útwegen wol, dêr't er op jammerje kin oer it forsleaukjen en it toloargean fan ‘âldfaers erf’, ek al twivelet men der sels oan oft dy âldfaers nou wier wol sokke knapen wiene as de mythe fan harren winsket to meitsjen. Dy mythe is it ek, dy't guon fan ús altyd wer forlaet ta rjochtsoanspraken. Rjocht foar ús tael, rjocht op selsbistean, rjocht op groun fan hwat? De wrâld is yn dit stik net mijen, en hâldt inkeld rekken mei bisteande deugd: elke oanspraek moat forantwurde wêze út it hjoed. Elk hat yn dizze wrâld krekt safolle rjocht as er wier meitsje kin. Men seit, in Fries is forplichte om yn syn hûshâlding Frysk to praten en syn bern Frysk to learen; mar as hy it net docht, hwa sil him twinge en hwa wol him twinge? As it oars blykt to wêzen, is dat inkeld in symptoom dat de mienskip ûntbynt. Der binne mear mienskippen ûntboun sûnder dat de wrâld dêr merkhere skea by litte. De Friezema's redde har ek yndividueel wol, yn Parys sa goed as yn Wynaem.
In folksmienskip wurdt net oereinholden mei flaggen en histoaryske tinkdagen, al binne hja faeks moai mei. As der oars net is as dizze dingen, rint men fêst yn 'e sompen fan in weardeleas romantisme. In folksmienskip wurdt foarme troch en bistiet by it mienskiplik bilibjen fan it hjoed en by de dream fan in mienskiplike takomst. Dat wie eartiids noch gâns ienfâldiger as nou, yn tiden fan emigraesje en immigraesje, fan yndustrialisaesje en rekréaesje. Men kin nou gjin skalk each mear hawwe op it ‘bastre skaei’ of op de frjemde wyn, dy't it fryske folkslibben fordjert. In mienskip dy't net iepen stiet, it fan de útsluting hawwe moat, slút syn eigen doarren nei de romte. ‘Wês jimsels’ is in baes spreuk, mar it slút yn dat men hwat mear yn to bringen hawwe moat as de lege briefkes fan it forline. Dit binne licht âlde gjalpen út de jongfryske tiid, mar hja moatte yn dizze tiid mear as ea wier makke wurde, sille wy net sjen moatte dat it op in ein rint.
Foar sa'n mienskip is de literatuer in teken fan noch bistean sawol as in bitingst ta fierder bistean. Der is wolris sein dat de Fryske biweging de bitsjutting fan 'e literatuer oerskatte, dat hja it mear sykje moast yn it politike en ekonomyske, mar ik bigjin hoe langer hoe mear to leauwen dat it fuortbistean fan de Fryske folksmienskip fan de literatuer en fan har allinne ôfhingje sil. Nea hat hja, nettsjinsteande greater oplagen, yn in faeijer sitewaesje west as tsjintwurdich. Nea hat op 'e skriuwers in greater forantwurding lein as bouwers en hoeders fan 'e tael as nou. De skriuwer fan eartiids hie altyd noch dy greate amorfe groun, dêr't er op weromgripe koe om syn materiael to finen: it folk, de analfabeten, dy't de tael yn har mûle mak-