear de kant útgiet fan yndividuéler probleemstelling en persoansútbylding.
Op hast alle Fryske romans is de term ‘lyts réalisme’, dêr't Wadman nei de oarloch mei kaem, fan tapassing. Dit hoecht fansels net ta weismiten keard to wêzen; dat men ek yn it lyts réalisme greatmaster wêze kin, biwiist bygelyks Brolsma, mar iensidich en biheind is de Fryske romankunst yn alle gefallen wol bleaun.
Oft dit nou oan 'e minmachtigens fan 'e Friezen leit, of oan har aerd (‘De Friese aard is benepen, weegt en wikt’, neffens Slauerhoff), dêr wol ik net op yngean, ek net op 'e fraech oft it iene folk yn oanliz literair bigaefder is as it oare. Ik tink hast, dat ynstelling en konstellaesje bilangriker faktoaren binne. De minmachtigens hat de Friezen net bihindere om in wrâldforneamd kouweras to fokken, of mei de bêste setierappels to kommen. It liket my raer ta, dat se sa iensidich bigaefd wêze soene, dat se gjin romans skriuwe koene, dy't gaedlik foar eksport, d.w.s. foar oersetter yn allerhanne talen, wêze soene. Ik jow ta, dat romanskriuwen persoanliker wurk is as féfokken, mar by beide komt in bêst stik fakmanskip to pas en it leit grif oan ús kultureel en geastlik klimaet, dat wy ús der oant nou ta to min op útlein hawwe om it uterste oan fakmanskip op literair gebiet to birikken.
As eksportartikel hat de Fryske roman oant nou ta gâns minder rom bihelle as Adema safolle, mar ik mier wol sizze to meijen, dat de romans binnen de eigen taelmienskip oant nou ta ridlik goed funksionearre hat. It Fryske folk foun syn eigen wêzen útbylde yn Jan en Folkje, Richt en Bokke, yn Haitze en Minke, yn Peke Donia en safolle oare romanfigueren. Neffens my leit it hichtepunt hjirfan yn 'e lêste oarloch, doe't de minsken sa tige op harsels tobeksmiten waerden en oars net folle hiene, en fuort dêrnei. Letter is de floed fan wrâld- en oare literatuer yn Nederlânske pocketfoarm oer ús kommen, dêr't sels de K.F.F.B. net tsjinop kin. Guon fan deselde minsken dy't doedestiids harsels yn 'e Fryske romans weromfounen - guon fan dy minsken, en oars har bern wol - hear ik nou sizzen: ‘Ik fyn net folle mear oan 'e measte Fryske boeken’. Dit leit faeks mear oan harsels as oan 'e boeken - har libbensomstannichheden en har smaek binne fotoare - mar foar hwa't bilang by de Fryske roman hat is it in symptoom.
Smit sil aenst út de doeken dwaen, hoe't de roman ek yn it algemien in part fan syn âlde funksje forlern hat. Ik wol dêr net op preludearje, allinne nei syn stellingen forwize. Dêr is net folle tsjin yn to bringen. Oanknoopjende by syn earste
| |
| |
stelling wol ik biweare, dat it lyts réalisme yn 'e takomst ta it forfeelsume genre bihearre en hwat langer hwat lytser plak ynnimme sil. Foar de oarloch bygelyks wie der yn Nederlân en yn oare lannen in merk foar hwat men Skandinavyske regionale romans - sij it yn folle greater styl as by uzes - neame koe. It is bigoun mei de krityk dy't der op âfjoech en tsjintwurdich fornim ik net folle mear fan dit soarte boeken. As men hjoeddedei op 'e Nederlânske en bûtenlânske boekemerk omsneupt, merkbyt men, dat it net allinne de pioniers ûnder de romanskriuwers binne, dy't it epysk prinsipe min of mear loslitte - ik slút my nou efkes oan by de terminology fan de hear De Wit syn stellingen, op hwaens lêzing ik fansels likemin preludearje wol as op Smit sines. It gefolch is, dat ek in great part fan it lêzerspublyk hwat langer hwat mear wend rekket oan romans dy't yn in trant skreaun binne dy't tsien of tweintich jier lyn noch foar eksperiminteel trochgyng en dat it njonkenlytsen de foarkar jaen sil oan in skriuwtrant dy't foarhinne mar foar inkelden genietber wie. It forskil tusken de happy few en de efterhoede ûnder it lêzerspublyk is op 't heden frij great - as men dat b.g. mei de tiid fan Dickens forgeliket - en tusken dy utersten lizze alderhanne gradaesjes. En nou koe it wol ris de spesifike opjefte fan de romanskriuwer yn in lytse taelmienskip as de Fryske wêze om in synthese to finen, dy't lêzers fan forskaet niveau foldwaen kin. It soe al in wûnder wêze as der in great pionier op romangebiet ûnder ús opstie en dy soe by ús ek in ûnmooglik lyts publyk hawwe. Sa't b.g. Brolsma en Haisma - om mar by twa forstoarnen to bliuwen - lêzers fan allerhanne niveau bifredigje koene, sa moatte der foar de takomstige roman ek mooglikheden wêze. Dit sil ik wer net útwurkje, hwant ik bin bang dat ik dan to ticht
by stelling 4 fan de hear De Wit kom.
Hwat ik dêrby sa graech sjen soe, dat is in ridlik peil en in ridlik sukses. Om sukses to hawwen hoecht men gjin literatuer-fornijer of geny to wêzen. De pioniers binne lang altiten gjin potboilers. Sukses dat in Fryske skriuwer ek materieel hwat earmslach jaen soe, is allinne troch fortalingen mooglik. Op de bisûndere swierrichheden dy't dêr wer anneks mei binne fanwegen it feit, dat de professionéle bûtenlânske oersetters gjin Frysk kenne, wol ik nou net yngean.
Men kin sokssahwat as in forheging fan it peil winskje, mar kin men der ek hwat oan dwaen? Ha wy hjir it goede literaire klimaet en sa net, kin men dat forbetterje? Stefan Zweig fortelt yn Die Welt von gestern, hoe't er al as gymnasiast troch it enoarme literaire enthousiasme fan syn milieu meinommen
| |
| |
en oanfitere waerd. Ik kin my wol in skriuwer foarstelle, dy't dêr gjin forlet fan hat: ‘It komt op yndividuéle prestaesjes oan’, sei Anne Wadman forline jier tsjin my, mar dat jildt allinne mar foar guon dy't sels troch de wei fan stúdzje en lektuer soargje dat se har gerak krije. Mei alle wurdearring foar de literaire jounen fan it Kunstnersboun en hwat der mear wêze mei (Quatrebras moat ek wol ris jounen organisearre ha) en foar de omgong mei oare skriuwers leau ik dochs net dat it formidden de Fryske skriuwers nou sa tige stimulearret om ta de heechste prestaesjes to kommen.
Persoanlik mis ik hjir tofolle de théoretyske of wittenskiplike bihanneling fan 'e literatuer. Wy hawwe sûnder mis inkelde goede kritisi en der is nei de oarloch in goede ynfloed fan har útgien - foaral fan Anne Wadman en it is mis dat er syn sprek net mear seit oer Fryske boeken -, mar hwat hja oan algemiene literaire foarming jowe is to ynsidinteel. It mei my noch tinke, hoe't fier foar de oarloch Theun de Vries ris klage, dat yn Nederlân by de oardielfoarming de literatuerwittenskip yn tsjinstelling ta oare lannen fierstentomin meispriek. Ik leau, dat dat foar Nederlân sûnt wol hwat bykommen is, mar foar Fryslân jildt it sûnder mis noch. Oan literatuerbioefening yn it algemien en oan roman- en toanielskriuwerij binammen sit sterk in ambachtlike kant. Nou komt der by alle ambachten tsjintwurdich folle mear théory, stúdzje to pas as foarhinne - mei ‘myn each is myn rij’ komt men net fier mear. De saken binne to technysk en to gearstald wurden. De moderne romantechniken dêr't De Wit it oer ha sil kin men jin ek net sa maklik mear oaneigenje sûnder stúdzje en théoretyske biwustmakking. Sa net, op it heechste niveau hat it théoretisearjen oer literaire styl en technyk altyd al in greate rol spile. Men hoecht allinne mar to lêzen hwat Goethe en Schiller togearre ôfthéoretisearre hawwe en sa binne der hûndert foarbylden út 'e literatuerskiednis to neamen. Neffens my wurdt hjir yn Fryslân to min oan dien.
