De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 137] [p. 137] [Nummer 4] Reimer van Tuinen: Linquenda ‘Gjin tsientsje wurdich, dy hiele brot’. Ik sjoch it saekje oer, hy hat it greatst gelyk, in brot, in irritant fortoan fan stilen: old-finished, would-be modern, in stoel út pake' tiid, in gekke klok, in skriuwburo fan 't jiertal nul, 't waensinnich kleed mei keakelbûnt' en hyper-tsjustere meetkundige figueren en dan fansels 't ûnmisbere borduersel. Ek hinget, wrychtjes, oan 't lewant ús trouwe skeper noch, kompleet mei doarp en skiep, who is still going homeward when the day is dove. In brot, mar ik woe dat dy stoel nochris kreake en it ljocht yn 'e spegel bruts, ik woe dat in kleaune forrôlle en de klok syn ûren forsloech, dat immen de door iepen fierde en in stim spriek, wûndere sterk. Ik woe dat roppige eagen har sêdden oan 't grien en it ljocht, noch ienris de stêd oereagen, it hôf, de greft en de kym. Ik woe bleau it jouns foàr de sabbath, ik woe, ja ik woe hie de tiid dochs mar duorre, de hoeder dochs toeve in ûre, in ieu. Vorige Volgende