De Tsjerne. Jaargang 18(1963)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] Ane Jousma: Forballe Ik wit, dat ik in pylger bin ta swalkjen twongen lâns wegen, dy't gefaren kenn' en hwer't ik fongen wurd fan de dea, 't sij ier of let: 'k ûntkom him net! Ik wit, dat ik forballe bin út libbenslânnen, út paradizen, dy't ik ken, mar hwer't de brân en de flam fan swurden my fordreau: de oantins bleau. Ik wit wol, dat ik twongen bin om al myn dagen to sykjen, hwer't de kusten binn', dy't my forjagen en dy't soms skimerje oan de kym: in flechtige skym. De deis, dat ik to skip gean sil, as hege grize en boaze weagen driigjend, kil, om my forrize: dat ik dan net forsinke mei, mar droegen wurde, feilich, nei dat lân, dat oan de kimen lei: dêr kom ik wei. [pagina 2] [p. 2] Ik rop dy oan! Ik rop Dy oan mei alle nammen dy't ik ken: Alfader, Brahma, Indra, Ammon sa goed as Aton of Ik-Bin. Meitsje myn roppen net biskamme. En ik sil komme, hoe'st my neame of roppe silst - wy hite oars hwannear't wy dreame -. Hwant ik wol wêze, dêrstû bist en dêr't Dyn koele boarnen streame. O, lit my skôgje yn Dyn hôven, dan sil ik wer Dyn boadskip bringe oan de drôven yn dit forlitten lân en dêr Dyn wurden sprekke tsjin de dôven. Vorige Volgende