Is hjir nou alhiel gjin foroaring yn to bringen? Ik wol in pear mooglikheden yn diskusje bringe.
Ik neam yn 'e earste pleats kursussen of leargongen yn 'e technyk fan it romanskriuwen. Amearika is it lân fan 'e forneamde kursussen yn it skriuwers fan koarte forhalen, it lân ek dêr't in macht goede en minne learboeken forskynd is oer hoe't men in short story skriuwe moat. It is net by Amearika bleaun; forline wike lies ik noch in advertinsje fan it Ned. Talen Instituut to Rotterdam dêr't sa'n kursus yn oanpriizge waerd. Hwat de fortuten hjirfan binne, wit ik net.
| |
| |
Op folle heger plan stiet grif de oplieding ta toanielskriuwer dy't men oan forskate Amerikaenske universiteiten folgje kin, guon fan de bikendste Amerikaenske toanielskriuwers - ik mier bygelyks fan Tennessee Williams - binne dêr út fuortkommen. Ik leau hast, dat Dútsklân hjir ek al hwat fan oernommen hat - yn alle gefallen wurdt der yn Salzburg in simmerleargong yn toanielskriuwen jown, dêr't it programma net sa gek fan liket. En as it hjir yn Fryslân mooglik is om in kursus foar harkspulskriuwers to hâlden, lyk as R.O.N.O. en Kultuerried of Amateurtoanielskoalle yn 'e mande dogge, hwerom soe dat dan foar de romanskriuwerij net kinne? Men soe der jins ynsjoch troch forbreedzje en fordjipje kinne; alderhanne flaters soene jin ôfleard wurde. Der soe demonstrearre wurde kinne, mei Fryske en frjemde foarbylden, hwat it wêzentlike fan Kitsch is. Der binne de lêste jierren sokke alderaerdichste boekjes forskynd oer aerd en wêzen fan literaire Kitsch. Der koe ris in aparte kursus oer in bipaeld genre hâlden wurde, bygelyks oer de detective-roman, dêr't ommers mear tinkwurk en technyske handigers by to pas komt as bisieling. It greate foardiel fan de kursusfoarm is, dat der dan ien of mear organisaesjes efter steane, dy't mei lieding en finânsjes rêdde. De Friezen binne sunich; as se it learjild ienkear bitelle hawwe, bliuwe se net sa gau wei.
Yn it Akademy-formidden is al ris tocht oan it hâlden fan in literatuerkongres, alhiel wijd oan 'e roman. Dêr is ek al in opset foar makke; it programma fan fan 'e middei is dêr in priuwke út. As men de gaedlike ynlieders en de gaedlike meidoggers - d.w.s. de skriuwers en de foarnaemste kritisi - byinoar krije koe, soe dat grif syn nut hawwe.
Nou't ik der noch ris oer neiprakkesearre haw, soe ik lykwols dochs hwat in oare opset foar kar nimme. Ik hie my al lang ynteressearre foar de hwat mysterieuze Gruppe 47, in soarte forbân fan neioarlochske Dútske skriuwers, sûnder dat ik der it neiste oer gewaer wurde koe. Dat lêste waerd better, doe't ik de Almanach der Gruppe 47 mei de jiertallen 1947-1962 yn hannen krige, dêr't net allinne in kar út 'e wurkstikken dy't dêr op 'e sittingen fan 'e Gruppe yn 'e fyftjin jier fan har bistean foarlêzen binne, mar ek in stikmannich ynliedingen oer aerd en wurkwize yn steane. It is yn 1947 bigoun mei in tafallige gearflecht fan in ploechje skriuwers, dy't 1945 foar de Dútske literatuer ‘it jier nul’ neamden, om't se dêrfoar yn in geastlik isolemint of fakuüm libbe hiene en dy't alles fan 'e eigentiidske greate bûtenlânske foarbylden leare woene - foar in part deselden, dy't De Wit yn it ‘oanhingsel’ op syn stel- | |
| |
lingen neamt. Mei in minimum oan organisatoryske omballingen wurde der twa kear yn 't jier sittingen of kongressen fan in pear dagen yn in rêstige konferinsjeoarde hâlden, dêr't oars neat bart, as dat guon fan 'e dielnimmers dêr tweintich minuten lang út har noch net publisearre wurk foarlêze meije, dêr't de oanwêzigen dan ûngewosken krityk op leverje. De stoel dêr't de foarlêzer op sit, hjit yn it Gruppe-jargon ‘de elektryske stoel’. It iennichste korrektyf op dy krityk is, dat dy op syn bar ek wer oan fûle krityk út 'e gearkomste ûnderwurpen is. De krityk moat dus hout snije en yn in spitse foarm nei foaren brocht wurde. Reputaesjes wurde der net ûntsjoen, it is likefolle oft de foarsitter Hans Werner Richter of in bigjinneling
foarlêst. Om foarlêze to meijen moat men útnoege wurde. Der komt altyd in fêste kearn en der binne skriuwers dy't mar foar ien kear bean wurde. Oft men al of net wer frege wurdt, hinget net altyd fan 'e kwaliteit fan it foarlêzen ôf, mar mear noch fan it feit, oft men ‘hâlding’ hat, oft men neat fan de pine oan lange en gefoelige teannen skine lit. By al it chaotyske dat sa'n sitting krije kin, is de Gruppe 47 dochs de wichtichste faktor yn it Dútske literaire libben fan nei de oarloch wurden.
Hwat ik nou leafst wolle soe, is, de Fryske skriuwers en kritisi dy't genôch nocht oan soks hawwe, gear to bringen op in lang wykein, ien of twa kear jiers, op in plak as it koöperaesjesintrum yn 't Oranjewâld of in oare oarde dêr't men gjin mot om 'e teannen hat en dan in programma ôfwurkje, dat in kombinaesje fan it niisneamde kongres en in foarlêzerij mei efternei frij praten as by de Gruppe 47 wêze soe. Sokke sittingen hoege it idé fan leargongen net oerstallich to meitsjen. It iene soe krekt oarsom it oare fuortsterkje.
Ik wit ek wol, dat it alderearst op talint en geastlik gehalte oankomt, mar dêr haw ik net iens sa folle noed mei. Hwer't it by is op fêst sit, is earder de artistike bihearsking en in oandoaren fan de greate greep. En nochris: oer de middels ta forbettering soe ik leafst in petear ha wolle.
