Sybe Sybesma:
De tael mei lange teannen
‘If men cease to believe that they will one day become gods, then they will surely become worms.’
Henry Miller
‘It hat bliken dien, dat de âlde vexearfrage, oft it Frysk in tael of in dialekt is, noch altyd emosionéle réaksjes by de Friezen opropt, dat men har noch altyd op ien ein krije kin troch it Frysk in dialekt to neamen; hwa't bisiket ús op stang to jeijen hat altyd sukses, as er dit middel tapast.’
Mei dizze drôfgeastige folsin startte de hear F.J. Bergstra yn it jannewarisnûmer fan De Tsjerne, jiergong 1962, syn wiidweidich artikel It dialekt, de lange teannen en it minderweardichheitskomplex, dat yn syn gehiel as feuilleton romte ynnaem yn de earste trije nûmers fan dy jiergong. Sûnder mis in fruchtber útgongspunt foar in miskien fruchtbere diagnose fan in rige psychyske tokoarten, dêr't in great part fan ús, Friezen, mei oanklaud sit. Nou wol ik derôf wêze, ynhoefier't likense tokoarten fêst to stellen binne by de greate mannichte fan de biwenners fan oare ‘plattelânsprovinsjes’, yn Fryslân lykje hja yndie foaral fiksearre oan taelgefoelichheden. Hwerom? En hoe wurde wy dy tokoarten de baes sûnder folsleine assimilaesje oan de noarmative ‘way of life’ yn Nederlân - lês: Hollân?
De earste fraech: hwerom binne typysk-Fryske minderweardichheitsgefoelens sa sterk fiksearre oan taelgefoelichheden, doelt op in andert, dat miskien útslútsel jaen kin oer de genese fan dit kollektive minderweardichheitskompleks; dit andert sil teffens in útspraek dwaen oer oft en sa ja, yn hoefier't de twade fraech sinfol is.
Ik bisef hiel goed, dat ik hjirmei de kwestje, dêr't de hear Bergstra sa dúdlik oer oan it wurd west hat, in bytsje oars biljochtsje, al wit ik yn 't foar net, oft ik ek fruchtberder fragen stel. Bergstra stroffele oer de omstannichheit, dat wy Friezen op stang to jeijen binne mei it karakterisearjen fan it Frysk as in dialekt, en net in - aparte - tael. As ik him goed bigrepen haw, wie by ek op syk nei klearrichheit oer hwer't dy ‘emosionéle prikeling weikomt.’ Wel, dêrop ûndersocht er in tal mooglike argumintaesjes foar de stelling, it Frysk wie in selsstannige, autonome tael.