De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 270]
| |
Marten Sikkema:
| |
[pagina 271]
| |
wie it lok mar nou komt it neijer
de ljochten op dim - it is hoar
de nacht al foller en moaijer
om ús hinne - wy leavje elkoar.
Bleek mearke wurdt nou forline
tinken en tiid falle wei -
op 'e grins komt it lok ús nei
en wy sill' inoar warleas fine.
IX
Lit my dan skûlje yn dyn dream
om lokkich glimklend dêr to sliepen
bliid to binachtsjen oan de seam
fan 't great geheim - de finsters iepen
op 't rûzjen fan de simmernacht
dêr't alles sjongt.
Wy harkje swije
en 't hat foargoed ús yn 'e macht -
mar kinn' wy 't earne better krije?
|
|