| |
| |
| |
[Nummer 9]
Anne Jousma:
De wale fan Maja
Hwerom?
Hwerom wolle hja wol leauwe
dy't gjinien him bigripe kin
Hwerom wolle hja dy fjirde diminsje
wol brûke as wurkhypothese
by har ûnneispeurlike knappe
hyperyntelliginte tinzespinsels
en net leauwe, dat wy wetten
wôl ûndergeane, mar net sjogge?
útdinend, útienspattend hielal
en rekkenje - ûnfoarstelber -
mei miljarden fan ûnfoarstelbre
ûnmjitlike ljochtjierren,
en sjogge hja it sykheljen fan Brahma net,
dêr't wrâlden yn rize en stjerre?
Hwerom wolle hja wol - ja wierliken -
it bistean oannimme fan in spegelwrâld,
mar laitsje hja om de demonen
antigeasten, antiminsken miskien,
Hwerom harkje hja graech, as immen
wer in nije hyperfornimstige
wiskundige forgeliking opstelt
oer de bou fan de stof en de kosmos,
iverich eigen skerp forstân
slypjend yn skerpe diskusje,
| |
| |
en laitsje hja smeulsk of swije,
as immen it heimnis bineijerje wol
lâns wegen fan âlde wiisheit?
Och, 't stiet yn forgiele boeken:
oer sied op de rotsstiennen útstruid,
follen roppen en inkelden útkard,
en de brede wei en de smelle.
Lês dat - en bliuw oan it roppen,
oant woastinen dy andert jowe!
| |
Skyn fan skyn
Ik dreamde, der drige yn de stilte
It bineare m' en like myn wil to
forlamjen. Ik waerd net gewaer,
hwêr't it wie -, hoe 't it wie; hwant myn eagen
founen neat as in grize damp.
En de eangst gie mei hege weagen
en myn lêst moed joech kamp.
Doe - ynienen - foel ik omlegens
mei de eagen ticht en ik tocht -
ik wit it noch krekt -: Omhegens,
dêr is it waerm en ljocht
en dêr moat ik hinne! O, hâld my
en rêd my fan dit fordjer,
dat genedeleas swijend en kâld my
forsinken docht oant ik stjer.
It wie, oft earmen my fongen
en sweevjende droegen; en dêr,
fan noflike waermens trochkrongen
yn eigen bitroude rêst en
En eangst en dream hie west en
| |
| |
It lokke my troch de glêzen
en ik stiek derop ôf mei moed
en blidens om wer to wêzen
yn dit lân fan goed en tsjoed.
Ik die myn deistige dingen...,
mar ynienen foel alles wei
as in filmbyld yn 't forspringen:
nou wie 'k wekker en nou wie 't pas dei.
En ik doch myn deistige dingen
yn dit lân fan goed en tsjoed
en ik wachtsje op in nij forspringen,
hwant gjin filmbyld bliuwt forgoed.
En jimmer slute ús dreamen
Hwat nimmen wit to neamen
giet skûl yn skyn fan skyn.
Wy bûge ús oer de streamen,
oant w' oan de kimeseamen
| |
| |
| |
Maja
Dizze ierdebol in stofke yn de romt',
de minske: mar in stofke op dy ierde.
Krekt oft it hjir op great of lyts oankomt;
hwa sil dy twa yn wierheit ûnderskiede?
Alfa en omegea - bigjin en ein -
atoom en elektron - planeten om de sinne,
spiraelwolk - molekule - hawwe lein
in wale oer 't geheim, dat wy net kenne.
De spegels fan ús reuzeteleskopen
fange de fierste flikkering fan ljocht.
In wrâld giet iepen ûnder mikroskopen:
forburgen - sa tichtby as nimmen tocht.
Hwat is dat - fier? Hwat tichteby? Hwat docht it
derta, hwat lyts is of ûnmjitber great?
Hwat koart of langer foar ús eagen ljochtet?
Hwat wy it libben neame of de dea?
| |
| |
| |
Hoe lang noch...
Hoe lang noch, foardat de dagen forrounen,
Hoe lang noch, dat de flechtige stounen
It sulverich weagjende web, dat wevet
en fangt hwat forlangend om him swevet
Dat by wanhopich wrakseljen skuorre
Hwer't út in chaos, dy't ivich duorre
Ik sjoch it web en dy't ûndergiene
En ik woe, dat hja 't lûd yndachtich wiene,
| |
| |
| |
Twa hannen
Twa hannen, dy't my ynlik eigen binn'
yn foarm fan fingers, yn de blauwe stringen
fan ieren, yn bikend biweech. Dochs dingen,
dêr't ik yn forbjustering op stoarje kin.
Hja binne sa tichtby; hja foegje aloan
har ré en folchsum skreppend nei myn wollen.
Mar somtiids, rêstich skriuwende, forfollen
hja my mei tsjoen en 'k seach se as frjemden oan.
Frjemden - en dochs tichtby, ta tsjinjen ré
en sûnder freegjen hearrich. Linich bûgje
en glide hja foar my fan sté nei sté
as leafsten, dy't har nei de leafste foegje.
Twa hannen - ynlik eigen - sa tichtby.
Twa hannen - frjemden - dochs in diel fan my.
Yn hwat bigûcheling forkeare wy!
Dû, nim myn hannen en bihoedzje my.
| |
| |
| |
Spegelbyld
Yn de bus foar it glês op 'e foarste stoel
En sadré't myn each op myn foarbuorman foel,
Ja, ik ken dy wol, baes, mear as sechstich jier
En dochs, as 'k dy sjoch mei dyn sniewyt hier
sa rjocht tsjin my oer efter 't glêzen sket,
my koeltsjes fiksearje -, dan wit ik it net
En ik biel yn dyn stoarjen deselde fraech.
hwant it nuvere feit, dat 'k dyn namme draech,
Sa lang as wy hjir ús wegen tsjen,
sille wy elkoarren aloan wer sjen
En jimmeroan sill' wy forwûndre stean
Oant myn fuotten - en dines? - ienris gean'
troch de ûnûntkombre doarren.
|
|