Neiskrift
Ut namme fan de redaksje wolle wy hjir alle Katalaenske skriuwers dy't bydroegen hawwe ta it ta stân kommen fan dit numer hertlik tank sizze foar har meiwerking. Ien fan harren, ús freon Pau Ginés, komt bysûndere lof ta, hwant it is syn wurk dat dizze foar ús sa weardefolle kontakten lein binne, wylst hy ek soarge foar it fotomateriael en de printkladden op Katalaenske nammen neisjen woe. In pear bydragen binne út oare talen oerset troch guon dy'tin loco neamd binne. It greatste part fan dit moedsum fortaelwurk kaem lykwols op foar Gerben Visser, troch hwaens kennis fan it Katalaensk diskear gjin gebrûk hoegde makke to wurden fan in tuskentael. Ek de poëzij-fortalingen binne op ien nei fan syn hân. Him komt gâns tank ta, om't hy dit Katalonië-nûmer meastepart stal en foarm jown hat. It omslach fan it nûmer is neffens in ûntwerp fan Durk van der Ploeg, dy't ek de lay-out fan de yllustraesjes forsoarge.
Dit nûmer wol dus de Tsjerne-lêzer in byld jaen fan hwat der kultureel yn hjoed en forline yn dizze bysûndere en karakteristike hoeke fan it Ibearysk Healeilân libbet en wurket. In spegel, hwertroch it safolle lytsere Fryslân, dat der tagelyk gunstiger èn ûngunstiger foarstiet, faeks skerper sicht op himsels krije kin.
REDAKSJE