| |
| |
| |
Tiny Mulder:
Hundert jier mei Alice yn Wunderlan
Op 4 july wie it krekt in ieu lyn, dat de rju earwearde hear Charles Lutwidge Dodgson, doe tritich jier en lektor oan Christ Church College yn Oxford, in middei to roeijen wie op de rivier mei de trije dochterkes fan professor Liddell: Lorina, Alice en Edith. Se hiene thé, brochjes en cakes mei en hâldden in picnic oan de wâl. Doe moat ien fan de famkes frege hawwe, lyk as alle bern altyd oan alle greate minsken freegje, yn hwa't se tagedienens foar bern oanfiele: ‘Fortel ús ris in forhaeltsje, minhear Dodgson?’ En by bigoun in forhael oer it famke Alice, krekt sa'n famke as de lytse Alice Liddell.
‘Alice krige der skjin har nocht fan om by har suster oan de kant fan it wetter to sitten en neat to dwaen. Se hie alris mei in skean each yn it boek sjoen, dêr't har suster yn siet to lêzen, mar dêr stiene gjin printsjes en gjin petearen yn. “En hwatfoar sin hat in boek”, tocht Alice, “sûnder plaetsjes en petearen?”
Hja biprakkesearde krekt (sa goed as hja koe, hwant it waerme weer makke har slûch en sleau) oft de wille fan it meitsjen fan in keatling fan koublomkes de muoite fan it oereinkommen en it plôkjen fan de koublomkes wol wurdich wie, doe't hommels in Wite Knyn mei reade eagen deun by har lâns draefde.
Dat wie net sa bjuster opmerklik, en Alice seach der ek net sa bjuster nuver fan op, doe 't hja de Knyn by himsels sizzen hearde: “O hea! O heal Ik kom grif to let!” (doe't se der letter oer neitocht, bitocht se, dat hja der wol nuver fan opsjen moatten hie, mar op it stuit like it har hiel gewoan ta); mar doe't de Knyn wier-wier in horloazje út syn festjebûse helle, der op seach en doe fierder draefde, sprong Alice oerein, hwant it skeat har yn it sin, dat hja noch noait earder in knyn sjoen hie mei in festjebûse, noch mei in horloazje om der ta'n út to heljen, en barnend fan nijsgjirrichheit draefde se dwers troch de greide efter him oan, en kaem krekt op 'e tiid om to sjen, dat er yn in great kninehoal ûnder de hage plofte.
In tel letter skeat Alice efter him oan nei ûnderen, sûnder der ek mar in eagenblik by stil to stean, hoe't se oait wer werom komme soe. It kninehoal gie in eintsje rjochtút, krekt as in tunnel, en bûgde doe hommels nei ûnderen, sa hommels,
| |
| |
| |
| |
dat Alice gjin tiid hie om to bitinken, oft se faeks ek better ho hâlde koe, en se fornaem, dat se yn de bidelte Poel troch in soarte fan tige djippe put.’
Dy moaije simmerske middei fan 4 july 1862 fortelde Charles L. Dodgson mar oan en mar wei fan Alice yn de ûnderwrâld, in forhael fol frjemde moetingen mei nuvere bisten, fol fan de wûnderlikste aventûren mei koekjes en drankjes, dêr't je hommels o sa great of o sa lyts fan waerden, en fan in ‘minsklike’ bifolking, yn haedsaek gearstald út spylkaerten mei earms en skonkjes oan de fjouwer hoeken.
As Dodgson efkes ophâldde mei fortellen, fitere de echte Alice him oan om fierder. Se wie syn muze by dit forhael, dat de titel Alice in Wonderland krige, likegoed as by it forhael Through the Looking-glass en it greate gedicht The Hunting of the Snark, en in ûnforduldige muze wie se, altyd freegjend nei mear. En sa ûntstie dêr oan de kant fan de rivier en op in pear middeis dêrnei it wrâldforneamd wurden forhael Alice in Wonderland. Op oanstean fan Alice Liddell skreau er it forhael op en hy makke der ek tekeningen by. Krysttiid 1862 krige Alice Liddell it manuskript mei de tekeningen as presintsje. It bern fan sawn jier kin net biseft hawwe, dat troch it forhael har namme in leu letter noch forneamd wêze soe yn suver alle lannen fan de wrâld.
