| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Njoggen Sjineeske fersen
Soldateliet
Soldaet dou bist myn bêste maet,
Wy binn' fan wente en wiil forstaet,
de keizer wiist ús 't libbenspaed.
Soldaet dou bist myn bêste maet,
Soldaet dou bist myn bêste maet;
Soldaet, bistou tonei myn broer,
dan dekt myn skyld ús beide oer.
Soldaet dou bist myn bêste maet,
Soldaet, dou bist myn bêste maet.
Oan 't paed leit skielk ús bient:
de moanneskyn komt rikjend del,
in aep gûlt eangstich yn 't strewel.
Soldaet, dou bliuwst myn bêste maet,
leit earne skielk ús bient!
| |
It lok
Ik bin in wurch âld man, en elk mei 't wite:
myn tinken giet net fierder as myn foet.
Ik wit fan d' ierde inkeld mear de krite
dêr't ik tohûs bin. 'k Fjochtsje noch mei moed
soms tsjin de wyn, wol dy myn mulbân nimme.
As moanne strielet, is 't faek oft in oar
myn lute krijt as woe er him wer stimme
ta 't liet dat op 'e mûle my bistoar.
Hwat eins it lok op ierde is, jo fregen?
To harkjen nei in jonge famkesstim.
Har 't paed to wizen is hjir neat net slim:
dan giet sa'n lytse sjongende har wegen.
| |
| |
| |
Wurge kriichsfeint
Efter it keal strewel in keale rige
soldatefammen; 'k gean der net op ta:
it seit my neat en 'k wol der net om lige,
om my meije oaren 't alle gear wol ha.
'k Forgeat dat earne hill'ge streamen rinne,
it lieden fan de doarpsklok, 't is forflein.
Tûzenen dolken fykje troch my hinne,
fan oarmans stjerren bin ik slim oanein.
Sjoch, berne-eggen glânzje as goudenreinen,
yn bernehannen glânst de wyntsjelk tear...
Ik drink mar ta, aenst sil 'k de sliep wol heine
en dreame. Och, wie 'k mar gjin kriichsfeint mear!
| |
Minskelot
Fan maitiids bloeisel sparret simmer neat,
koel komt de hjerst en dan yn wite klean
de winter. Moarns forriist de sinne read
en like read is hja yn 't ûndergean.
De streamen gean fan heech nei leger sté,
de tiid rint troch, de nacht fordriuwt de dei,
sjoch, alles streamt en is ta streamen ré. -
Hún, wémoed, smerte komme efternei.
It libben is in rêd forwylge blom,
't is meiinoar: great lijen, lyts geniet.
Dy't ienkear libbe komt hjir net werom.
De ein? In grêfbult dy't fol ûnrant stiet.
| |
| |
| |
Maitiidsnoeging
drafkje troch de lichten,
Foar 'n biwoeksen herberch
maitiid, jongfammen, âlde wyn!
| |
Goadedouns
'k Blies hoeden op 'e jaden fluit, in joun,
'k rôp skimen út 't forline om my hinne.
't Oerdwealske folk je lake, waerd net woun,
'k blies foar de goaden en mysels allinne.
De goaden dounsen op har poarpren wolk,
as stjerrerein ha ek d' oerdwealsken sprongen.
Doe hat dêr, fan elks djipste lok de tolk,
myn teare jaden fluit by jountiid songen.
| |
| |
| |
Dream en died
Tsjwang-tzé wjukke yn 'e dream as flinter frij,
mar wekker waerd dy flinter wer Tsjwang-tzé.
Hwat wie nou wierheit, hwat in waenidé?
Wier, died en dream binn' wiksel jend as tij.
Al 't wetter, nei de greate séen roun,
giet nei de rots werom en wurdt wer klear.
Ien wie yn 't eastlik berchlân ienris hear.
Nou bout er fruchten op 'e wrede groun.
Sa wurde eare en rykdom samar wei.
Jim witte 't skoan. Mar libje jim dernei?
| |
Bliuwers
Mar King-Ting, it hege sté
hâlde machtich stân: hja steane!
| |
Moarntiid
De feint komt del: ‘Mynhear, it is safier,
it is al let, ik bring jo daelk it wetter.
De moarn is húvrich, sjoch, de loft is skier.
Mar net derút hjoed, dat is folle better!’
It eint net; koe ik mar mei dit of dat bigjinne,
en der sil grif ek hjoed wer nimmen foar my wêze.
Kom, 'k set de stoel by 't finster, faeks komt strak de sinne;
de waerme wyn rûkt bêst; 'k sil wer hwat fersen lêze.
|
|