Tonacht kin hja yn it hea sliepe, moarn giet se nei de keardel werom.’
Mark spriek fan him ôf. ‘As er om har komt en har opeasket, dan sil 'k it net forhinderje kinne en yn it hea sliept hja net.’ As liuwen stiene hja foarinoar oer. Mark woun it hwat de slieperij oangyng, dy jouns gyng Djoezika yn it sydkeammerke op bêd.
De oare moarns, doe't it folk mar krekt yn 'e jister wie, hie boerinne de pronk al oan, it breed earizer op, de swarte gitten om. Hja soe in Sweachsterreis oangean en fergje de merkekeardel dat er syn slet fan in fanke wer ophelje soe.
Mar op 'e Sweach wie de hiele merkeboel al fuort. Hja die neifraech, biskamsum, de holle read biroun, nei in man mei in bear. De lju Toeken oan 'e skouders. Ien ornearre foarsichtich, soe 't faeks wêze kinne dat er op Drachten oanhâlden wie? Boerinne waerd kjel. Drachten, it wie sa fier, mar it moast. In lange moedsume reis en alles om 'e nocht, hja wisten dêr fan gjin man mei in bear.
Tsjin 'e joun earst kaem boerinne troch alles hinne wurch wer thús. Yn it mulhûs siet Djoezika mei glinsterjende eagen en bleate brune earmen by de tafel. Boerinne achte de boaden net, mei in driigjende finger wiisde hja nei it merkefanke en easke fan Mark: ‘Dy lellebelle der út of ik der út.’
Wyt bilutsen riisde er oerein, mar kalm sei er: ‘Djoezika bliuwt hjir.’
‘Dû slachtst de brune foar de brik en bringst my joun noch nei ús Lysbeth op 'e Pein’, gebea hja Jabik, ‘mei sa'n ien sil ik net noch in nacht ûnder ien dak forkeare.’
Noch gjin kertier letter ploften de brede hoeven fan de âld poep op it sân fan 'e Spoekebosk.
Djoezika lake en song en dwaelde troch it âld hûs en sprong op it hiem om, mar it wurk kaem foar Akke op. Hwa soe it smelle brune fanke ek fergje op wurk?
It wie Mark oft er dreamde, hy wie folslein yn in oare wrâld komd, der wie mar ien mear dy't hwat foar him bitsjutte: Djoezika. Jouns naem er har yn syn sterke earmen en patte har reade lippen, har eagen, har hier. Hy krige har holle yn 'e hannen en easke: ‘Sjoch my oan.’ Yn 'e djipten fan har swarte eagen leine dreamlânnen bisletten dêr't Mark alles foar forjitte koe.
Sa gyng dat op 'e Sinnema's pleats efter de Spoekebosk. Fansels kaem der praet fan, it rôp oer de streek. Mar âlde Sibbele dy't nei de hûndert loek, sei: ‘It hoecht jin gjin nij to