Y. POORTINGA
| |
II
1. | Tous les genres sont bons, hors le genre ennuyeux (Voltaire). |
2. | Hwat forfeelsum is wurdt net yn it foarste plak biskaet troch technyk en styl, mar troch de ynhâld. |
3. | Hwat dat oangiet hawwe journalisten en psychologen de tradisionéle romanskriuwer út it sté krongen. |
| |
| |
4. | Epyske biskriuwing en psychologyske ûntjowing romje as ynhâld it plak foar ethyske projeksje. |
5. | Lyk op hjirmei wurdt de auteur as yllusionist forkrongen troch de auteur as experimintator en demonstrator. |
6. | Bihalven troch de ynhâld wurdt de technyske frijheit biskaet troch de tanimmende needsaek nijsgjirrich en ûnderhâldend to wêzen. |
7. | Njonken de ethyske roman komme der greatere kânsen foar it tsjinoerstelde: it mearke, dat de ôfwêzichheit fan ethyk bitsjut. Beide soarten kondisionnearje elkoar: de earste jowt de technyske mooglikheden foar de oare; de twade de materiéle bitingsten foar de earste soarte. |
Hwa't wolris mei Lokale Skiednis to set west hat, sil faeks deselde erfaring trochmakke hawwe, dy't ik gauris ha as ik my nei it forline oerbûgje. In dûbelslachtich, paradoksaal gefoel dat men de hân mar hoecht út to stekken om it to birikken en tagelyk de folsleine ûnmooglikens dêrfan: in witten to stean foar in net to bifiemjen ôfstân. Men is to let foar de boat, sa liket it wol, dy is krakt los fan 'e kant - men soe him binei oanreitsje kinne, mar likegoed is er fuort - it is ûnmooglik oan board to kommen. Lit my noch even op dit farrend kongres by it wetter bliuwe. Wy steane oan it strân en dêrre, deun by yn de branning dêr driuwt hwat, in fet - miskien in fat wyn, of der forsûpt ien, dat is my likefolle hwat dit byld oangiet. It is deun by, mar wy kinne der net bykomme, de stream is to sterk, it wetter to djip. Mar wy binne mei-elkoar en hwat dogge wy? Wy foarmje in keatling, wy jowe inoar de hân - ien, twa, trije... fuort mar, tweintich man op t lêst. Dat is to dwaen en nou kinne wy it fet of de drinkeling bineikomme en oan 'e kant bringe. Tweintich man is net folle - dy kin men kenne - dêr kin men in soad fan witte - fan har libbensbysûnderheden kin men op 'e hichte wêze. Ek as hja nouris net byinoar binne. En dat binne ús foarâlden nou ienris net... Troch de ieuwen hinne hawwe der lju west dy't tachtich, njoggentich jier âld waerden, mar lit ús dat sels mar forjitte en sizze dat de perioade dat it iene geslacht opfolge wurdt troch it oare gemiddeld 25 jier is, dan komt men mei tweintich man dochs alteast in fiifhûndert jier tobek - mar dat kin ek maklik 20 × 50 = 1000 jier wêze. Men kin har suver de hân jaen oer fiifhûndert jier hinne, net rjochtstreeks, mar wol troch dat keatling. Lykwols, dat is théory, dat is skyn, dat is net wier. Op 'en bêsten witte
wy noch hwat fan ús pake en beppe en dan noch net ienris hwat
| |
| |
wy graech witte woene. Krekt as wy it graech freegje woene, is de goede man forstoarn, mar hy hie ús nei alle wierskyn ek net fierder bringe kinnen, hwant krekt doe't hy somlike dingen oan syn pake freegje soe, wie dy wei. Hwat sa maklik koe - set it liket - bart nea: hwat wy rjochtstreeks, troch mounling trochjaen fan it forline witte, is in biroerd lyts bytsje.
En dochs, it is sa deun by. As wy dat ynsjogge, dan sjogge wy ek hoe forskuorrend rêd de wrâld foroaret. De minsken dus ek, foarsafier't hja ûnderdiel binne fan de wrâld, mar yn wêzen kinne se oer lytse ôfstannen fan siz 500 jier, 1000 jier skraech foroare wêze. Dr. Obe Postma het yn in wrâld libbe dy't folslein forline tiid is, net efterhelber, skiednis. Hy het in tiid kend sûnder auto's, sûnder fleanmesinen, sûnder radio. Mar hy het ek de wrâld kend mei televisy en romtefeart, mei kunstmoannen en A.O.W. en flatwenningen. Doe't hy to wrâld kaem, wie krekt offisieel troch ús regear - dêr't wy it mar komselden mei lykje to treffen - de slavernij ôfskaft. De rêddens fan de foroaringen yn 'e wrâld wurdt smiten op de technyk en dan tinkt men foaral oan de théoretyske natueren skiekunde. Mar de ûntjowing fan de ôfsûnderlike wittenskiplike techniken en disciplines is mooglik makke troch de greate útfining op 'e helte fan de fyftjinde ieu: dy fan de boekprinterij. De boekdrukkunst (dat lêste mei rjocht) de ars artium omnium conservatrix - hat de mooglikheit jown om mear en makliker troch to jaen as earder. De útfining fan it skrift hie al gâns to bitsjutten, mar dat waerd mei de kunst fan printsjen oanfolle en folmâkke. Radio en tv, hoe wichtich ek as massakommunikaesjemiddels, kinne fan fierren net helje by de bitsjutting fan de boekdrukkunst. Alles en iderien skriuwt tsjintwurdich, printet, jowt út, bringt printe letters yn 'e wrâld.
Dy wrâld wrakselet op 't heden mej de opjefte dy stjalprein fan printe wurden baes to bliuwen - it weardefolle to skieden fan it weardeleaze, it nije en wichtige fan it oerstallige en forkearde. De tiid dat al it witten gearfandele wurde koe yn ien greate útjefte lykas Diderot en d'Alembert en har maten noch drystwej opsetten, leit fier efter ús. Us hjoeddeiske ensyklopedyen binne oars fan opset en sels de leek fielt har ûnfolsleinens. Diel-ensyklopedyen, dy't in part fan it witten biskriuwe: ensyklopedy foar skiednis, foar it rjocht, foar de pedagogyk, foar de biology, foar de géografy, diele yn itselde lot fan de greate broers, nammentlik: ûnfolslein to bliuwen. En in wurk as de Fryske Ensyklopedy is der al net better oan
| |
| |
ta. Al spylje hjirre, lyk as mei oare útjeften, ek ekonomyske fraechstikken mei ûnder, likegoed freget sa'n ensyklopedy om in gearfetsjend skiednisboek oer Fryslân, om in kompendium oer de plaknammen en alderhande gearfetsjende boeken mear. Om't ús witten forsille leit yn tûzenen boeken, mar ek boekjes, tydskriften en kranten. De kranten, in wichtige skiednisboarne eartiids, litte ús it probleem folslein sjen. Hwat hat de histoarjebioefener noch oan de miljoenen kranten dy't er net baes kin. It is in mar à boire, dêr't er hopeleas yn forsûpe moat.
Njonken de printe stikken is der in noch folle biroerder soarte - dat binne de stensille stikken, dêr't elts buro, elts bidriuw, elts bistjûrslichem mei oanklaud sit. Siz, E.E.G. bygelyks en dêr rite tuorren fan boeken en bergen fan stensille rapporten en memoranda op. Systemen, knipseltsjinsten, ekserpten, parsetsjinsten, fortaelmasinen, fan alles komt der oan to pas om alteast in part fan it printe wurd tagonklik to meitsjen foar hwa't der bilang by hawwe. En yn sa'n wrâld moat ik prate oer de takomst fan de roman.
