De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 400]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 401]
| |
wie driuwend forlet fan lêsstoffe, dy't kunstmjittich de bilangstelling foar it Frysk libben hâlde moast. Mar by in kwantitatyf gunstige ûntjowing fan dy literatuer is it needsaek, literair-kritysk oare easken to stellen, binammen mei't de jierren lâns it literair peil geandewei breder ûntjowing kriget en greater mooglikheden iepenleit foar de Fryske proazaskriuwer. Dit perspektyf kin en mei by krityske bioardieling net mear oer de holle sjoen wurde, mei't it kwantum in forriederlik faset fan literaire bloei wurde kin, as de kwaliteit net navenant is. Mar al to faek wurdt der überkühn skreaun, sûnder dat de strange eask fan selskrityk der mandélich oan is. Dat is in noedlik dilettantistysk faset fan in literatuer dy't überhaupt, mei alle war, noch fan kunstmjittichheit forlost wurde moat. Skriuwen is in died fan rjochtfeardiging, in died fan tael en gewisse. Artistisiteit liket de measte romanskriuwers frjemd to wêzen, alteast literaire. Oen dit oardiel kin A.A. van der Werf net ûntkomme, al hoe warber hy ek bisiket yn elke roman in nij thema oan to snijen. Yn syn jongste roman In hânfol brieven fan Lipk Adema wurdt dit tokoart dúdlik iepenbier. Dizze roman bifettet in forhael, dat troch allerhande frjemde, kronykeftige assosiaesjes oanelkoar laske is. Van der Werf neamt dy forbinende eleminten - lykas men út de titel gewaerwurde kin - brieven. De skriuwer hat it lykwols mei de brieffoarm net sa krekt nommen. Dit proaza hat gjin inkelde eigenskip dy't op de brieffoarm wiist. It docht lykwols ek al gau bliken, dat Van der Werf der mar hwat hinne kalke hat, hwant yn de eerste sin stiet: ‘Myn doel wie om in deiboek to skriuwen’. Nou kin in minske fan doel foroarje, mar as er op bls. 16 seit: ‘As ik it net wol sil nimmen dizze brieven lêze om't se oan my sels adressearre binne’, dan bifêstiget hy nei myn bitinken dat dit in deiboek is, alhoewol hjir mear as ien ynterpretaesje mooglik is. De foarste eigenskip fan in brief is, dat men relaesje siket, dat regelmjittich de oansprekfoarm hantearre wurdt, mar dat is yn dit gefal net mooglik en sa forfalt tagelyk it predikaet brief, al hoe't de skriuwer it ek teare wol. Sa'n presintaesje fan in roman hat hwat ûnsympathyks, dat alle artistisiteit narret en frjemd is. Van der Werf hat nei alle gedachten foar dit boek de pseudo-brieffoarm keazen om foaral net skine to litten dat dit forhael kompositoarysk net de eigenskippen hat dy't foar in roman easke wurde. As bondel brieven koe it lykwols likemin streekhâlde, om't dêrfoar it psychologysk effekt to swak is. Fangefolgen dat dit boek as bondel brieven tusken de wâl en it skip tolânne kommen is troch in dei- | |
[pagina 402]
| |
boekstyl dy't somtiden útweakket ta de normale forteltrant mei wiidweidige dialogen, mar dy't oan de subjektiviteit, brieven en deiboeken eigen, totael frjemd liket to wêzen. Dit boek is wurden in fragmintarysk en wyldseauwich journael fan lytse en greate ûndeugden út de Sturm und Drang-perioade fan Lipk Adema.
It probleem dat yn dizze roman nei foaren komt is in geastlik-tsjerklik probleem, dat yn dit boek twaderlei bitsjutting kriget. Lipk Adema, dy't yn Brabân ûnderwizeres is oan in b.l.o.-skoalle, kriget forkearing mei de roomske studint Adri (syn efternamme wurdt net neamd). Dizze Adri easket fan Lipk dat hja nei de roomske tsjerke oergiet. Dêrmei komme der foar Lipk twa problemen. Yn it foarste plak: hja kin de roomske leare net oannimme en twad: hja kin Adri net loslitte. De geastlike striid fan Lipk Adema kriget yn dizze roman lykwols ûnfoldwaende útbylding. De striid is net konstant, wurdt fan de skriuwer faek kunstmjittich ûnderbrutsen yn in flecht ta God dy't inkelde siden letter ûnecht blykt to wêzen as Lipk Adema fannijs yn de twivel stoart. Der hiene greate mooglikheden yn dit forhael sitten as de skriuwer dizze striid yn de strangens fan in brieffoarm stal jown hie, mei alle mooglikheden fan persoanlikens en fortroudens ta de relaesje. Mar dêr heart bihearsking ta en biheining. En ik leau krekt dat it binammen op dizze punten by Van der Werf heakket. Dizze skriuwer docht it him net oan tiid om in roman twaris to skriuwen en tagelyk hat er de moed net it mês yn syn wurk to setten om de wrakke stéen út to snijen. Der is by him gjin wrakseling mei de tael, mar folle earder in wrakseling mei it forhael, dêr't er it