De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 390] [p. 390] Sjoerd Spanninga: Ljochtspoaren ...as ik myn hân útstiek wie dêr it nije bloeijen wer dyn sierlike forskining de âlde nammen foelen wilich fan my ou - griengroeijende gedachten winne hja de lust it iepen fjild werom ljochtspoaren stige fûgels út it lege - de hurde geast bigjint to floeijen en to sjongen om it doffe en it deade hwant bigearte krige oare eagen de fieling en de fonkeling in fyn forstean it kâlde lûd fan tankberens in waerme klank en mimerjende gong - it kwea dat lei him del by it forline nou't ik in wite wjokslach dounse mei de himel in skip dat oer de séen walst de dining dy briek skomjend op it strân ta sulver foar de bûtsikers - it jonge lûkt dochs alweroan de herten nei de ierde dat de banen blinkend wurde en de paden fan it tij har waeijerjend biwege lâns de kust - der sil in sterke stilte komme yn myn stim de hege rêst fan dizze jountiid liet it my wol hearre nei de wylde weagen [pagina 391] [p. 391] hwer't tsjin de heuvels lette winen har to stjerren sile reaskimerjend de sinne efter 't baeijen fan de brânning dûkt - eat fan ôfskie nimmen ljochtet aenst it libben troch sa hoedzjend as de glâns dy't wiget om dyn wêzen. Amerijen Inkelde kaktusplanten bloeije al in koraelrif boppe de groun mar de beammen drage noch de nachten yn 'e finsters - dochs keare wer de jounen lange fûgelflechten har ta ljochtsjend libben - de sinne wurdt in mem dy jowt har bern it boarst de wolkens hingje fol en fiedsum oer de ierde... Vorige Volgende