| |
| |
| |
Tjitte Piebenga:
Yn 'e aep utfanhus
De Utfanhûzer fan G. Abma. K.F.F.B. nûmer 62. A.J. Osinga n.v., Boalsert, 1962. Omslach en bânûntwerp: Jan van der Bij.
Dat in literaire broddellape útjown wurdt, is it rjocht fan de skriuwer en syn útjower, hoewol't de skriuwer fan sok dwaen almeasten net better wurdt en de útjower der op sitte litte moat. Dêrom kin men bytiden dan ek stelle, dat it better wie, en heevje sokke fiten net út: de muoite, om fan flyt noch net iens to praten, is yn 't foarút faken al omdôch en it einprodukt slagget gauris amper-lêzen yn in forgetten hoeke fan de boekekast. En dat is goed. Foar de skriuwer en foar de lêzer. Foar de útjower is it spitich, hy is it per slot fan rekken, dy't it measte oan sa'n lettersamling dien hat, en by einbisluten sit syn jild ûnder it ûndernimmen. Binammen as der in bidroefden bytsje mei ynhouten forskynt, falt dizze martelgong desto dúdliker op. Dochs krije sokke broddellapen gauris in hertlik wolkom taskikt fan Jan-de-fryske-boekeslynder, hoewol't skriuwer en kritikus prate en harrewarje oer emansipaesje en kwaliteitsforbettering fan de fryske literatuer. Fansels leit net yn Fryslân allinnich dizze tsjinstelling tusken Jan-ensfh. en Pyt-kultuer, mar feit is, dat in min boek nearne better ynhelle wurdt as hjirre, as der mar in soadtsje goefryske dierberens en swietekau yn loaze wurdt, mei om 'e rântsjes in brokje út it echte libben. Dêrmei leit der in twaspjalt tusken de literaire sitewaesje en it optimale nivo, dêr't yn 'e breedte fuortendaliks noch gjin emansipaesje oan to merkbiten is, en soks bitsjut ornaris in stap tobek. En dat is spitich. Spitich binammen, as it net fuortgong hawwen fan 'e emansipaesje dúdlik to lêzen is út 'e earste langammige prestaesje fan 'e jongste generaesje: De Utfanhûzer.
Hoe giet it mei sa'n boek? Men slacht it nijsgjirrich iepen, binijd nei it hoe en het, en men hopet. Men hopet op better, op mear. En dan komt men ynienen wer ta de ûntdekking dat men mar in Fries is, en dat men dus ivich en erflik mei twadderangs tofreden wêze moat, dat men libbet by de graesje fan de forsitten kâns. Nei dy konklúzje moat men skriuwe, sizze sa en sa, mei weet fan greater foarbylden dy't hjir net telle, en mjitlatten dy't hjir net doge. Men bisiket in akkoartsje, men fynt jinsels in sokses, mar hoe komt men hjir út? Kin men hjir
| |
| |
ta mei minder as trochstrings, of kin men lykop diele? Men yt per slot fan twa of trije wallen, men stiet tusken minsken fan itselde slach, men rekkenet, en men wit it net mear. Lykwols: De Utfanhûzer.
En sa leit it der dan hinne mei dizze roman fan in jongere. Selis Poutsma, de útfanhûzer, slagget nei syn h.b.s.-eksamen op in houthanlerskantoar yn in plakje, dat neijer oantsjut wurdt as H., dêr't Harns sa't it liket mei bidoeld wêze sil. Nei in oerflakkige freonskip mei Jochem Brettschneider, in tragysk forroune forealens op juffer Pigot, typfaem op it kantoar, in mannich trelitten mei en in jounpraterijke by Jacobi, syn direkte sjef, en via in erotysk aventûrke mei juffer Sobiëski, de siktaresse fan 'e baes, wurdt Selis Poutsma yn 'e rin fan it forhael wol in stikmannich wjerfarrings, mar oan de ein fan de roman gjin wiisheit riker. Selis is in frjemd bleaun, dy't yn it libben omrint as in útfanhûzer yn it hûs fan syn gasthear, tominsten, sa hat de skriuwer it, as ik my net forsin, bidoeld. Dat it him net slagge is, leit net oan him, hy kin it nou ienris net helpe.