Yn 1865 forskynde Alice in Wonderland yn boekfoarm. Mar net mei de tekeningen fan Dodgson sels, en ek net mei de wiere namme fan de skriuwer. Lewis Carroll keas Dodgson as pseudonym en it boek waerd yllustreard mei houtgravueres fan John Tenniel. Dy yllustraesjes binne like forneamd wurden as it forhael sels. Likegoed binne Dodgson syn tekeningen net forlern gien. It manuskript mei de oarspronklike tekeningen hat foar 1940 op in feiling ₤ 30.000, - opbrocht en it is nou yn it British Museum yn Londen. Yn 1886 waerd in biheind tal eksimplaren fan ‘Alice’ útjown mei Dodgson syn tekeningen derby en forline jier is yn de pocket-seary Everyman's Library op 'e nij ‘Alice’ útjown mei de yllustraesjes fan de skriuwer. As de oersetting Alice yn Wûnderlân yn it Frysk forskynt, dan sille dêr as it hwat kin de forneamde yllustraesjes fan John Tenniel by komme.
Sûnt dy fjirde july 1862 is Alice in Wonderland fortaeld yn alle mooglike talen. Miljoenen bern hawwe it lêzen en smiten folwoeksenen, dy't sa forstannich west hawwe de bân mei it bernelân net, of net definityf, troch to knippen, hawwe der
| |
| |
yntins fan genoaten. Tsientallen toanielbiwurkingen binne der fan makke, komponisten hawwe der ynspiraesje út opdien, tekeners en skilders hawwe der oer gear west om nije yllustraesjes to meitsjen by ‘Alice’. Yn myn boekekast steane pocketûtjeften, mar ek bisûnder lûkse eksimplaren fan Alice in Wonderland, guon mei foaropwurden fan forneamde skriuwers, lyk as Alexander Woollcott en André Maurois. Fansels is der in útjefte under de titel La Aventuroj de Alicio en Mirlando, itjinge, lyk as elk wol bigripe sil, it libben yn in kninehoal biskriuwt yn it Esperanto, mar hwa't mear thús is yn Arabyske talen, hoecht it libben ek net sûnder ‘Alice’ troch.
Hwa't Ingelsk ken, wurdt achte Alice in Wonderland to kennen, kwant njonken de Bibel en Shakespeare, is ‘Alice’ it meast sitearre boek yn de Ingelsk pratende lannen. It is hielendal gjin útsûndering as yn de gearkomsten fan it Britske parlemint Alice sels, de Wite Knyn, de gekke Huoddemakker, de Sliepermûs, de Hertenkeninginne, de Sabeare Skyldpod of de Griffioen to help roppen wurde, om yngewikkelde saken mei in sitaet sa helder as glês to meitsjen. En men kin suver gjin Ingelsktalige krante opslaen, of ‘Alice’ stiet der yn. De foarige moanne noch hie in Amerikaensk moanneblêd as titel fan in essay oer it negerfraechstik Through the Racial Looking-glass, in dúdlike assosiaesje mei de titel fan Carroll syn op ien nei forneamdste boek Through the Looking-glass.
Hwa't him hwat jowt yn de libbensskiednis fan Dodgson alias Lewis Carroll sil grif tinke moatte oan Dr. Jekyll and Mr. Hyde fan Robert L. Stevenson, dy wûnderlike symbiose fan de boarger en de boef yn ien en deselde persoan. Net, dat Dodgson-Carroll ek de kombinaesje boarger-boef fortoande, mar wol moatte der yn de rju earwearde hear Dodgson twa ûnderskiedene persoanen libbe hawwe. De théolooch en wiskundige Dodgson joech les yn wiskunde oan de studinten fan Christ Church College en by skreau gelearde boeken oer mathematyske fraechstikken. Boppedat wie er in net ûnfortsjinstlik fotograef en ek oer de fotografy, dat nije wûnder fan de fine technyk, hat er boeken skreaun.
