De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 380]
| |
Sjoerd Leiker:
| |
[pagina 381]
| |
doch kann man bei dieser Akrobatik nicht das Genick, sondern unmittelbar die Seele brechen. Daran stirbt man nicht, sondern existiert als verdienstvoller Invalide des Lebens weiter.’Ga naar voetnoot1). Wolnou, goefreonen, lêzers fan De Tsjerne, sa'n fortsjinstlike ynvalide is master Hindrik Visser, de haedfiguer út De oerwinning fan Bjinse Houtsma, it nije boek fan Anne Wadman. It is in boek oer it houlik. Wadman hat nammentlik syn boek net ôfrinne litten mei in tút en mei in tasizzing fan hwat yn mearkes altiten de lêste sin is (‘hja libben noch lang en lokkich’); syn boek bigjint mei it togearre by de tafel skikken fan twa minsken, mei in houlik en mei alle ûnwissichheden, dy't sa'n houliksûndernimmen ynhâldt. Mearkes skilderje de bisiking fan in minske. Hja fortelle hwat in minske trochmeitsje moat ear't it foar him bigjint to daegjen, ear't hy ryp is foar it lok.Ga naar voetnoot2). Wadman lykwols, as modern man der fan oertsjûge dat gâns lju ôfgryslike ûnryp in houlik oangean kinne, fortelt ús fan it saneamde houlikslok, dat gauris o sa'n bytsje to bitsjutten hat. It houlik is by him de bisiking sels. Hy fortelt fan in houlik sa't der miskien wol trettjin fan geane yn in dozyn. De jonge man en de jonge frou wolle graech yn goedens. Der is leafde yn it spul; hja binne réwillich en goewillich, mar ûnwittend en ûnhandich; mei de seksualiteit witte hja gjin rie. It bliuwt op dit stik in skrale boel. It komt amper ta hwat hertstocht, dy't o sa gau ôfsakket en dan is it houlik deablet noch foardat der fan bloei sprake west hat. Oan de ynsidintéle frede fan De Sitadel, it prachtige fers fan D.A. Tamminga, lofliet op it houlik, op it togearre wêzen by it jounmiel, komt sa'n ûnryp berne-houlik net ta. Dêrfoar wie it bigjin al daliks to near en to binaud. Dêr't nea echte, folsleine bifrediging west hat, dêr kin net frede wêze. De manlike partner Hindrik Visser, in soune keardel, doarpsûnderwizer en lieder fan it doarpskoar, hat al ridlik gau foar it forstân dat it hillich forboun mei syn Wypkje Hempenius in ûnmûglike saek is. Nei in koart avontûr mei de waermbloedige boeredochter Lutske Westra wit hy boppedat dat syn mis houlik ek in saek is dêr't net mear fan to ûntkommen is. Oan syn leafde foar Wypkje is it meilijen net frjemd. De iene stumper soe de oare opheine en yn leafde drage. Dat wie likernôch de grounslach fan master Visser syn houlik. | |
[pagina 382]
| |
Hindrik Visser, sa skriuwt Wadman, hie yn in opstiging fan leafde en fan meilijen keazen foar it sloofke Wypkje Hempenius, dat syklik is en dat fan alles ûnder de lea hat. Om dy reden woene har folk-en-dy har eins net lens ôfstean oan in man. Hindrik wie de trochsetter. Hy hâldt echt fan Wypkje en fan syn iennichst bern, mar mei it kliuwen fan 'e jierren waekst yn him de wrevel oer de lytsens fan syn bistean en it gefoel, dat it echte libben him ûntkomt. Hy kriget in kâns om út to naeijen mei de frivole boeredochter Lutske, dêr't alles oan sit hwat in frou bigearlik makket. Dat wit hja sels ek tige skoan. Hja ferget master om in man to wêzen yn wurden, dy't der net om lige. As master har forgeliket mei Marylin Monroe, seit hja wis en biret en sûnder skamte: ‘It is it lot fan myn soarte froulju mei in draechlik eksterieur, yn bolletael sein.’ (pag. 100). It is om jin de Misen út to skuorren fan it laitsjen as master op sa'n ‘invite’ fan de boeretrut en sexbom Lutske réagearret mei de fraech: ‘Mar... hwat forwachtest dan fan my?’ Lutske is in fromminske mei in lichtsedich forline. In ‘putain’, mar grif net in respektabelenien. Hja hat yn it westen fan it lân west, yn Amsterdam en omkriten. Lutske hat lietsjes songen yn in nachtklub en hja hat, krektlyk as dat filmstjerren wolris oerkomme kin, in skoftsje troud west mei in skatrike oaljemagnaet. En nei al dit soarte fan omballingen, nei dit rûzich libjen yn greate styl en fan frijen mei eltsenien, komt dizze bollefokkers-dochter werom op heite buorkerij, werom op it doarp en makket as frijhwat swakke alt har plakje skjin yn it doarpskoar. It frjemde feit docht him foar dat it doarp neat ôfwit fan Lutske har gloarje en fan Lutske har fal mei dy oaljemagnaet. Heit en mem passe op dizze ûndogenske faem as wie hja noch maegd. Dizze oerdriuwing yn de tekening fan de byfiguer Lutske kin ik allinnich mar forklearje út it feit dat Wadman yn dizze koarte roman of greate novelle de byfigueren opstelt as dragers fan in idé, of fan in deugd of in ûndeugd. It is nou ienkear Wadman eigen om in probleem essayistysk oan to pakken. Hy is net yn it foarste plak de forteller, dy't de feiten út it libben foar harsels sprekke litte kin. In to min oan feitemateriael op it stik fan de ‘Akrobatik des Alltags’ moat goed makke wurde mei oantsjuttingen fan libbensforskynsels, dy't Wadman oanwaeid binne út syn lektuer. Der is by him altiten in aparte en nijsgjirrige spanning tusken ‘Bildung’ en ‘Dichtung’. Mar wy hawwe it forhael ûnder hannen. Master Visser rek- | |
[pagina 383]
| |
ket foreale op Lutske. Hy wol yndruk op har meitsje, net sa mar sljochtwei as frijer, mar as man dy't as musikus hwat oandoar en hwat oan kin. Hy set him to it skriuwen fan in kantate, dêr't Lutske in solo-partij yn sjonge sil. De muzyk, ien fan syn forkrongen ambysjes, sil útrêdding bringe, moat oanlieding wurde to forheffing en forsterking fan syn skrale en ûnwisse persoanlikheit. Mei de krêft komt de moed. De mûglikheit fan in wyld avontûr mei Lutske moat aensens foar it gripen lizze. Lutske wol dat gripen ek wol sûnder yntellektuéle akrobatyk, mar master fielt him sels fierstentofolle lytsman. Hy moat foar himsels earst it biwiis levere ha dat der hwat geniaels yn him stiket. Hy sil bisykje ‘in rol to spyljen dy't er lang net oan koe.’ Dizze wrakseling fan Hindrik Visser om op in niveau to kommen dêr't Lutske net mear mei him boartet, mar biwûndering en forearing foar him hawwe kin, rint op neat út, mar hat dochs wol ien great foardiel: de lêzer kriget sympathy foar de drege wrotter, foar de deagewoane ‘underdog’, dy't de omstannichheden net mei hat. Der is ek noch in kaper op 'e kust. In oare avontûrier, nammentlik Bjinse Houtsma, in fikse keardel dy't yn 'e oarlochsjierren fearn hat. Bjinse is in muorbrekker, in fint sûnder yntellektuéle ynhouten, in ûnforskillich hear dy't syn oarlochsûnderskiedingslintsjes yn 'e feart smyt, in frijfeint mei in eigen ekspedysjebidriuw. Bjinse hie der om my yn dit forhael net by hoegd, hwant ik woe fan it bigjin ôf oan wol leauwe dat it neat wurde soe tusken Hindrik en Lutske, mar de skriuwer hat dêr oars oer tocht. Hy joech Hindrik in kâns, in greate kâns, en dêrom moast der earst hwat slims barre. Bjinse moat him dea ride yn syn Simca, ien fan de withoefolle automerken dy't yn dit boek neamd wurde. De auto is by Wadman in ‘statussymboal’. Lutske rydt yn in Mercedes. Master is in fytser. De maetskiplike forskillen binne dúdlik. Dat auto-ûngelok is in drakerich elemint yn dit boek. It is min oan to nimmen dat foar Hindrik de finger warskôgjend omheech giet as dy Simca mei Bjinse tsjin in beam op fljocht. Dy warskôgjende finger wie der it heule boek troch al. De ynderlike wjerstannen by Hindrik binne sa sterk dat der gjin deade Bjinse by fanneden wie om him wer yn it spoar to krijen. De iene drakerichheit hellet oan 'e ein de oare út. Master moat op it matsje komme by ‘de akademysk foarme’ plattelânsboargemaster, dy't ris eefkes in ein meitsje sil oan de sûndige forhâlding fan de master mei dy boeredochter. ‘De boargemaster taestte nei de hoarn fan de tillefoan. Hindrik soe oer- | |
[pagina 384]
| |
ein en him weromlûke, mar waerd weromtriuwd. Hy harke dus mar. - Yn 't sikehûs stoarn - skedelbasisfraktuer.’ Nei dit ‘gemengd bericht’ hoecht de boargemaster net folle mear to sizzen. ‘Gjin mâljeijerij mear, dat past net foar folwoeksen minsken’, seit de magistraet. Master Visser kriget in pear wiken sykteforlof en dat is dan de ein. Lutske is wer ôfset nei Amsterdam. Oar erotysk fortier tomjitte.