As men dit boek lêst, komme jin twa boeken yn it sin, dy't sa't it liket ynfloed útoefene hawwe op dit wurkstik fan Germ Abma, to witten De Avonden fan G.K. van het Reve en Fioele en Faem fan Anne Wadman. Hwat de psychology oanbilanget liket Van het Reve de measte ynfloed hawn to hawwen, hwant de haedfigueren sitte beide tangele mei deselde, hast ôfwikende forfrjemding fan it deistich bistean, mei dit forskil uteraerd, dat Van het Reve soks wier makke hat, en Abma net. Yn dit stik fan saken bisteane deselde forhâldings tusken Frits van Egters - Van het Reve syn held - en dy syn neiste formidden, as tusken Selis Poutsma en syn meiminsken. Yn beide romans deselde ta neat liedende en forplichtsjende relaesje tusken âlden en bern, mei dit forskil, dat Van het Reve syn haedpersoan in greater poarsje ûnmeilydsumens meijown hat, en yn beide ek deselde mearfâldichheit yn mûglikheit fan kar by de haedpersoanen, by beide deselde oerflakkigens yn 'e omgong, sûnder binings en sûnder konsekwinsjes, dy't faeks wol winske wurde, mar net ta wierheit komme. Fan ditoangeande bistiet der in great forskil tusken Fioele en Faem fan Wadman en De Utfanhûzer fan Abma. Komt by Wadman it mislearjen fan Jeen Offringa to Amsterdam op rekken fan in djipsittend minderweardichheitsfielen, by Selis Poutsma is soks net it gefal. Selis Poutsma kriget ‘lykas Jeen Offringa, wol klappen, mar dy komme by Selis nèt, en by Jeen wòl fuort út in prédisposysje yn de sin fan it-altyd-yn-de-gefaerlike-hoeke-sitte. Offringa forwachtet de klappen, om't er wit dat er yn 'e hoeke sit dêr't se
| |
| |
falle sille, mar Poutsma forwachtet se net, om't er krekt dy diminsje mist, dy't Offringa wol hat, nammentlik de refleksje oer himsels en oer de forhâlding dy't der tusken him en de oare bistiet. Poutsma merkbyt en notearret yn dizzen allinnich in forskil yn libbenshâlding, hok merkbiten gjin fierdere konsekwinsjes ynhâldt, en dêr bliuwt er mei yn in min ofte mear selsfoldiene oanfurdiging fan libben en persoanlikheit stykjen. Dochs bistiet der in oerienkomst tusken Fioele en Faem en De Utfanhûzer. Jeen giet nei Amsterdam, Selis nei Harns. Beide misse hja de wankele tagedienens fan in doarp, en beide kinne se de greate of lytse swierrichheden fan 'e stêd min fortarre; hjir lit him maklik de yn beide romans karakteristike iensumens út forklearje. Boppedat, de haedpersoan yn beide romans hat oan de ein fan de stoarje in aventûrke mei in per slot tafallich frouminske, en beide wurde se der net wizer fan, útsein it feit, dat Jeen Offringa ta it ynsjoch komt dat er to Amsterdam net op syn plak is, wylst Selis Poutsma it allinnich mar ôffalt. En dêrtusken leit dan it smelle bilibjen fan Jeen Offringa en Selis Poutsma, dat Wadman wol, en Abma net wiermakket.
Dat Abma net slagge, hoewol't syn haedpersoan dochs in - miskien hwat meagere - figuer waerd, leit him minder oan it forhael op himsels, as oan it kinnen fan de skriuwer, dat yn dit bistek neffens my to lyts is. Wadman en Van het Reve hawwe al biwiisd, dat der gâns mûglikheden sitte yn dit genre, en by genôch kinnen fan 'e skriuwer hie der perfoarst karút fan wegens west, om in literaris to biwanneljen, bygelyks de forfeelsumens op 'en heechsten, of de iensumens yn alle konsekwinsjes, of it psychologysk útdjipjen fan it-net-ynteresearrewêzen fan de haedpersoan. Dat hat de skriuwer fan De Utfanhûzer net dien; hy hat him hâlden oan it almeasten kâld optekenjen fan de deistige dingen op kantoar en fan it libben dêrbûten, wylst de oertinkings fan de haedfiguer hjiroer meastentiids hwat meager oandogge. Sa bliuwt dy kontemplaesje oerflakkich en neatsizzend, bygelyks op bls. 51/52, nei it gefaltsje fan it misbitearde telefoanpetear, en de lytse rûzje mei juffer Pigot:
‘...En om it hele libben to sliten yn in forbân, dêr't de iennige bining mei is: “Men moat doch hwat” dat forpofte er. Mar dan nammersto mear: hwer dooch ik wol ta?
