De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 369] [p. 369] [Nummer 12] Jan Dotinga: Dongeradielen Dongeradielen Dêr hast de earnstige ierde en de strakke bloei fan it gewaechs binnen Gods genede - koartamich de pleatsen ûnder it hege tek fan de sinne; hja hawwe soarch om dit lân - doarpen op terpen binne heechoppe gebeden. Ik wol dit lânskip biharkje mei it ear fan it Wurd. Utbuorren Ticht by de groun fan al den dei hingje de huzen klomsk oer nei it ear fan de ierde: in flecht skouwe fûgels, oanhâld sykjend by elkoars soberheit - en ûnder in mienskiplik dak fan noeden en soargen droeg je de skelen yn. Joun Op 'e kym skoarret in slieperdyk de kommende nacht - rêstich kuijerje de lannen nei de jountiid ta; ûnder in mantel fan huver jowt it gers him fredich del en boppe it porsleinen wetter siket de stilte om in thús - it koalsiedfjild wol laitslend tsjinabbelearje; om 'e west binne ljocht en donker ijûrslachs deiles. Vorige Volgende