De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 285]
| |
By de dea fan Teatske AlzumTeatske Alzum forstoarn... it joech my in skok doe't ik it hearde, foaral om't ik har inkelde jierren net sjoen hie en fan doel wie har wer ris op to sykjen. De lêste kear dat ik fan har hearde, wie yn in brief dy't hja skreau doe't ik nei Skylge emigrearre. Mar ik bin bliid dat ik by har libben noch de kâns krigen haw my wurdearjend oer har wurk lit to littenGa naar voetnoot*) en dat it net inkeld postúm hoecht. As nammefetichist wie ik mei Teatske Alzum yn 'e kunde kommen. Ik hie wurk lêzen, ûndertekene mei Teatske Alzum dat fan talint tsjûge. De hamme like my fortocht, to moai hast om samar hwat fan de boargerlike stân to wêzen, dat ik tocht oan in pseudonym. De birjochten oer har wiene ek faech, it iennichste dat ik to witten kaem, wie dat hja yn Moarre wenne. Op in dei bin ik doe út Grins wei nei Moarre tein. Yn jeuchlik optimisme makke ik gebrûk fan iepenbiere forfiermiddels, hwat ik letter nea wer dien haw om dêrsa to kommen. Yn de iere moarn reizge ik ôf, yn de lette joun wie ik werom, mar hie doe in ûre mei Teatske Alzum praten. Ik wist doe dat Teatske Alzum gjin pseudonym wie, mar de wiere hamme fan in bijeftige skriuwster. In lyts frommeske, net sa jong mear, yn in lyts winkeltsje yn in úthoeke fan de wrâld..., mar in skriuwster mei in spontaen witten fan de dramatyske spanningen dy't tusken minsken steane. Hja hie net leard, hja wie net bireizge, hja stie net foaroan, hja wie net troud en wenne mei har suster, mar hja wie in natûrtalint. Hja wie orthodoks-kristlik en stiek dat net ûnder stuollen of banken, mar it wie alhiel net oplein by har, it wie echt. Hja hie lytsachting noch meilijen mei de heiden dy't ik nou ienris bin, al achte hja dat wol in lyts bytsje spitich. It meast dearde har lykwols oan dat út it wurk fan gâns posityf-kristlike skriuwers mar och sa'n bytsje forhef útgean koe foar de eigen, mar binammen foar de oare rounte. Hja hope nochris in roman to skriuwen dy't tsjûgje soe, net opsetlik, mar gewoanwei fan binnenút, fan kristlike wearden. Ik hear nou, dat der in roman yn hânskrift ré leit en ik hoopje dat it sa is; ik hoopje dat it in goed, dat it in bêst boek is. Dan sil myn bitrouwen yn it fenomeen Teatske Alzum rjochtfeardige wêze. Mar ek as dy roman net slagge wêze mocht, hwat hielwol kin, hwant de forliedingen fan bûtenôf binne great en hast net fan to ûntkommen, dan noch sil ik oertsjûge bliuwe fan har talint. Teatske Alzum hie hwat fan de elemintaire krêft yn har fan in Emily Brontë, mar hja hat de erudysje fan de Brontë's misse moatten. Hja moast skriuwe, fan binnen út, stal jaen oan spanningen om en tusken minsken en hja die it mei oerjefte en mei wissens. In wissens yn it delsetten fan situaesjes mei weilitten fan alle omballingen, mei in styl-ekonomy dy't de net-studearre minsken komselden eigen is. Hja forwûndere har oer dy driuw ta skriuwen, mear as oer it resultaet. ‘Hwat is it nuver, dat men dêrmei pielt, n'twier?’ sei hja tsjin my yn in ynstinktyf witten dat dat foar my ek jilde soe. Dat is ek sa, allinne diskear is it net nuver, dat ik mei dit stikje piel: it is in died fan solidariteit. In tige bisûnder frommes is by ús weinommen; my tinkt dat hja noch tige apart wurk jown hawwe koe en ik leau dat ek de Fryske literatuer de forliezer is. JO SMIT |
|