Hat it noch wol doel, sa soe in skriuwer him ûntmoedige ôffreegje kinne, om oan al dat printe spul noch mar in bledkant ta to foegjen? Hawwe de minsken, de lêzers it al net fierstento drok mei de karyatiden fan printe papieren baes to bliuwen, dy't der binne en dy't der noch needsaeklik bykomme? Mar in oar sil sizze, dat der dochs noch hieltyd romans forskine en dus blykber lêzen wurde, hwant ús útjowers meije minskefreonen wêze, hja binne sels ek minsken en hja moatte fan har arbeid yn libben bliuwe. Mar de earste sil der op wize dat de omgongsfaesje - wurd fan de tûke tinkey H.K. Schippers - fan it boek greater wurden is: dat in nije roman in tige koart libben hat: ear't de lêste resinsje der is, keapet net ien it boek mear - it moat yn de earste trije moanne útforkoft wêze, oars kin men de brot wol nei De Slegte bringe. De man hat gelyk - sa is it. Mar dat hoecht op himseis net in situaesje to wêzen dy't jin binearet. Men moat der oan wenne, dat is wier, en somliken giet dat net sa maklik ôf. Lykwols, hwat foar boeken jildt, dat jildt ek foar alle oar guod dat yn 'e maetskippij omgiet. ‘Economy of waste’ hat in Amerikaen dat neamd, ekonomy fan 'e forspilling. Eartiids hiene wy noch dingen foar it libben. Meubilair túgden de lju mar ienris oan, mar hwa minske tinkt der nou sa oer? In horloazje wie foar it libben en men hoegde noch net sa botte âld to wêzen en men koe in winterjas
| |
| |
keapje - foar it libben dy kears. Doe't de auto krekt opkaem, wie dy ek foar it libben - nou moat er leafst yn trije jier ôfskreaun wurde. En forlykje de antike folpinne mei de hjoeddeiske kûgelpuntpinnen. Guod dat eartiids kapitaelguod wie is nou konsumpsjeartikel. Hwat wy ús wolfeart neame is foaral in forhege konsumpsje. It is dúdlik dat ek it boek, ek de roman, mei moat yn dizze ûntjowing. Dat dócht it boek ek. Lykas wy sein hawwe, de omgongsfaesje is greater wurden, njonken it boek foar de boekekast en de partikuliere bibliotheek forskynt it pocketboek, dat troch ús gewoantefoarming noch faken bihannele wurdt as in stikje kapitaelguod, mar dat winliken konsumpsjeartikel is. It kostet minder as in nûmer fan in bihoarlik tydskrift - dat neffens gewoante folle mear as inkeld foar de konsumpsje biskôge wurdt - it kostet mar justjes mear as in pakje sigaretten. Tink ek even oan de radio en de tv yn dit forbân - de programma's binne folslein konsumpsjeartikel - opgarjen, kapitaelfoarming is der net by.
Tsjin dy eftergroun woe ik prate oer de takomst fan de Fryske roman en om't ik graech meidwaen mei, soe ik leafst mei hwat nijs foar de konsumpsje komme. Spitigernoch kin ik myn mieningen noch net as in jaske, dat oars noch goed is mar hwat âldwrâldsk driget to wurden, oan 'e kant smite. By it neilêzen fan hwat ik yn augustus '59 yn De Tsjerne skreaun haw ûnder de titel Modern proaza, wie ik it hieltiten noch mei mysels iens. Somlike dingen kin men better skriuwe as bistammerje en dêrom woe ik dochs de gedachtegong yn dat stik net alhiel folgje, mar der in mannich punten útnimme.
Yn dat Tsjerne-artikel haw ik skreaun: de romanskriuwer is by âlds de birjochtjower en dêrby hieltyd mear, om op de fragen fan syn auditoarium anderje to kinnen, psycholooch. Op beide gebieten is er ûnttroane. De birjochtjower fan de moderne tiid hjit journalist en dy hat boppedat it foardiel fan de aktualiteit. De hurdst skriuwende romancier, stipe fan de hastichste útjower, kin dat net byfytse. Ien nûmer fan de âld Ljouwerter bifettet mear nijsgjirrige stoffe as yn in hiel soad romans kin. De taek, sa konkludearre ik, fan 'e romanskriuwer as ynformator oer de wrâld om ús hinne, hat ôfdien.
Mar de skriuwer hie ek in monopoalje op it mêd fan de psychology, dat er lykwols ek kwytrekke is. Ut de filosofy hat him de psychology losmakke en de lêste fyftich jier hat de djiptepsychology in machtige flecht nommen. De skriuwer hat fan datoangeande gjin boadskip mear. De skriuwer is der om it nije en aparte to sizzen en der falt neat to sizzen - hy
| |
| |
is gjin fakman genôch en it aparte is net apart mear.
Mar dy situaesje is krekt it aparte en dêr moat er oer fortelle. Net oer de empiryske minske út uterlike oanskôging en inerlik neifielen moat er it hawwe, mar oer it wêzen dêrefter. It giet langer net om it mechanisme fan de minsklike siele en de saneamde ‘geheime roerselen’, mar om it wêzen fan de minske as minske. Net om syn psyche giet it, mar om syn moraliteit, om syn frijheit, om syn persoan. Minske wêze bitsjut in eigen hâlding; eigen, dat wol sizze frijheit; hâlding, dat wol sizze moraliteit, ethyk. Hwer't wy ek komme as minske, wy binne de oare, hwant wy binne ússels, dat wol sizze: wy moatte ússels hieltyd as ússels ûntwerpe, projektearje - ús eigen hâlding oannimme. De minske is in stilearring fan himsels. De fraech riist, hwat der stilearre wurdt, hwat ús minsklikheit bitsjut bûten dy stilearring, dat is bûten de ethyk om.
Dat binne fragen dy't de ein fan de tradisionéle roman ús opjowt en dy't it bigjin fan de takomstroman markearje. Fragen dy't de romanskriuwer likemin bianderje kin as hwa oars ek, mar dêr't er yn frijheit doemd is in andert op to sykjen. Dat ferget him op tinken, net samar mei syn rasioneel forstân, mar mei al syn fakulteiten, mei syn hiele wêzen, syn wêzen fan minske en kunstner. Hy is net yn it foarste plak de birjochtjower of de ûntleder fan sieleroersels, mar hy projektearret, hy skept. Hy makket in essay, hy is dwaende mei in bisykjen, in eksperimint en hy hat dêrfoar nedich de roman, dy't útsprekt hwat oars gjin stal krije kin.
It giet om de hâlding, om de stilearring fan de minske, dy't nedich is om as minske bistean to kinnen, njonken en tusken oaren. Dat wol sizze, it giet om ethyske bigjinsels, dy't it meast wêzenlik binne, net inkeld foar de mienskip, mar ek foar de yndividuën dy't sa'n mienskip foarmje. Ik kies ethysk en ethyk boppe moreel en morael omdat de lêste bigripen gauris brûkt wurde foar in feitlik gehiel fan noarmen, wylst it hjirre, nou, yn de neiste takomst foaral, giet om frijheit boppe feitlikheit; om projeksje boppe ûntjowing. Dat de ethyske hâlding fan de minske, syn moréle biwoarteling it wêzenlike is, hiene wy ek leare kinnen fan de lokale histoarikus dy't ik yn it bigjin op it toaniel brocht. Wy seagen dat de foarâlden, dy't sa ticht by ús steane, mar sa'n bytsje trochjown hawwe oan feitlike birjochten. Blykber dogge dy der net sa'n soad ta en de romanskriuwer hoecht it net to muoijen dat er ôfdien hat as birjochtjower. Hwat ús al oerlevers is troch ús foarâlden dat is hwat moréle wysheit,
| |
| |
dy't yn 'e tael opsluten leit yn de foarm fan sprekwurden, dy't ús hwat leare oer hâlden en dragen. En op Skylge, dêr't ik nou ienris m y n wysheit wei haw, binne dat bygelyks de alâlde foarskriften foar de boereorganisaesje, foarskriften fan moréle aerd, dy't leare hoe't men as mienskip bistean kin.