Juffer Pigot rattele op har masine, as oft hja der in boerepleats mei fortsjinje soe. Mei ôfgunst hearde er har drokten oan. Wel ja, dy hie nearne lêst fan; dy libbe fleurich fierder en soe har noait om harsels bikroadzje. Hja wie goed; dat wist hja sûnt hja berne wie en, ôfgeande op har hâlden en dragen, ek al dêrfoar: in type, dat yn it memmeliif al tinkt: Hwer't ik aensens tolânne kom - ik bin goed, oan my mankeart neat...’
| |
| |
Folget konklúzje, dat it dochs in hiele treast is, dat er ‘in ôfsletten bitinken oer de juffer foarme hie’. Nou forpof ik it om to leauwen, dat nei it stellen fan sa'n fraech in ridlik ‘fatsoenlik’ minske mei sa'n útkomst tofreden is. Miskien in Selis Poutsma, mar dy mist dan ek in diminsje.
Sa binne der lykwols mear fan ditsoarte akkefytsjes. As foarbyld bls. 63/65: juffer Pigot wurdt op in moarn roppen, en bliuwt fortize yn in wûnderlik gearmjuksel fan dei- en nacht- dream, dy't hieltiten mar oanhâldt, en dêr't in swarte figuer, dy't letter assosiearre wurdt mei Selis Poutsma, in wichtige rol yn spilet. Nou kin soks bêst, fansels, mar hwerom yn fredesnamme moat Selis dan letter, nei in simpele bioskoopgong, ôfstegere wurde, hoewol't hy har dochs, sjoen dizze dream, min ofte mear ymponearre hat? Of moat de dokter, ek in byld út dizze dream, as forklearring tsjinje? Is dat de figuer dêr't juffer Pigot foar ornearre is - hja is ommers ien dy't net samar tofreden is - en wurdt Selis dêr minder akseptabel troch? Hwa wit, jowt de skriuwer yn syn folgjende roman de oplossing.
Boppedat, de figuer Sobiëski, de siktaresse fan de baes, komt ek net alhielendal út de ferve. Hwerom nimt hja har it lot fan Selis Poutsma nei, hoewol't de baes ek op it fuifke is, en dat, wylst de skriuwer in pear kear ynsinuearre hat, dat er eat tusken Hankema en Sobiëski bistiet? It andert op dy fraech moat mar ret wurde, de skriuwer jowt gjin oare oanwizings as de pear knypeachjes dy't Sobiëski Selis tasmyt.
Fan ditoangeande komt Hankema, de baes fan 'e houthannel, noch it bêste foar it ljocht, hy is de dynamyske figuer, de echte baes, dy't der slach fan hat om mei personiel om to gean, mar dy't dochs syn faeije kanten hat, en dy't dêrtroch krekt it meast minske is fan alle piassen, dy't yn dizze piste omswalkje en omramaeije.
Hwat de psychology oanbilanget, hat it der dus fan, dat De Utfanhûzer net al to bêst bijeftige is, ek net, hifke neffens de dochs al hwat skrale steat fan it fryske ynsjoch yn it hâlden en dragen fan de minske. It liket wol, oft de measte fryske skriuwers yn dit stik fan saken in manko hawwe, sûnder to witten, dat sa'n tokoart bistiet, oars seach men hjiryn wol mear foroaring. Lykwols: ze dronken een glas, en ze deden een plas en de zaak bleef zoals hij was.
Hoe't it der fierders ek hinne leit, De Utfanhûzer is in wanprodukt, dêr't de harsens fan de skriuwer net oan to pas kommen binne, doe't er mei it skriuwen dwaende wie. Per slot fan rekken mei men fan in skriuwer, bûten kinnen of net-kinnen om, dochs wol forwachtsje, dat syn harsens goed funksionnear- | |
| |
je, en dat er sjen lit, it wurkjen fan syn tinkapparaet ûnder kontrôlle to hawwen. Dit is by de hear Abma net it gefal. En dat is spitich, net allinnich foar him, mar mear noch foar de lêzer, dy't dêr troch mar wer stive wurdt yn 'e miening, dat fryske literatuer twadderangs is. En dêr hat er net iens ûngelyk oan, tominsten as er konstatearje moat, dat Abma op bls. 204 al net iens mear wit hwat er op bls. 181 en folgjende delkwattele hat. Op lêstneamde pagina lit de skriuwer nammentlik Jacobi oan Poutsma freegje, oft dy in útgiene brief fan 1930 út it archyf helje wol, dus út 'e tiid, dat Jacobi syn foargonger noch oan 'e saek forboun wie. As Poutsma oan it sykjen slagget, docht it bliken, dat it in brief fan 16 augustus 1930 is. Lykwols, as Selis, nota bene mennich jier letter, hwant Jacobi is der dochs al in moai skoftsje, juffer Pigot in útnoegingsbriefke foar de bioskoop stjûrt, dan datearret er dat mei 5 maeije 1930(!!!). En hjirmei sit men dan midden yn 'e frage, oft de skriuwer sels wol wit, yn hokker tiid syn roman spilet. As ik oan de tritiger jierren tink, dan mien ik weet to hawwen fan in wrâldkrisis, fan swierrichheden by skipfeart en yndustry, by hannel en amtnerij. Dêr is yn De Utfanhûzer neat fan to fornimmen, en bûtendat liket it my ta, dat de oertinkings en biskriuwings op de bls. 85-88 hwat ryklik rûke nei de tiid fan nei de twadde wrâldoarloch. Hawar, daarom niet getreurd, en ik kin my forsinne, men moat op 't lêst hwat ynskikke kinne.
