| |
| |
| |
Jo Smit:
Cor Reisma ta bitinking
Neigeraden men in minske better kend hat, is it swierder opjefte oer him to skriuwen. Tritich jier haw ik de skilder Cor Reisma kend, syn wurk biwûndere, syn ûntjowing folge. Nou't er, nei minsklike bigripen to ier, forstoarn is wol ik skriuwe oer de skilder, by wize fan earbitoan oan de freon.
Cor Reisma wie in skilder en tekener pur sang, in man mei in wûnderbaerlik fakmanskip. Eltse streek fan potlead of tekenpinne wie mei folsleine wissens delset en dochs nerveus-biweechlik, eltse oanreitsing fan it doek mei it pinsiel of de kwaste, dy't er mei syn greate hân omklamme, wie in artistyk barren.
It koe him, fakman lykas der gjin twadenien yn Fryslân to finen wie, wolris in bytsje kiezzich meitsje as lju sûnder folle talint en mei in totael gemis oan kennis fan it hantwurk, foar master opslaen woene; mar oan de oare kant hied er greate wurdearring foar talint, foar djipgong en originaliteit yn oaren. Hy spande him ta it uterste yn om him aloan wer to fornijen en de spanning yn syn wurk to hâlden, dy't him nou ienris net optwongen waerd troch swierrichheden fan ambachtlik aerd. Hy koe en woe fan datoangeande net transigearje. Forachtsum, mar mear noch meilydsum seach er nei har dy't it maklike paed net mijden. Reisma, de artisan, hie fan elts wurk dat er foltôge hat, maklik tsien en mear varianten meitsje kinnen, mar de artyst koe dat net. Wol, krekt oarsom, soms nei jierren in wurk dêr't er de legitimiteit net (mear) fan oannaem, forneatigje.
Sadwaende is syn oeuvre biheind yn omfang. Oerflakkich bisjoen liket de spanning yn it wurk, dy't der hieltiten yn to finen is, net folle to meitsjen to hawwen mei it libben fan de skilder, dat dramatysker en foar in part ek tragysker skynt to wêzen as syn kunst. Dochs is der in ing forbân tusken dy twa.
Cor Reisma, mei syn great, foars postuer, hie in swak lichem en dêr wied er him tige fan biwust. Heal út âlde earnst, heal it mei de gek bislaend koed er dêr oer prate en stinne. Hy hat him al sûnt tsientallen fan jierren, foar de dea opskreaun field, faken al foardat syn kwael him foar it earst iepenbiere en al hoe iepen hy der letter oer praette, dat koe yn syn wurk allinne oan it ljocht komme troch de wei fan in hertstochtlik kiezen foar it libben dêr't er aloan wer forwûndere midden yn stiet, mei de opteine eagen fan de jeugd. Dat renaissansistyske,
| |
| |
Cor Reisma oan it wurk (1954)
| |
| |
Stillibben út 1937
| |
| |
Portret fan mefrou Reisma út 1943
| |
| |
Mozayk út 1957 (Toskhielkundige Klinyk Grins)
| |
| |
Winterlânskip út de oarlochsjierren
| |
| |
Gouache út 1961
| |
| |
Gouache út 1961
| |
| |
Gouache út 1961
| |
| |
freugdefolle sjen, fynt men, dwers troch alle foarmforskaet hinne, hieltyd yn it wurk fan Reisma werom. Yn de greate Nederlânske skilderstradysje, idéalistysk-réalistysk fan karakter - karakter yn syn meast pregnante bitsjutting, en dus út needsaek - past Cor Reisma alhiel.
Mar hy wie in Fries yn ieren en sinen, al wie er it nea opfallend. Hy hat keazen foar Fryslân, hy wenne der en hy arbeide der en hy koe it him dus permittearje der kritysk foar oer to stean. Dat died er dan ek.