De bernefreon Lewis Carroll libbe fier bûten de skoallemuorren en bûten de rounte fan de gelearden yn Oxford. Hy mijde de omgong mei oare folwoeksenen en socht de bern op, dy't er uren en ûren formeitsje koe mei syn enoarme fantasy. Ek as er preke foar bern, fielde er him as théolooch it meast op syn plak en de bern harken mei sawn pear earen.
Wylst by hwat langer hwat mear namme makke as skriuwer
| |
| |
fan berneforhalen sette er likegoed syn publikaesjes fan bilangrike wiskundige wurken fuort ûnder syn eigen namme. As gelearde mij de er de publisiteit en bisocht er hieltyd to ûntkommen oan de lof, dy't Lewis Carroll tabrocht waerd. Op in kear skreau er: ‘Mr. C.L. Dodgson erkent gjin inkelde relaesje mei hokfoar pseudonym ek of mei hokfoar boek ek, dat publiseard is ûnder syn eigen namme.’
Lewis Carroll (sa't wy him yn dit artikel tonei neame sille, omt it giet oer syn skriuwen foar bern) moat yn syn uterlike forskining hwat in stive en ûnhandige man west hawwe. Hy hie in lyts spraekmankemint (hy koe de p net sizze) en syn stjitterige wize fan rinnen makke de lange, delikate figuer fuort kenber yn de strjitten fan Oxford, en dat wylst er in ienselvich man wie en leafst sa min mooglik opfoel. Oxford hâldde him foar in gek, mar Alexander Woollcott skriuwt, dat Carroll de mienskip yn Oxford altyd noch in krom gekker foun as hja him. Yn wêzen achte Carroll alle minsken gek.
‘Wy binne hjir allegearre gek’, sei de Siferske Kat tsjin Alice. ‘Ik bin gek. Dou bist gek.’ - ‘Hoe witte jo, dat ik gek bin?’ frege Alice. - ‘Dat moat wol sa wêze’, andere de Kat, ‘oars soene jo hjir net kommen wêze.’
‘Hjir’, dat is it Wûnderlân, mar it hat mear as in lyts bytsje mien mei de Ingelske mienskip yn de tiid fan keninginne Victoria. Tagelyk is, tinkt my, Alice in Wonderland in útbrekken - yn it absurde dan - at de stiif yn it korset fan boargerlike wissichheden en konvinsjes reaune mienskip fan it Victoriaenske Ingelân. Hoe tige keninginne Victoria yn har forbline hearsksucht oertsjûge wie fan it rjocht fan har unike posysje as draechster fan kroan en macht, mei omstannich biwiisd wêze mei allerhanne feiten, faeks is it feit, dat hja Alice in Wonderland ûnbikommere biwûndere, sûnder hwat erchtinkender de Hertenkeninginne en de sljochte Grevinne to bisjen, wol in tige sterk biwiis. Hja forsocht Lewis Carroll syn folgjend boek oan har op to dragen. Mar dat boek wie, spitigernôch foar de foarstinne, in wiskundich wurk mei de titel An Elementary Treatise on Determinants.
Oft Lewis Carroll dêr syn wille oan hawn hat? As dominé en lektor Dodgson stelde er priis op forsoarge omgongsfoarmen. As er gasten hawn hie, hâldde er yn syn kaertsysteem by, hwer't se sitten hiene by tafel, hokker iten en hwatfoar drinken as se hawn hiene, sadat se in oare kear net wer deselde tafelgenoat en itselde iten krije soene. Mar hy koe net forhoedzje, dat er altyd wer yn situaesjes bilânne, dy't syn
| |
| |
reputaesje fan nijsgjirrige gek forsterken. Sa kaem er op in dei yn in hûs, dêr't er tocht alinne bern to finen. Foar bern die er alles. Hy hie thús altyd wol hwat kikkerts en mûzen, spultsjes en puzzles by de hân om de bern to formeitsjen. Mar diskear, yn in frjemd hûs, moast er hwat oars bitinke. Hy kroep op hannen en fuotten nei de keamersdoar en bromde lûd as in bear. Hy treau de doar op en... bidarre op in gearkomste fan âlde dames, dy't it hast bistoaren. Carroll sei net in wurd, kaem oerein, kearde him om, die de keamersdoar wer efter him ticht en fordwoun. Oxford hie wer hwat om oer to praten. Likegoed hat er dêr omtrint fyftich jier doseard. Mar ien kear hat er bûten Ingelân west. Hy socht Ruslân út foar syn bûtenlânske reis, in lân, dêr't sa goed as nimmen oars hinne gie.
