| |
| |
| |
Jan Tj. Piebenga:
Skreaun yn de swarte bergen
Wer haw 'k mysels útnoege fier fan hûs,
Mar 'k eangje langer 't swalkjen op 'e rûs.
Ik socht wrâlds einen mar bleau rounom finzen,
Opsletten yn myn keale Fryske klûs.
By palmen, gleije sinne en soele simmerwyn
Is 't net dat ik it wurch forjitten fyn.
It hert skreaut lûd om har. Yn 't druvedrinken
Priuw 'k elke swolch de dea syn sûr fenyn.
Ien wurd, myn lea, ien glim, ien leave eachopslach.
Gean njonken my en meitsje gjin gewach
Fan hwatst nou witst. Astou mar effen komste,
Bitelje 'k de ivichheit it alderheechst bidrach.
It bettert oer, seit 't wize folk. Unwize treast!
De tiid slacht wounen, jierdeis pyngje meast.
Wyk nea fan my, oan d' iene of d' oare side,
Wiis my it paed. Dou gyngst de wei it earst.
De reis is lang en swier. Wy swije as it grêf,
Dou oan de oare, ik oan dizkant it hêf.
Foargoed bist yn syn dierbre earms fallen.
Myn gong waerd wif, myn earm in brutsen stêf.
Wy op dy tsjerkebank. It wurd gyng oer de dea,
Foar har dy't leauwe de ein fan 't ierdske wea.
Hwa wie doe ré? Doe't hy dyn namme flûstre,
Gyngst sûnder tsjinwar mei. Ik kin 't net, nea.
De sinne is gol en goed, ik lêst it libben wol,
Mar 'k spylje ek hjir de did komeedzje-rol.
De Fries wol 't mar min oan de dei to ploaitsjen,
Op ljochtskyndei sit 't hert him boardefol.
| |
| |
Ik seach d' ikonen hjoed, gâns hilligen om de troan.
Safolle goud en docks sa'n dûnkre toan.
Soe by dyn sjongen nou myn kleijen hearre?
Ut himelnacht rûst 't hallelkoar my oan.
De sinne is wer gien. Hy gyng dy sneintojoun
Foar dy foar 't lêst. Sûnt hast de folheit woun.
Myn sinne swymt yn 't skaed. Iens sil hja sinke
Foar 't lêst foar my. Dan haw ik dy wer foun.
Dat ik sa'n berchtop nea mei dy biklimme kin,
Seist ris tsjin my. Dat skeat my troch it sin
Doest sels de heechste top biklommen hieste,
Dou lykme allinne. O, iensume libbensrin!
Oer ivichheit en moed to stjerren roun 't petear.
Elk wurd rint stomp, sei 'k, en safolle mear.
Dou leiste yn 't gers de wolkens net to eagjen,
Net myn wurd, mar it Godswurd yn dyn ear.
De foksen hawwe hoalen, fûgels hawwe in nêst,
Mei him hast net yn 't grêf dyn lêste rêst,
Net yn myn hert, net yn der stagen gongen.
De hammer sloech oan 't krús dyn takomst fêst.
It krús: twa wegen en ten moetingspunt, syn hert.
Op elke wrâldske wei ûntkom ik dêroan net.
Wy swalken fier útien, mar fine elkoar as gasten
Oan 't bidlersmiel dêr't hy ús let en set.
De reade sinne lei op sé in gleone baen.
Wie sà de brêge net har ta to slaen?
O, as hja my, fêstklonken, nou forloste
En meinaem om de greate reis to dwaen?
| |
| |
Tijd krûpt, stiet stil, sa nytgjend 't njirrebrod.
De pine is fûl. Pasjint rint docks net fuort.
Kwael, skipe fan de dea: slim slik oan 't libben.
Ek dàt hâldt ienris op. Bliuwt óér dit ferseguod.
Yn 't lytse kleaster, heech op stejle rotstop boud,
Hat my, oan libbensein, myn flecht biroud.
Mar 'k hearde dêr aloan de hoanne trijris kraeijen
En 'k skildre allinne har namme yn sierlik goud.
Yn d' iivge weachslach, 't rôljen ôf en oan,
Leit neffens learden libbens wierst patroan.
Gjin rhythme, wyn of blom bistou, forreizge:
Yn de opgong ta de troan bist de natuer ûntstoarn.
Troch 't sjongen hast my woun yn feintetiid:
Sa sjonge bern en fûgels sielen bliid.
Sjongst nou 't magnificat yn 't koar der sill'gen,
Hwer kear ik, stomme, dan? De hel is wijd.
Hjerst, my sa leaf, wurdt ta myn fijân nou.
De master telt, hy lûkt de einstreep rou.
Forlies, forlies! Sjoch, wurge en lege hannen!
Toe, bouwer, brek myn simmerhutte ou.
Dou maeijebern naemst wrok noch wémoed swier.
Dyn ljochte leafde omfieme minsk en dier
En stie de lytsen nei. Al 't boarjen, kliuwen,
Hwat libbens ienfâld skeint, it lei dy fier.
De doarpsklok sneintomoarns. Opstanningsliet.
It paed fan 't folk dat oer de grêven giet.
It oargel droant troth duvels muorren hinne.
Sjong, deade siel! Dyn doar wurdt iepenfierd.
| |
| |
De stjûne stribbe nei de lêste kym.
Dou gliedst dêrnjonken as in ranke skym.
Dou, ik, in swijend pear, togearre reizgjend.
Dyn holle op 't kessen rêdt my fan de grym.
Safolle havens sjoen, mar nearne bleaun.
It slot fan tinzen, al dy jierren reaun,
Biknypt my 't hert. Rounom myn langsten, frezen,
Rounom ûnwenn'ge fersen, nea net skreaun.
Ik hear dyn namme yn weachgerûs en bernesang,
Yn kleare memmelaits fyn 'k dy swietlûd'ge klang,
Yn dei- en nachtmuzyk priuw 'k dyn ynfieren wêzen.
Mar 't lêste wurdt nea sein. Hert, hâld dy yn bitwang!
Celibatairjen ha 'k allang 't forslach fan wei.
De nacht in pleach. Elk ûre tôget iens'mens mei.
'k Haw, from, lykwols gjin krêft nei krús ûntfongen.
Sa toarkje 'k mar hwat om. Old soldiers never die.
It lêste hoal is 't earste allyk, it fredichst punt.
Foar memmeskurte en grêf bitellet mar ien munt,
Syn offerbloed, o hoop. De lange wei dêrtusken
Jowt striid en frettend sear. Sliep wurdt jin dêr net gund.
Alf njoggen, fjirtsjin fiif. De sifers hawwe in sin.
Gjin hat der witten fan, fan einpunt en bigjin.
't Geheim yn sinspreuk wije, o, Tredde Macht fan trije.
Bid, maeijefrou, Ik Bin, dat 'k syn genede win.
Montenegro, 1-15 septimber 1962.
|
|