Sjoerd Leiker:
Geroft en gewelt
Nei oanlieding fan De Smearlappen (boereroman), Anne Wadman. Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V., Drachten, 1963.
Stephen Spender fortelt yn syn autobiografy World within world (1951) dat syn freon de dichter W.H. Auden fan in dokter de rie krige om sa min mûglik to rinnen. De réaksje fan Auden wie nijsgjirrich. Hy bigoun fuortendaliks mei ‘thirty-mile walks’. Auden hie himsels dus in oare rie jown en dat leit, tinkt my, suver hast yn it aerd fan it moderne dichterskip, dat protestearjend en tsjin 'e tried warber is yn 'e wrâld.
It siket om de kwelling, om de iensidichheit en ‘hoe mear as de iensidichheit in twangkarakter kriget, hoe mear demonysk de iensidichheit is’ neffens Jung, en hoe twingender it karakter is fan it kunstwurk, sa kin der oan taheakke wurde. De kunst is, sa bisjoen in oanberne drift, dy't bisit nimt fan de dichter, dy't him ta ynstrumint makket.
‘Dichtung ist Krankheit’, sei Franz Kafka. It is der sa mei gesteld dat it delbêdzjen fan 'e koarts jin net soun makket. Krekt oarsom. ‘Die Glut reinigt und leuchtet’.
It is dizze gloede, dy't jin tomjitte slacht út De smearlappen fan Anne Wadman. In dichterlike gloede, in bisetenheit, in demony, in suver barbaerske iensidichheit, dêr't it ynstinkt, it orgaen fan it doeltreffend dwaen en litten oan kapot giet.
De smearlappen is as roman skreaun yn ien woeste hael. Ek sûnder dat de skriuwer meidielt op 'e ein dat ‘de bycht’ fan Eelkje skreaun is fan 4 oant 8 augustus 1963, is it de lêzer wol dúdlik dat hjir in stik kréative koarts efter sit, sa't dy yn gjin inkeld oar wurkstik fan Wadman ta utering kommen is. Fioele en faem kin men noch dreameftich neame, Hoe moat dat nou, Marijke en De oerwinning fan Bjinse Houtsma fingeroefeningen, de krektforskynde roman De smearlappen triuwt alle gefoel foar bitreklikheit, de essayist en kritikus Wadman sa eigen, oan 'e kant en kringt alles meislepend troch nei gebieten fan de siel, dêr't it forstân neat mear to sizzen hat. It forhael fan Eelkje is it forhael fan de oermacht en foar de skriuwer grif de erfaring fan in oermachtige ynspiraesje, dy't him de demonyske kant oer swypke.
De forteller Wadman, it relaes jaende fan Eelkje en har smearlappen, is op sleep nommen troch it relaes, troch ‘de