De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 313] [p. 313] Tsjits Peanstra: Fornachting Tonacht sil ik op dy wachtsje yn de keamer fol geheimen. Wy slute de blinen en dimje de ljochten ús skaden boartsje in wajang-spul op it lewant. Tonacht sille wy fornachtsje yn de keamer fol geheimen. Wy slute de doarren en dimje de lûden ús wurden boartsje in ping-pong-spul mei de stilte. Tonacht sille wy fornachtsje yn de keamer fol biloften. Dan stiet de tiid stil. Joun Under de beammen falt de joun as in leaden skaed yn it wetter spatte stjerren útelkoar; autoljochten meane in rotonde fan haest de stêd lûkt in mantel oan fan néonreklames en yn de portiken rûkt it nei romantyk. De wyn nimt muzyk mei út in fier lân. Vorige Volgende