Hearrichheit oan de konvinsje en protest tsjin de konvinsje hiene in swiere strijd fiere kinnen yn dizze poëet yn de heechtiid fan de rede. Syn oplossing wie, himsels to fordielen yn twa persoanen: Dodgson en Carroll. Alice yn it forhael fordielt harsels bytiden ek yn twaën.
‘Kom, sok gûlen jowt neat!’ se! Alice frij lulk tsjin harsels. ‘Ik jow dy de rie der fuortdaliks mei op to hâlden!’ Se joech harsels almeast tige goede rie (alhoewol se dy rie komselden opfolge), en bytiden makke se harsels sa út, dat se de triennen derf an yn de eagen krige, en it heugde har ek noch, dat se ris bisocht hie harsels om 'e earen to slaen, omt hja gemien spile hie by in spultsje, dat se mei harsels spile hie, hwant dit wûnderlike bern mocht graech beare, dat se twa minsken wie.’
Fansels is oan Carroll gauris de fraech dien, hwerom oft er ‘Alice’ skreaun hie. Syn andert hat er ris opskreaun: ‘It hwerom fan dit boek kin en hoecht net ûnder wurden brocht to wurden. Hwant minsken foar hwa't de bernegeast in sletten boek is en dy't gjin glâns fan it hillige ûntdekke kinase yn de glimk fan in bern, soene sokke wurden dochs net bigripe, wylst immen, dy't ea fan in echt bern hâlden hat, gjin wurden nedich hat.’
Dat de Wite Knyn, in deftich, eptich en oan de etikette hingjend bist, koartsein in Victoriaenske Knyn, dy't nettsjinsteande syn bêste bidoelingen altyd flaters slacht, foar it selsportret fan de skriuwer gean kin, hat er sels, foarsafier ik wit, nea útsprutsen; miskien hat Carroll it him net ienris réalisearre.
Hwat Alice Liddell oanbilanget, it famke, dat Carroll altyd wer ynspirearre ta syn biminlike fantasyën, hja groeide op ta
| |
| |
in kreaze jonge frou, dy't troude mei Mr. Hargreaves. Se noege de rju earwearde hear Charles Dodgson op de thé yn Christ Church. Mar fan it eagenblik ôf, dat by mei har en har susters omgean moast as dames, forlearen se foar him elke réaliteit. De Alice fan syn fantasy lykwols waerd him hwat langer hwat dierberder.
In sterke kearel hie Carroll nea west, mar by arbeide altyd hurd - ek, doe't er al fier oer de sechstich wie. Hy wie noch soun nei lichem en geast, mar hommels krige er de gryp en nei in deimannich wie er al wei. Dat wie op 14 jannewaris 1898. André Maurois jowt as kommintaer op de dea fan Carroll: ‘C'était une mort absurde. Naturellement.’
Miskien is it net sa'n toer to bigripen, hwerom't Alice in Wonderland de Ingelske lêzers yn de tiid fan Victoria fuort oanspriek. Hjir wie common sense yn de eigenwize en wetige opmerkingen fan Alice, mar formongen mei fantasy en humor yn de sabeare djipsinnichheden fan de Grevinne, de yn wêzen machteleaze tiranny fan de Hertenkeninginne en yn de luftige boarterijen mei serieuze wurden en sizwizen. It woe de lêzers wol oan, foaral omt Caroll nea kommintaer joech of mei in morael kaem (hy sloech wol de draek mei it moralisearjen) en nimmen hoegde him dus oan it forhael to steuren of him deroan to stjitten. Wie it forhael net in bernedream? Mar likegoed lei it Wûnderlân njonken de Ingelske doar, grinzge it absurde oan de réaliteit. It forhael wie kleardernôch gjin wyldseauwich optinksel fan in harsenleaze fantast, dat lêzen en fuort wer forgetten wurdt, mar in subtile boarterij mei de werklikheit. En dat is krekt de soarte fan humor, dy't de Ingelsken oansprekt. Men hoecht der Punch mar foar troch to blêdzjen en de Ingelske cartoons op nei to sjen: in lytse forskouwing fan in sa op it each ûnbitsjuttend detail, en dêr is de humor.