En om de tiid, en om't ik oars op it mêd fan de hear Klaas de Wit kom, sil ik net tofolle sizze oer de foarm fan de nije roman. Allinne dit: om't it him to rêdden is om ethyske oangelegenheden hoecht de skriuwer net de âlde yllusionist to wêzen, mar is er mear de demonstrator. Dat bitsjut dat er net stiif foar it buordtsje stean bliuwt, mar dat er folle mear frij hat. Hy kin oanwize, om syn preparaten hinne rinne, sjen litte hwat er docht en hwerom't er it docht.
Troch dit greate frij, kin er ek makliker nijsgjirrich en ûnderhâldend wêze. Dat moat er ek, om't er dochs - al wol er dat winliken net - konkurrearje moat mei dy hiele stream fan printe wurden dêr't wy it yn it bigjin oer hiene. Dy frijheit is nammers net samar in tafalder, mar heart by syn wêzen fan modern romancier, in frijheit dy't safier gean kin, dat men ek ôfsjocht fan eleminten dy't normaelwei konstituearjend binne foar ús waernimming, lykas romte en tiid - ik tink oan Hermans' De God denkbaar, denkbaar de God - of hweryn de wurklikheit fan de rasionaliteit dy't wy der gewoanwei ynlizze, frijbliuwt, lykas yn de ‘nouveau roman’.
Fierders wol ik hjiroer swije, mar noch al even sizze dat njonken de ethyske roman it mearke om mear as ien reden in plak hâlde sil. It mearke bitsjut neffens my de ôfwêzichheit fan alle ethyk - al liket dat oerflakkich wol oars. It liket wol oft krekt hjirre it yndividu yn saneamde eksistinsiéle situaesjes forkeart, dêr't er in útwei út sykje moat, dêr't er in kar dwaen moat. Dy kar is ûnderwerp fan gâns mearkes, dat is wier, mar it giet nea oer de kar fan in ‘sels’, fan in eigen wêzen as persoan. De helden út it mearke binne meastal domdryst of sels wol domhang, né it binne mear de dékors, dy't meispylje, de omstannichheden regelje har neffens it bihoef fan ús helden. It mearke is dan ek gjin delslach fan kollektyf biwustwêzen, mar fan kollektive ûnder- of ûnbiwitten forlangens, fan ‘wishful thinking’. In minske soe graech fleane wolle, yn it mearke kin er fleane; hy soe sa graech ryk wêze wolle - hy is it yn it mearke; hy wol as earm man in prinsesse ta wiif, hy wol dat de deugd bileanne wurdt, hy wol loai wêze, hy wol dat domme nommelens it wint fan yntelliginsje, macht en krêft; hy wol dat dier en ding klear steane foar him, lyts minske. Ik ken winliken mar ien
| |
| |
mearke dat ôfwykt fan dit patroan, nammentlik it mearke dat by Grimm Die Kluge Else hjit.
It mearke yn it algemien forskaft ús guodkeape bifrediging, dat net easket yn ûnmooglike omstannichheden ússels to kiezen, mar dat ússels fatael d y kar dwaen lit, dy't alle omstannichheden har flije lit nei hwat goed foar ús is. It moderne mearke fine wy yn Libelle en yn de saneamde folksroman likegoed as yn de detective story. Hwant de minske fan hjoed wol noch krekt sa guodkeap en út deselde needsaek as ús foarâlden, deselde dingen: wy wolle dat de tûke boerefeint trout mei de dochter fan de rike en stúmske boer, dat wy as ienfâldich kantoarfamke op reis mei de reisforiening in jonge of net iens mear sa jonge man moetsje, dy't letter bliken docht direkteur fan in fabryk to wêzen; wy wolle in forienfâldige wrâld dêr't moard en tsjeaverij yn bidreaun wurdt troch forkearde lju en it rjocht tûke tinkers oan syn side hat dy't, mei inkeld hast yntelliginsje en in mannich tafallige oanwizinkjes, de boel ta klearrichheit bringe. Wy wolle dat, nei't wy widner wurden binne en ús earme healweeskes winliken mar heal har gerak jaen kinne, it âlde buorfamke klearstiet, dat net troud is om't hja ús net forjitte koe; wy wolle dat de oare helte yn it houlik him of har bikeart ta it wiere (d.i. ús) leauwe. Wy wolle sa'n soad en dat komt allegearre yn boeken dy't der inkeld binne foar de konsumpsje en dy't nea de wearde fan kapitael hawwe sille. Mar krekt om't it konsumpsjeguod is moat it mei yn de stream fan de tiid - dy't hoe dan ek makke wurdt troch en biynfloede fan hwat âl literatuer, hwat âl kapitael is. Technysk (yn wide sin) sil dit spul farre yn it sok fan hwat oan de - lit my mar sizze - ethyske roman oan fornijing, oan eksperiminten en mooglikheden meijown wurdt.
It is leau ik ek nedich dat dizze romans der binne: hja meitsje it mooglik dat der ek oar wurk forskine kin, wurk dat mear is as inkeld konsumpsjeartikel. De hichtepunten kinne inkeld bistean yn in lânskip mei gâns leechlan mei inkelde hulten en bulten. De hichte hat forlet fan it leechlân as forsoargingsgebiet, it front fan it efterlân. Der moat ek soarge wurde foar de forbiningen, foar kommunikaesje en oan- en ôffier.
De dwile hichte op harsels is ûnleefber, mar it is foar guon, foar party lju in great geniet om nou en dan út it wide leechlân wei de inkelde hulten en bulten, de hichtepunten baes to wurden.
JO SMIT
| |
| |
| |
III
1. | De tradisionéle psychologyske roman is dearoun op in jimmeroan djipper wurdende spjalt tusken foarm (technyk) en ynhâld; men soe ek sizze kinne: tusken de ús jimmeroan skerper foar eagen steande réaliteit en de roman-yllúzje. |
2. | Op siik nei in ‘reëlere psychyske réaliteit’ hat him in biskriuwingstechnyk ûntwikkele hwerby de auteur ôfsjocht fan syn rjocht op alwittendheit en fan ienich moreel of yntellektueel foaroardiel foar syn romanfigueren oer. (Forg. de fenomenologyske methoade yn de filosofy). Tsjinoer de âlde eksplisite technyk kin men dizze biskriuwingswize implisyt neame. |
3. | Dizze technyk hat yn gearhing mei de bihoefte oan fierdere eksploraesje fan it bûtenwenstige, fan it yndividu yn de grinssituaesjes, laet ta in romankunst fan it ‘psychysk momint’ (Wadman), hwerby it epysk prinsipe fakernôch folslein opjown wurdt (de him logysk en chronologysk ûntjaende intrige, dúdlike polariteit fan karakters, hiërarchy fan ‘bilangryk’ en ‘ûnbilangryk’). |
4. | Epysk prinsipe en psychysk momint hoege net perfoarst sjoen to wurden as elkoar útslutende kategoryen; it is mear in fraech fan prioriteit, binammen foar de Fryske roman. |
In pear eksperiminten yn de westerske roman nei 1920 om to bisykjen it âlde epysk prinsipe, alteast foar in part, to forfangen:
a. | De mythe as ûnderbou: (Jo Smit: moraliteit; forgelykje ek it saneamde magysk réalisme), Joyce, Kafka, Böll, Claus ensfh. |
b. | De autobiografy ‘sûnder figeblêd’: Henry Miller, Céline, Kerouac, G.K. van het Reve. |
c. | De ‘nouveau roman’ yn Frankryk: (in strikte ûnthâlding fan alles hwat him net as feitlik, sintúchlik waernimber fêststelle lit), Robbe-Grillet (film: Marienbad), Michel Butor, Nathalie Barraute. |
‘De kunstner bliuwt, lykas de God fan de skepping, binnen of bûten of foarby of boppe it wurk fan syn hannen, ûnsichtber, út it bistean wei “raffinearre”, ûnforskillich, dwaende syn neils to knippen.’
