De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 398]
| |
Marten Sikkema:
| |
[pagina 399]
| |
XII
Dû komst wer dus de blidens wer
dyn hân sit yn mines lizze
as in fêst forboun - en ús stjer
sil ús heimige paden sizze
dy't liede nei it lok.
Dyn wang sil tsjin mines wêze
dyn mûle sil mines reitsje
wy sille beide genêze
inoar ta eigene meitsje
oanlizze by it lok.
Sjoch aenst sil út stjer forrize
bliid ljochtsje nea forblikke
aenst sille wy ûnbitize
folslein inoar birikke
wenje yn it lok!
XIII
Om't ik nea fan ien hâlde koe
wie 'k ûnrêstich en mêd -
Nou kin ik fan dy net mear sêd
nou't de dream net wike woe.
Om't ik sa fan dy hâlde kin
bin ik rêstich en bliid
de wrâld is klear en wiid
en myn libjen gjin forsin:
De beammen rûzje: ik hâld fan dy
de wetters brûzje: ik hâld fan dy
de stjerren sûzje: ik hâld fan dy.
It is in ieuwenâld sankje
foar my is it alhiel nij.
|
|