Hy wie berne yn Stienwyk (9-12-1902), mar brocht in part fan syn jonge jierren troch yn Fryslân, yn Stiens, en dat hat in biskiedende tiid foar him west, lykas sawol syn libben as syn oeuvre biwiizget. Hy studearre wetterboukunde, mar fielde doe dat syn hert him nei de kunst treau. Hy waerd talitten ta de Ryksakademy foar Byldzjende Kunsten en wurke dêr mei great enthousiasme, sa dat wier it métier net folle geheimen mear foar him hie. Underwilens troude er mei de frou dy't altyd sa'n treflike stipe foar him wêze soe en hja setten har nei wenjen yn Ljouwert. It wurk dat hy de earste jierren makke wie fan suver idéalistysk-réalistysk aerd, mar syn technysk kinnen brocht him hwat langer hwat mear de kant út fan it fyn-skilderjen. Hoe knap dit wurk ek wie, it bitsjutte tagelyk foar syn alluere in stjitten tsjin grinzen, dy't er net to bûten gean koe, mar to boppen komme moast. Dêrom liet er him ynskriuwe oan de Akademy to Antwerpen om jitris learling to wêzen fan prof. Opsoomer. Dizze nije leartiid hat tige fruchtber op him wurke, hwant nou folgen doeken, great fan visy, folslein los fan de eardere, mar wol sjoen mei itselde jeugdige each foar skientme, kleur en foarm. Hy doar nou folle mear oan, jowt ek de ekspressionistyske driuw yn syn wêzen frij bod, mar skilderet as fan âlds Reisma's: portretten, stillibbens, figuerstikken, lânskip. Even geane de Reisma's nei Amsterdam, mar mei gauwens komme hja werom yn Ljouwert. Twongen, wis, troch de oarlochsomstannichheden, mar der moat fansels ek hwat wêze dat him twinge lit. Dat leit sa likernôch yn itselde flak as dat Cor Reisma eefkes letter, foar in part om de fortsjinst - lykas er sels úthâldde - folle wêzenliker lykwols as bifrijing en fornijing, it dan foar wichtich part siket yn de monumintale kunst, dy't in nije en swierder opjefte bitsjut, mar ien dy't er treast is.
Mei oerjefte wurket er yn allerhande techniken: hy makket seldsum moaije brânskildere glêzen, muorreskilderingen, mozaïken. Oan 'e ein ta is er dêr mei dwaende: syn lêste opdracht wie dy foar in mozayk foar it nije Krematorium yn Grins.
| |
| |
As foarbyld fan dit wurk is hjirby in ôfbylding opnommen fan in mozayk yn de ûntfanghal fan de Toskhielkundige Klinyk yn Grins út 1959.
It kin ek wêze dat syn foarleafde foar symboalyske foarmen him mei ta de monumintale kunsten brocht, It sterkst lykwols wurket de symboalyk hwannear't dy ûnbiwust nei foaren komt, hwannear't it gjin boarterij is mei byld en idé, mar mei de persoanlikheit fan it kunstwurk jown is en dêr't men jin pas efterôf rekkenskip fan ôflizze kin, dêr't dan wer by bitocht wurde moat dat, mei it ûnder wurden to bringen, de wurklikheit gewelt oandien wurdt.
Ta fordúdliking wol ik forwize nei it skilderij fan in slachte hoanne, dat op it Buro foar Kulturéle Saken yn Ljouwert hinget. Foar syn gefoel hat dy foarstelling hwat to krijen mei de krusige Kristus. De tragyk, mar ek it optimistyske élan fan it Kristendom is yn dy skildering oanwêzich. De forrizenis-sels, yn in gloede fan prachtige, djipwurkjende kleuren is tagelyk mei dizze deade hoanne jown. Sa, delskreaun swart op wyt, liket it fansels nearne nei, om't dy symboalyk ek explicyt net yn dat skilderij sit, mar it docht grif mei by de kwaliteiten dy't my aloan wer nei dat doek tadriuwe.
Reisma wie in kundich, in bijeftige portretskilder. Sûnder eat fan it deistige wjerkennen to missen, kringe syn portretten dochs djip yn it wêzen fan de sujetten troch, jowe hja it wêzentlike troch de uterlike foarmen hinne, binne hja tagelyk skildering en analyse. Sjoch it portret fan syn frou, dat er makke yn 1943 en dat in hege en foarname geast om him hat, mar tagelyk as portret folslein slagge is en ôf. Oan erkenning op dit mêd hat it Cor Reisma net ûntbrutsen, dêrfan tsjûgje gâns opdrachten fan partikulieren en fan ‘ynstânsjes’, en ek dy om in portret fan de Keninginne to meitsjen.
Mooglik noch hiemer as it portret wie Reisma it stillibben, faeks om't it nuodliker opjefte is, om't it wêzen fan de dingen nou ienris net bistiet. In skyn, dy't mei it meast eigene fan de skilder to krijen hat: by eintsjebislút is it syn rangskikking, syn kleur, syn foarm, dy't de dingen krije op it doek. Al yn de iere stillibbens, mei fruchten en blommen, mei textyl, metael en ierdewurk of hout bloeit hieltyd it wûnder op om it moaije dat dingen yn ús wrâld to sjen jaen kinne, as hja bisjoen wurde út in bepaelde hoeke wei. En de bistille fynpinsielderij wurdt nea ta pielderij, mar hieltyd brekt it libben yn tafallige forrassende aksinten troch.