James Joyce, ‘A portrait of the artist as a young man’.
| |
[pagina t.o. 408]
[p. t.o. 408] | |
KLAAS DE WIT
Nederlânsk romanskriuwer, berne 1925
| |
| |
‘Dizze romans sille hwat langer hwat mear wykje moatte foar deiboeken en autobiografyen - boeken dy't jin meinimme, as de auteur der mar weet fan hat hoe to kiezen tusken hwat er syn ûnderfining neamt en hwat werklik syn ûnderfining is, en hoe't er dit nei wierheit fêstlizze sil.’
Motto op it skutblêd fan Henry Millers ‘Tropic of cancer’, ûntliend oan Ralph Waldo Emerson.
‘...it kontakt mei de dingen werombringe, de antropomorfe eleminten útskeakelje...’
J.P. Sartre oer de ‘Nouveau roman’.
Yn dit essay sil it net sasear gean oer de ûnderskate foarmeksperiminten dêr't de moderne romanskriuwer him oan oerleveret, as wol oer in soarte fan mienskiplike mentaliteit dêr't al dy eksperiminten, alhoe forskillend se ek útfalle meije, út to forklearjen binne. De oanlieding foar dit ûndersyk wie in polemyk mei Anne Wadman yn syn ienmanstiidskrift De Teannewâdder oer syn roman De Oerwinning fan Bjinse Houtsma. Wy kamen dêryn ta de konklúzje dat der in opfallend forskil bistiet tusken de generaesje fan foar en fan nei 1920. Ik wie earst fan bitinken dat dit boppe-al in forskil wie yn technyk, yn suver stylkundich opsicht dus. Underwilens bin ik lykwols hwat langer hwat mear ta de oertsjûging kommen, dat it folle mear in saek is fan mentaliteit, fan attitude. Dit is minder in wierheit as in kou, wol ik leauwe, as it op it each wol liket. Foarm en technyk yn de kunst hawwe altiten, alteast oan it bigjin fan dizze ieu ta, folle mear bipaeld west troch tradisionéle faktoaren as troch de persoanlike ynstelling fan de kunstner. It is binammen de meast opfallende trek fan de moderne kunst dat de makker syn persoanlikheit, syn originaliteit dus, net allinne yn de ynhâld mar ek - en miskien wol it aldermeast - yn de foarm, yn de technyk, réalisearje wol. Dat dit yn it bysûnder foar de roman, hwerby't de foarm dochs fan âlds fierwei sekundair wie forgelike mei de ynhâld, revolusionaire gefolgen meibringe moast, is sûnder mear dúdlik.
Hoe soe men nou dy revolusionaire mentaliteitsforoaring yn de romankunst op 'en bêsten karakterisearje kinne? Wy kinne hjir, tinkt my, mei goed gefolch in forgeliking meitsje mei de fenomenologyske methode fan biskriuwing, dy't op it hiele mêd fan de geasteswittenskippen sa'n djippe ynfloed krige hat. Myn (amerikaensk) wurdboek jowt de folgjende definysje fan de
| |
| |
fenomenologyske skoalle: ‘school which stresses the careful description of phenomena in all domains of experience without regard to traditional epistemological questions.’ De Encyclopedia Brittanica fettet it op dizze wize gear: ‘(1) systematic and radical ‘epochê’ (d.w.s. ûnthâlding) of every objectifying ‘position’ in an experience, practised both upon the regard of particular objects and upon the entire attitude of the mind; (2) expert recognitien, comprehension and description of the manifold ‘appearances’ of what are no longer ‘objects’, but ‘unities of sence’. Oerset en koartsein dus dit: de fenomenologyske methoade bistiet út: (1) in strikte ûnthâlding fan it ynnimmen fan hokfoar objektivearjende posysje, wylst men dwaende is mei in waernimming of ûnderfining, en (2) in sa kundich mooglike, intuïtyf-oanfielde biskriuwing fan hwat nou net langer in objekt is (dus autonoom bûten de waernimmer bisteande), mar in gefoelsienheit (dus binnen de waernimmer). As men dizze stellingen ris even forgeliket mei de sitaten oan it bigjin fan dit artikel, dan sil it sûnder mis dúdlik wêze dat hjir treffende punten fan oerienkomst oanwêzich binne. Yn myn petear mei Wadman brûkte ik foar de út dizze mentaliteit fuortkommende biskriuwingswize de term implisyt, yn tsjinstelling ta de meast eksplisite wurkwize, dêr't de romanskriuwer fan âlds syn materiael op bineikaem.
Op dit stuit is it miskien gaedlik en jow earst in mannich konkrete foarbylden fan beide ‘mentaliteiten’.
Al dy fragen stelde de stêdsarchivaris Mensonides himsels doe't syn freon, Arjen Smeding, de learaer wiskunde oan 'e famkes-h.b.s., ûnforwachts troude mei de gâns jongere laborante fan de keuringstsjinst, juffer T. Feitsma, in skoalmasters dochter út 'e Wâlden...
Dit is in biskriuwing, sa't men dat yn elk krantebirjocht tsjinkomme koe, ek yn in roman fan sa'n hûndert jier forlyn. Typysk eksplisyt is hjir de opsomming fan feiten dy't yn gjin inkel forbân steane ta hwat der op it momint fan de biskriuwing yn it forhael bart. De implisyt wurkjende auteur soe dit feite-materiael - as er it al bilangryk genôch fynt, hwêr't in goeden kâns op is fan net - folle hoedenar en ekonomysker fordiele op plakken dêr't it in aktive funksje ha soe, plakken dêr't it situasioneel wie, d.w.s. ta in evidint forskynsel wurden is yn it tinken en dwaen fan de romanfiguer. In meidieling lykas: ‘It wie 80 graden yn it skaed doe't Jimmy út 'e trein stapte’ is eksplisyt om't er bûten it objekt (Jimmy) om dien wurdt. Mar it is gjin leagen, it is gjin ‘hineininterpretieren’ fan in réaliteit. Hiel oars is it fansels mei in meidieling fan dit soarte:
| |
| |
‘It stasjon wie tryst en like wol in foarportael fan de hel doe't Jimmy út 'e trein stapte’. Hjir binne de antropomorfe eleminten folop aktyf, sûnder dat dy op ien of oare manear oan it objekt ‘wier’ makke wurde. Sels in tafoeging as ‘tocht er’ of ‘sei er by himsels’ soe hjir neat oan foroarje.
Lit ús nou mei in konkreet foarbyld neigean hoe't in implisyt to wurk geard skriuwer in figuer yntrodusearret, in situaesje werjowt. It earste fragmint is it bigjin fan de roman Rolien en Ralien fan Josepha Mendels. Dit forhael wurdt yn syn gehiel biskreaun troch de eagen fan in famke yn de puberteit. It is in prachtig foarbyld fan hwat der mei in implisite technyk to birikken is sûnder ta alderhande ‘frjemde’ eksperiminten to forfallen. Op de earste side fan it boek wurdt de heit-figuer sa oan ús foarsteld (of better sein: wurdt it famke harsels op dizze manear fan har heit biwust):
In zijn rechter vestjezak steekt een stalen kam. Zes puntige tanden met stofmuurtjes ertussen, alle zes zijn steeds zichtbaar. Wanneer hij zich bij toeval overdag kamt, valt er een regen van baby-sneeuwvlokjes op kraag, rug en schouders van zijn zwarte jasje. Gaat hij uit dan beweegt er automatisch een borstel op die kraag, rug en schouders; een vrouwenstem zingt de begeleiding.
