De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 379] [p. 379] Gerben Visser: Sang fan de Almacht Fan Clotho, Typhon, Atropos woest sprekke, Lachesis, Ciwa?... sjuch, in stjerre kein, Fier boppe har ta syn heech zénith rekke Myn Wêzen, barnend, ivich, souverein! Djip yn myn macht'ge geast - it swurk woe brekke Hoe glânzge it, fan moarntiidsrea bitein - Folsleinens flûnkere, ta libben wekke, De kjim fan mûglikheden sûnder ein. In Wikker, dy't it ein antecipearre, Fier, fier foarby de skiednis projektearre Koe ik der fénoménen útgong sjen... It Ding an Sich him op myn roppen riste En d'ûnderjûke feiten, sjuch, hja misten De moed en sjuch My oan, as hearrigen! Augusto dos Anjos (1884-1914) Vorige Volgende