De blomstikken, ek dy fan letter datum, binne altiten in feest. Reisma sette hieltyd op 'e nij ek syn freonen en biwûnderers
| |
| |
wer foar forrassingen, troch, mei bihâld fan syn oarspronklik, eigen hânskrift, dochs aloan wer mei nij wurk to kommen, dat wer hiel oars wie as hwat foarôf gie. Om 1947 hinne skildere er in mannich minsklike figueren en bisten, dêr't syn Kalfdrager it midpunt fan neamd wurde kin. Dit stik krige de earste priis by de útstalling Boerebidriuw yn Byld en waerd oankocht troch it Ryk. It wie net syn earste bikroaning, hwant al yn 1933 bihelle Cor Reisma de Cohen-Gosschalk-priis; yn 1935 krige er in accessyt fan de Willink van Collen-priis.
Nou't it dochs oer prizen giet moat ek de earste priis neamd wurde dy't syn tekening yn 1955 krige, dy't er ynstjûrd hie foar Rondom de Oldehove. De tekeningen fan Cor Reisma wiene altyd opfallend: swierich, feestlik en winliken sûnder útsûndering mei in typysk eigen, ûnbiwitten pikturale humor. Dat jildt ek foar de greate mennichte kalinderblêdden, dy't er makke, mar dat hâldt likegoed foar syn journalistike tekeningen. Ek yn dit wurk nammers wied er in master, lyk as elts wit, dy't as publisist wolris it foarrjocht hawn hat mei Reisma op 'n paed to gean. Hy mocht dat sels graech dwaen, faken om't it him de gelegenheit bea syn feardichheit út to libjen. Mar ek artistyk bisjoen waerden dy tekeningen faek juwieltsjes. It soe de muoite wurdich wêze as alteast dat journalistike wurk ris yn in ridlike útfiering útjown wurde koe. It swart-wyt lient him der goed ta en gâns lju Boene der och sa bliid mei wêze.
Mar hwat wy ek hawwe moatte is in greate, represintative útstalling fan syn wurk, dat nou frijhwat forspraet is, mar dochs jitris yn de hichtepunten fan in trochgeande ûntjowing toand wurde moat. It swiertepunt moat dan de rige gouaches wêze dy't er de lêste jierren makke hat en dy't sa oarspronklik en direkt binne dat se ek yn dit kunstnerslibben in lyts wûnder bitsjutte. Dy gouaches binne fan sa'n forheftichheit en sa trochhuvere fan in tragysk fielen, dat hja de biskôger rjocht yn it moed taeste en yn forwûndere ûntroering finzen hâlde. Yn har ekstreemste foarbylden binne hja folslein abstrakt, mar hja binne it net by wize fan prosédé.
It biroerde mei de abstrakte kunst, dêr't ús artistike wrâld sûnt in diel jierren mei forjown wurdt, is dat dy sa faek yndied abstrakt is. Paradoksalernôch is krekt de bêste, de wiere abstrakte kunst, tige konkreet. Gâns dêrfan is útdrukking fan út eigen gesichtsforlies yn in tiid fan forriederlik, binearjend eangjen fan ûndergong, fan ûnderlinge forwikselberens binammen, dêr't âlde réaliteiten yn oplost binne.
As Cor Reisma ta abstrakt wurk komt, dan hat dat ek dy
| |
| |
konkrete ynhâld fan oplossing fan âlde wearden, lykwols net as sosiael forskynsel - alhoewol dêr net hielendal los fan to tinken - mar as tige yndividueel barren. Folle mear fan dy gouaches, ek dy't alhiel net ‘abstrakt’ binne, hawwe dochs dat ûnthechtsjende, dat oplossende, mar hja birikke it troch in ûnbiwuste symboalyk, dy't in like réële weardeforskouwing bitsjut. De ûntroering dy't hja jowe is namsto sterker, mei't dy gouaches fan greate skientme binne.
Cor Reisma wie gjin filosoof. Dêr wied er to folle Fries ta en tinkendewei kaem er net folle fierder as in hwat faech mysticisme, mar yn it tinken mei ferve en kwasten kaem er ta in forheven wysheit en in forhoalen symboalyk, dy't dêrfan tsjûge. Mar as founemint fan dat alles, as in posityf witten, stiet yn elts wurk de sin foar komposysje en foar masterlike kleureffekten.
Dy sin foar oarder en struktuer ûnder de eagenskynlike spontaneïteit, dat is mei fan it bêste dêr't minsken hâldfêst oan hawwe, it is in gids dy't wy mear as ea brek binne. Dat makket Cor Reisma net inkeld ta in Frysk of in Nederlânsk, mar ta in Europeesk skilder.
Op 17 maeije 1962 is er rêst; noch hieltyd falt it net ta jin to réalisearjen dat Cor Reisma der net mear is. It wurk is der ommers noch en dat libbet. En sil libje.
|
|