Of hjirre, in fragmint út Jan Wolkers syn forhael Gevederde Vrienden:
Herbert staat voor het beslagen raam van zijn apartement op de vijfde verdieping. Met de handen in de zakken luistert hij naar de suizingen in zijn oren. Ik sta er niet best voor, denkt hij, ik ben ten dode opgeschreven, al kan het nog tien jaar duren. Nog tien jaar met Liesbeth. Wat een ellende. (Oant saffier is der, bihalven de nou-tiid miskien, net safolle oan to wizen dat ôfwykt fan de tradisionéle eksplisite biskriuwing. Mar harkje fierder:) Het enige dat hij door het matte raam ziet is de knipperbol aan de overkant van de weg. Alsof hij op een hoge berg staat en een oranje volle maan, die net boven de horizon gekomen is, steeds even door snel zeilende wolken aan het oog onttrokken wordt... Hij haalt zijn hand uit zijn zak en met de vingers iets uitelkaar trekt hij lange gelijk lopende kurven door de vochtige raat, alsof hij door de lange haren van een vrouw streelt. De knipperbol komt op een paal van engels drop te staan, de vluchtheuvel wordt zichtbaar met zijn gele palen, waar een aniline-blauw licht in brandt.
In pear dingen sille hjir meiiens opfalle: de implisyt wurkjende auteur nimt it skynber ûnbilangrike, it oan de sintugen appellearjende detail foar kar, leaver as syn figueren to introdusearjen mei konkrete ynformaesje oer harren maetskiplike status, of mei wiidweidige analyses fan harren gefoelslibben;
| |
| |
der falt in foarkar to sjen foar it brûken fan de nou-tiid en fan de earste persoan; fakernôch giet de biskriuwing sûnder oankundiging oer fan de iene tiid op de oare, sawol as fan de iene persoan op de oare. Yn wêzen is elk forhael op dizze wize skreaun in forhael yn de earste persoan. It ‘ynlibjen’, it intuïtive oanfielen fan hwat de roman-figuer docht en ûnderfynt sil bitiden sa intens wêze dat it tradisionéle forskil tusken it ik- en it hy-forhael alhiel fordwynt, en de persoan suver in formeel punt wurden is. Yn it hy-forhael sille bg. de wenstige tafoegingen ‘tocht er’ ensfh. yn de monologue intérieur faeks ûntbrekke. Oarsom sil men yn it as ik-forhael bigoune relaes fakernôch passaezjes oantreffe dêr't de ik-figuer alhiel as in frjemd wêzen binadere wurdt. Dêrfandinne dat men yn safolle moderne autobiografyske romans elts bisykjen ta forklearring fan de dieden fan de sintrale figuer - ek en binammen fan de ûnsympathike dieden - misse sil. Alles wurdt sljochtwei biskreaun as in fenomeen, en de forklearring of de ûntskuldiging komt dan allinne yn oanmerking hwannear't ek dy ta ‘fenomeen’ (d.w.s. ta wurksum elemint yn it hiele barren) redusearre is. Dit lêste sil fansels mei it linkendewei smeller wurdende noarm-bisef fan de moderne minske inkeld yn it uterste gefal - de grins-situaesje - ûnûntkomber wêze. Sa moat men dan ek, tinkt my, de bihoefte forklearje dy't safolle hjoeddeiske romanciers sjen litte om har roman-figueren (en harsèls, hwat dat oanbilanget!) yn sa'n grins-situaesje to bringen. Allinne dêr sjocht er noch in kans ta to kommen oan de eksistinsiéle kar dy't him op de ien of oare wize yn syn minskewêzen bifêstigje moat.
Hwat is nou it gefolch fan dit alles foar de roman, as it literair produkt dêr't de gewoane boarger it measte mei to krijen hat? Dy roman, dy't dochs fan âlds rêst op in tal prinsipes dy't men meiinoar wol it ‘epysk kader’ neamt, en dy't miskien it bêste definïearre wurde kin as ‘in sa goed, dúdlik en boeijend mooglik skreaun forhael dêr't de minske himsels en syn evenminske yn werom fynt’. De negative konsekwinsjes fan dizze skriuwwize binne treflik biskreaun fan Anne Wadman yn tal fan bisprekken yn de Ljouwerter Krante, en binammen yn in pear artikels oer hwat hy neamt de ‘Kunst fan it Psychysk Momint’. Hy ûntlient dizze term oan in essay fan de Flaming Roggeman oer de moderne jazz. Roggeman stelt dêryn fêst dat, yn tsjinstelling ta de foaroarlochske jazz dy't syn ynspiraesje ûntliende oan de oer-groen fan syn afro-amerikaensk biwustwêzen, de moderne jazz-muzikus driuwe moat op de ynspiraesje fan syn eigen ‘psychysk momint’. De styl fan in trompettist as Miles
| |
| |
Davis wurdt karakterisearre as ‘in prosédé fan solitaire melodij-fragminten, op harsels driuwende eleminten op in sé fan stiltme: de ûnbigryplike, eksistinsiéle, absolute iensumheitssituaesje fan it hjoeddeiske fenotype’. Hwat hjir fan wêze mei kin ús hjir fierder kâld litte, mar de parallel dy't Wadman dêrnei lûkt mei in bipaeld segmint fan it hjoeddeiske proaza is namsto ynteressanter. Yn dit proaza - it giet û.o. om in forhalesamling fan Jan Wolkers en Hugo Claus syn roman De Verwondering - konstatearret hy in forheftigde konsintraesje op it nou-momint as in foarm fan protest tsjin de faeks binearjende horizontaal rjochte kontinuïteit fan de tradisionéle roman, tsjin it gauris muoisum birekkene spultsje fan spanning en ûntspanning, it oaninoar lymjen fan episodes en situaesjes troch middel fan fortelkunstige helpkonstruksjes - as protest en réaksje tsjin dit alles dus de hearskippij fan it nou - momint, it fertikale aksint. Fangefolgen sil der in stadichoan fierder gaande désintegraesje fan it bigryp roman to merkbiten wêze - de roman dy't dochs fan âlds yn termen fan in horizontael rjochte kontinuïteit, as in gehiel, sjoen plichte to wurden. Yn uterste gefallen, lykas yn it wurk fan immen as Bert Schierbeek, sil men in folslein útwiskjen fan de grinzen tusken proaza en poëzij waernimme; dêr ommers hawwe eksperimintéle taeleleminten it epysk kader kompleet forkrongen. Mar ek hwer dit (noch) net it gefal is, lykas by Claus, sille dochs troch in oermjittige konsintraesje op it nou-momint de grinzen fan it proaza faksearre wurde. Proaza implisearret dochs - alteast dat hat sûnt de oanfang fan de
skreaune-tael-tradysje sa west - in hiërarchy, in oarderjen dus fan bilangryk en ûnbilangryk. En krekt dêr lit it proaza fan it nou-momint ús sitte. De skriuwer nimt folle minder distânsje ta hwat der bart yn syn forhael (‘distânsje’ bitsjut hjir fansels dat de skriuwer gjin war docht to kommen ta in soarte fan objektivearring, ta ynterpretaesje); hy makket it forhael net, hy ûndergiet it, krûpt dêrefter wei; it fan binnenút bilibjen en oanfielen forlangt it diskursyf oarderjen fan 'e uterlike hanneling; útwindich en ynwindich barren forsmoare ta in ûnoersichtlike chaos.