Yn In the Looking-glass binne de twa Riedshearen fan de Kening nei de stêd ta.
‘Sjoch de dyk ris út en siz it my, as ien fan harren der oankomt’, sei de Kening.
‘Ik sjoch nimmen op 'e dyk’, sei Alice.
‘Hwat woe ik grech, dat ik sokke bêste eagen hie’, sei de Kening oergunstich. ‘Dat jo Nimmen sjen kinne! En dan ek noch op sa'n ôfstân!’
De humor is net de antipode (Alice neamt antipoden Antipathyën!) fan de réaliteit; by is to forgelykjen mei in bern, dat de trêften en tokoartkommingen fan syn wizere âlden
| |
| |
faek dúdliker en helderder sjocht as de âlden sels, mar mei niget en tagedienens. Op likernôch sa'n wize jowt de humor, en binammen de Ingelske humor, faek in forklearring fan de réaliteit. (Yn In the Looking-glass geane gauris de gefolgen foarôf oan de oarsaken: de Keninginne ropt earst ‘au!’ en dan wit se, dat se har mei de spjelde stekke sil; hwat ek bart). Gjin niget dus, dat der noch suver alle dagen yn Ingelsktalige lannen gebrûk makke wurdt fan de mooglikheden, dy't Lewis Carroll yn syn beide boeken mei Alice as haedpersoantsje jown hat, om mei de humor en it absurde, it réële en it ridlike to forklearjen, en dat men, hûndert jier neidat it forhael forteld is, noch allegeduerigen sitaten út Alice in Wonderland en út it efkes jongere In the Looking-glass hearre en lêze kin.
Bihalven forklearring jowt de humor ek oanfolling. Foar Lewis Carroll bitsjutte de omgong mei Alice Liddell en oare bern de opfolling fan in manko yn syn gefoelslibben, dêr't er yn it foarmlike en yntellektuéle formidden fan Oxford gjin foiling foar fine koe. Hy moat biseft, of alteast oanfield hawwe, dat de redenearringen fan folwoeksenen altyd in manko hawwe, hwer't de logika fan bern dy net hat, omt dy it gat opfolje mei fantasy en humor. Yn dizze sin soe ús sizwize ‘mei de gek bislaen’ net perfoarst in hurdhandige metoade hoege to bitsjutten om de earnst oer board to setten of de werklikheit net akseptearje to wollen, mar de sizwize kin dan krektlikegoed bitsjutte: de gek, de humor, dêr op de earnst, de réaliteit timmerje, hwer't dy holle of keale plakken fortoant, en dy sadwaende ‘hiel’ to meitsjen. Sa is de humor, en binammen de Ingelske, tagelyk forklearring en kompletearring fan de werklikheit, dy't dértroch bigrypliker wurdt en efkes makliker to fornearen.
Ingelân en de Ingelsken hawwe wol slimmer perioaden trochwraksele as it Victoriaenske tiidrek, dat alteast noch in biskate charme hie. Folle charme foel der alteast net to ûntdekken yn Ingelân yn de twadde wrâldoarloch. De Ingelsken krigen, hwat Churchill en Hitler har ûnthjitten hiene: bloed, swit, triennen, bommen, deaden, pún. Se krigen ek, en wol tagelyk, spitse Ingelske moppen by tûzenen en in hiele seary boeken mei pûrbêste cartoons op striemin papier. Forskeidene dêrfan hiene Alice of ien fan de figueren út Alice in Wonderland en In the Looking-glass as basis.
Alice is nou krekt hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben, en noch altyd oarsaek fan biwûndering, net minder as op dy moaije middei fan de fjirde july 1862, doe't in jonge wiskundige trije lytse famkes in forhaeltsje fortelde.
|
|