avontûr net mei oandoar, himsels twingend binnen de perken fan in flotte fortelkunst to bliuwen. Ik leau sels dat syn skriuw-aktiviteit to great is en dat syn réalisearring hwat al to rimpen ta stân komt. Hwant it probleem Rome-Reformaesje mei noch sa wichtich wêze, de wize hwerop de skriuwer it byneikomt jowt it probleem in frijbliuwende distânsje, hwerby't de skriuwer nea it gefaer rinne kin him to forskriuwen. De dialogen tusken Lipk Adema en Adri binne heilleaze bekfjochterijen oer tsjerke en leauwe dy't nearne ta fordjipping komme, mar stykjen bliuwe yn de uterlike tekens. It komt tusken dizze beide minsken - dy't nei't ik oannim goed ûnderlein binne - nea ta yntellektueel nivo. Dizze dialogen binne allerminst aktueel mar litte my sterk tinke oan leke-katechese mei in gearmjuksel fan klisjé-termen en flodderige idéen lykas dy libje by guon protestanten. Der is yn dizze roman dan ek | |
[pagina 403]
| |
gjin tsjerklik perspektyf, wol dúdlik in ôfwizing fan de roomske tsjerke. Hwant Lipk Adema bliuwt, nettsjinsteande har leafde ta Adri en it bern dat hja fan him hawwe moat, trou oan har tsjerke en yn dizze hâlding komt in protest ta utering. Dit boek is suver protestansk tocht, itjinge it goed rjocht is fan de skriuwer, mar ik freegje my dêrby ôf, oft Van der Werf hjir net tofolle yn kontrasten skreaun hat, neidat Adri folslein in marginale figuer bliuwt en oan de ein fan it boek de woastyn yn dreaun wurdt, wylst Lipk Adema yn folsleine oerjefte har sûnden biliidt en op har dôfhûdige knibbels alle twivel oerwint, dy't har troch de eask fan en de leafde ta Adri in bisiking wie. As Lipk troch it evangelisaesjewurk yn it wenweinekamp yn 'e kunde komt mei Van der Weg, komt der mei gauwens in hechte freonskip tusken Lipk en dy syn frou Lyn, dy't jeugdkanker hat en op syn heechst noch in jier hat to libjen. Dizze Lyn is fan origine roomsk, mar mei har man oergien nei de protestantske tsjerke. Yn de figuer fan Lyn komt noch it bêste in visy ta utering, om't hja winliken mei de dea foar eagen oer alle tsjerkemuorren hinne sjen wol, al lit it forline har ek dan net los. Spitich is lykwols dat de skriuwer hjir tige sterk it sentimint yn meispylje litten hat, en dat it perspektyf fan it evangeelje fan Jezus Kristus dat dêryn binammen ûnpartidich nei foaren komt, sa oerhearske wurdt fan it lijen en de wrakseling fan de minske. Der steane goede einen yn dit boek, mar it hat gjin úthâldingsformogen, it is to fragmintarysk, to krommelich fan styl. Dat dit boek skreaun waerd sûnder krityske kontrôlle op it gehiel to hâlden, toant dizze foege blomlêzing fan ûngerjochtichheden oan: ‘hwat sil my nou boppe de mûtse hingje?’; ‘Hwat haw ik nou oan de fyts hingjen?’; ‘om de reiskosten út to sparjen krûp ik wol ris wer ien fan dy Fryske studinten op 'e lije side oan’; ‘De moed sakket my op sokke jounen wol ris yn 'e hakken’. En mear fan dat soarte brike útskampers. De skriuwer bisiket op dizze manier syn styl to popularisearjen, mar falt yn brike byldspraek en healwize flaters. Fierder komt men stoplapen tsjin, dy't mei lytse fariaesje hieltyd herhelle wurde: ‘Dat wit ik nou al’; ‘Sa dat haw ik ek al wer hawn’; ‘Dat wit ik dan mar wer’. En bihalven in steal print-flaters en útdrukkingen as ‘strieminne sûndaresse’, kin men ek passaezjes tsjinkomme lykas dizze: ‘Al myn hillige húskes dêr't ik earder myn taflecht yn fine koe, steane nou op ynstoarten. It pinicht my dei en nacht. Noch mear, it tofret my. Ik wol him net loslitte en ik kin dat oare, dat frjemde, net oannimme. De nachten forskuorre my. | |
[pagina 404]
| |
Ik kin gjin rêst mear fine yn de sliep, hwant it hjitfolget my dei en nacht. It iten smakket my net mear. Hwer moat ik hinne? Oeral rize muorren omheech. De measten haw ik sels om my hinne optrutsen. Hwant hwa haw ik yn fortrouwen nommen? Myn leave âldtsjes net iens. Nou wit ik net mear hwer't ik hinne moat, dat dêrom flechtsje ik dan mar yn it soasiale wurk’. Dit demonstrearret dúdlik hoe slim it der artistyk mei de skepper fan Lipk Adema foarstiet. Hy hat him to maklik fan dit wurk ôfmakke, hwant hy kin wol fortelle; dat hat er yn eardere útjeften sjen litten. Mar syn kunstnerskip sil er noch biwize moatte. En ik leau dat it negearjen fan dat kunstnerskip - party Fryske skriuwers binne dêr net frij fan - de Fryske literatuer net foarby giet, mar har oanfret yn it djipste wêzen. It is in gefaerlike foarm fan arrivisme, dat tragyske gefolgen hat foar it Fryske proaza. |
|