Ofgeande op it feitemateriael hat it avontûr fan master Hindrik Visser net folle om 'e hakken. De foarstelling, dy't Wadman jowt fan froulju dy't fortier of in breawinning fine yn nachtklubs is sêft sein de naïve kant neist. Wadman hat der yn syn kritiken gauris op oanstien dat in skriuwer stúdzje meitsje moat fan de maetskippij dêr't er yn forkeart. Hy skreau dat nei oanlieding fan klisjé-foarstellingen, dy't guon Fryske folksskriuwers oanfiere as hja oer sosialisme prate. Wadman sels is wis fan syn saek sa lang as er skriuwt oer de wrâld fan de skoalle, fan de masters en de juffers en de learaers. As Wadman sicht jowt op de hjoeddeiske maetskippij, dan docht hy dat mei hwat by it toaniel ‘ter zijde's’ neamd wurde. De nammen fan Vestdijk en Claus, fan Arthur Miller en Marilyn Monroe sette it forhael yn ús eigen tiid, alteast yn de tiid fan Wadman syn lektuer. It jowt oan it boek hwat karikaturaels. In skriuwer bisiket nou ienkear boppe it ynsidintéle, boppe de ‘gemengde berichten’ út to kommen. Dat bisiket Wadman ek. Slagget dat net, dan oertsjûget in boek net. Kafka seit it sa: ‘Der Dichter hat die Aufgabe das isolierte Sterbliche in das unendliche Leben, das Zufällige in das Gesetzmäszige hinüberzuführen. Er hat eine prophetische Aufgabe.’ Wadman hat oanstriid om syn forhael to relativearjen, om it op in stuit werom to nimmen, krektlyk as Brecht dat docht yn syn toanielstikken. Ut dizze omgong mei de forhaelstof mei, neffens my, bliken dwaen dat it forhael foar Wadman mar bysaek is. It forhael is yn De oerwinning fan Bjinse Houtsma mar o sa meager. Haedsaek is it ynderlik avontûr fan Hindrik Visser. Dizze master, dy't yn 'e knoei rekket mei syn gewisse, dy't opskipe sit mei skuldgefoelens en mei gefoelens fan minderweardichheit, smyt it net op in akkoart mei de noarmen fan reedlikheit en fatsoen. Op groun dêrfan komt er ta in foroardieling fan himsels. Op it bislissende momint yn syn libben komt er ta de oertsjûging dat hy in leffert is as hy der útnaeit mei Lutske, mar noch greater leffert sil er wêze as hy werom komt by Wypkje, dy't him al opjown hat. | |
[pagina 385]
| |
Wadman hat alle ‘falske yllúzjes’ ien foar ien ôfbrutsen. Hy hat mei net tsjin to hâlden earlikheit it binearjende avontûr fan in heul gewoan houlik fan oppassende boargerminsken biskreaun. En de ûntrou dan? sa sil immen freegje. Ek oppassende minsken hawwe har oanstriid en tiden fan ûntrou. Der sit ek yn Hindrik Visser in Petrus, dy't skriemt om it forrie fan de Hear. Yn dit gefal fan de neiste, fan de eigen frou. It sympathike fan Wadman syn boek is dat de skriuwer to witten docht dat der ek yn de lytsboargerlikheit in stik wêzening en foltôging sit fan de minsklike weardichheit. Dat wie trouwens al dúdlik wurden yn syn boek Hoe moat dat nou, Marijke? Binammen út de biwûndering fan de skriuwer foar de lytse wrotter, foar de middenstander, de âlderwetske tabaks-fabrikant Oeds Polstra. Yntegriteit en noarmbisef, sa liket Wadman ús foar to hâlden, binne grif helte earder eigenskippen fan de lytse, mislearjende middenstanner as fan de lju dy't maetskiplik aerdich to plak komme. Dizze nije roman fan Wadman is om dizze reden in nijsgjirrich en bilangryk boek. De solidariteit fan Wadman mei in bipaelde bifolkingsgroep, mei de middenstanners, sit hwat paradoksaels yn as men der fan útgiet dat dizze skriuwer ‘Einspänner’ is en dat altiten bliuwe sil. Iksels leau yn de stadige ûntwikkeling fan Wadman syn talint en yn syn mûglikheden om boppe it tafallige út to kommen. |
|