Oant safier Wadman. It is net inkeld in analyse, it is ek in oanklacht. In oanklacht tsjin in type romanskriuwer dat syn lêzer yn 'e kjeld stean lit, noch slimmer: dy't skriuwt mei in souvereine lytsachting foar eltse foarm fan biwende kommunikaesje mei de lêzer. Hwat de analyse oanbilanget - dy is sa krakt, sa eksplisyt soe 'k hast sizze, as it mar wêze kin. Men hoecht der Mulisch' Voer voor Psychologen mar op nei
| |
| |
to lêzen. Ik soe allinne opmerke wolle dat men in tige subjektyf elemint ynfiert, hwannear't men sprekt fan ‘in hiërarchy fan bilangryk en ûnbilangryk’. In kritikus, dy't himsels biskôget as in eksponint fan de tradisionéle eksplisite biskriuwing, sil dizze termen fansels brûke fanút syn biwend tink-skema wei. It seit himsels dat in eksperiminteel auteur hjir gâns oare idéen het oer hwat bilangryk en hwat ûnbilangryk hjitte moat. Mar dat sydlings. Hwat de yn dizze analyse opsletten oanklacht oangiet - ek dy is krekt: it is wier dat dizze romankunst de lêzer min ofte mear yn 'e kjeld stean lit. Mar op it foarste plak kinne wy fêststelle dat dit opgiet foar frijwol alles hwat moderne kunst neamd wurdt, foar it skilderij likegoed as foar it gedicht, foar de muzyk likegoed as foar de skulptuer. De tiid dat der skilderijen makke weerden fan biddende boeren op it lân koorpleet mei in dy dochs al sa eksplisite ynhâld noch ris gearfetsjend ûnderskrift, dy tiid leit foargoed efter ús, en het ús inkeld yn it saneamde ‘sosialistysk réalisme’ en oar bazaer-wurk noch mei in pear oerwoune bern sitte litten. It seit himsels dat mei sa'n maksimum oan eksplisiteit de kommunikaesje mei de taskôger (c.q. lêzer) de koartste wei lâns ta stân komme sil. Mar hâldt dat ek yn dat dizze direkte foarm fan kommunikaesje maksimael is hwat yntinsiteit oanbilanget? It is myn ûnderfining dat de lju dy't sa'n skilderij oan 'e muorre hawwe dêr ornaris net folle bliken fan jowe. Mei de moderne implisite kunst komt de kommunikaesje nea op in direkte en nea op in maklike wize ta stân. Dit wurdt faeks sjoen en ûtlein - en frjemd genôch it aldermeast troch fortsjintwurdigers fan it marxistyske en it posityf kristlike kamp, de Krûsjtjofs en de Algra's, bien
étonnés ensfh. - as in misdiedich tokoart oan sosiale forantwurdlikens, in folslein bilies jaen troch de auteur foar hwat syn maetskiplike funksje oanbilanget. Foarsafier't it op in direkte ‘maklike’ kommunikaesje oankomt hawwe hja gelyk. Mar men kin dizze moderne ynterpretaesje-leaze kunst (of poly-ynterpretabel, dat komt op itselde del) mei likefolle rjocht sjen as in revolusionair demokratisearringsproses. Wie it eartiids sa, dat de kunstner mei in hast souvereine autoriteit syn eigen individuéle fisy oan de lêzer optwong, nou is it winliken sa, dat it kréative momint fan it kunstwurk nei de lêzer (taskôger, tahearder) forskoud is. De kunstner sels is fan it forheven fuotstik fan de demi-god omdel kommen en is wurden ta in gewoan ambachtsman, hwaens greatste ambysje it is syn ‘stiel’, syn technyk, sa goed mooglik to bihearskjen. Hy het ôfstân dien fan de greate alles-omfetsjende fisy, it op de ivichheit rjochte fisioen; hy
| |
| |
wol net mear wêze as in sa objektyf mooglik middeler tusken de réaliteit en syn net-skriuwende evenminske.
Hokfoar konklúzje kin men nou út dit alles lûke foar de Fryske roman? It is sûnder mear dúdlik dat de roman fan it Psychysk Momint, sa't Anne Wadman dy biskreaun hat yn syn meast absolute foarm, inkeld ornearre is foar de lêzer dy't mear as trochsneed folhâldend, ynteressearre en geastlik linich is; dat allinne dêrom al foar dit soarte romans yn in sa biheind en oer it generael noch frijhwat konservatyf kultuer-formidden as it Fryske to'n earsten mar in hiel lyts plakje - ‘if at all’ - wêze sil. Wol dat dan sizze dat de Fryske roman mar rêstich trochskolperje moat yn it biwende streambêd? Perfoarst net. Sawol hwat ynhâld as hwat foarm oanbilanget bliuwt der genôch rûmte to lavearjen sûnder nou fuortendaliks yn it eachweidleaze somplân fan it Psychysk Momint forsyld to reitsjen. It sil foar de Fryske romancier saek wêze, wol er it momint dat syn potinsieel publyk (binammen de jongerein) syn boeken ûnforkoft lit, safier mooglik opskouwe, en gean eklektysk to wurk; d.w.s. fordjipje him sa folle mooglik yn hwat Nederlânske en oarstalige kollega's birikke, c.q. bisykje to birikken op it mêd fan eksperiminten mei tael en komposysje. Ek al soe dit net meiiens liede ta in neidwaen fan dy eksperiminten - dat soe net iens winsklik wêze - it kin dochs net oars of eat fan de mentaliteit dêr't ik hjirboppe op tsjutte, sil op him oergean. En al soe dit inkeld liede ta in greater bigryp foar taelekonomy, ta in hwat greater gefoelichheit foar hwat klichémjittich en kitsch is (hoefolle leit it trochsneed proaza hjir noch efter op ek de meast midsmjittige poëzij?), dan noch soe de winst 100% wêze. Foar de rest sil it, nettsjinsteande alles hwat hjirboppe sein waerd, wol dúdlik wêze dat der gjin sprake fan wêze kin en forklearje de implisite biskriuwing
ta ‘allinnesillichmeitsjend’. Oan 'e iene kant binne eksplisyt en implisyt gjin mekoar útslutende kategoryen; it is folle mear in kwesje fan prioriteit, fan mentaliteit, sa't ik al sein haw. Oan 'e oare kant moat der fêststeld wurde dat der altiten in wiid fjild oerbliuwe sil foar it yn de tradisionéle styl skreaune forhael. Tink allinne mar oan it mearke, oan de satire, oan it ironisearjende forslach. Irony is ommers identyk mei objektivearring, relativearring, iensidige ynterpretaesje, of hoe't men it ek neame wol, yn elts gefal it tsjinoerstelde fan hwat mei in implisite biskriuwing to birikken is. Ek de histoaryske roman - foarsafier't dy noch takomst hat, hwat men fansels bitwivelje kin - sil altyd forlet hawwe fan de yn de eksplisite biskriuwing bisletten eigenskippen.
| |
| |
It is sels mooglik en hâld út dat it tij fan it eksperimintéle proaza al wer oan it forrinnen is. Binammen yn de angelsaksyske lannen liket der, útsein by de neiteam fan Kerouac, mar in lyts bytsje fan oer to wêzen. De ‘nouveau roman’ yn Frankryk hat dan wol it fiat fan de greate kritisi, folle ûnthjit foar de takomst hat safier't ik sjen kin noch nimmen der yn sjoen. Yn it Nederlânske taelgebiet liket it bleate eksperimint hwat langer hwat mear biheind ta de Flaemske auteurs (Raes, Claus). Skriuwers lykas W.F. Hermans en G.K. van het Reve hawwe elts biwust eksperimint efter har litten. Hwêr't dit ek op útrinne mei, ien ding kinne wy tinkt my wol wis fan wêze: de nije mentaliteit is ‘here to stay’, en allinne yn dit teken is der noch in takomst foar de roman as eksploraesje-medium fan de minsklike situaesje. Ik hoopje dat de Fryske roman-skriuwers my har réaksjes op dit artikel net bisparje wolle!
KLAAS DE WIT
|
|