Dat dan de leeftiden fan Jochem Brettschneider en Selis Poutsma net meielkoar strike (men mei tominsten oannimme dat Selis net âlder is as op 'en heechsten tweintich, hy hat ommers krekt eineksamen h.b.s. dien, wylst Jochem al in pear jier fan dyselde ynstelling ôf is, en boppedat de earste oarloch mear of minder biwust meimakke hat), seit dan net safolle mear, en in ûle dy't dêroer stroffelet. Mar net allinnich dat, ek de petearen dy't Jochem en Selis fiere, lykje my slimme archaysk ta, op syn bêst studintikoas, en men kin dochs net sizze, dat it yn de rounten fan dy beide hearen brûkme wie, om jin yn termen lykas delflybke op 'e bls. 39/45 út to litten, wylst it fin-de-siècle-fielen, en soks perfoarst nei de earste wrâldoarloch, al mear as op 'e non roun wie! Dêr koene neffens my dy plechtige wurddraeijerijen net út fuortkomme. Lykwols, se steane der, en hoe! Men soe laitsje moatte, as it gûlen jin net neijer stie.
Bliuwt noch de kwestje, dat de skriuwer fan dizze roman in ramtforhael makke hat. Rjochtfeardige of net? De stâlder fan it forhael lit it foarkomme, as hat er de roman foun yn de neilittenskip fan syn nicht, juffer Leonoara. Hy stiet yn it foaropwurd dan ek yn dubio, oft er it manuskript al of net útjaen
| |
| |
sil. De iennichste konklúzje dêr't er hjir ta komt is, dat it forskil tusken man en frou him ‘gewoanwei al net rjocht dúdlik’ is, en dat er dêrom net wit hwa't de roman as sadanich skreaun hawwe moat. Hie dit boekwurk dan ek net útjown wurde kinnen sûnder dat foarop- en slotwurd, en wie it tuskenpart neffens it bitinken fan de skriuwer yn earste opslach al to min, hat er dêrom de forantwurdlikheit dêrfoar ôfskouwe wollen? Hwa sil it sizze, fêst stiet yn alle gefallen, dat De Utfanhûzer it sûnder dit menniste-leugentsje likegoed, of leaver likemin, dien hawwe soe. It hie lykwols altiten earliker west, en jow dizze roman út sûnder dit smoesje, hwant salang't men hwat weilitte kin, wylst de kwaliteit der net minder fan wurdt, moat men soks net litte. En dêrom makket dit kunstke dan ek in ûnearlike yndruk, lit it jin tinke oan de brede rêch dêr't it sa forhipte noflik efter skûlet. De skriuwer hat him yn 't foarút al fordekt opstelle wollen foar mooglike krityk, en dêr holp er syn boek it gaust mei nei gychum, binammen, nou't er dat âlde trúkje út pake tiden tapaste. Sa leit it der dochs hinne, mar dêrmei is it noch gjin lokkige fynst.
Sa sit men dan mei De Utfanhûzer yn 'e hân of op 'e boekeplanke. Wier, in kostlik bisit, as it âld papier mar hwat mear jildde. Undertusken alle wurdearring foar de útjower, hy hat der knap wurk fan makke, mar mei de skriuwer is men foargoed yn 'e aep útfanhûs. Hy biskriuwt syn feiten net allinnich as seach er se út skiere fierten wei, né, hy docht it boppedat min op heech nivo, en dat is in lokwinsk wurdich, binammen yn Fryslân.
|
|