Krityk yn it koart:
Moliere Frysk
De Nepert (l'Avare). Blijspul yn fiif bidriuwen fan Molière, forfryske fan Geart Jonkman. Utjefte De Terp - Ljouwert, 1961.
As it wier is, dat ‘kultuer’ datjinge is hwat út 'e bus komt as minsken fan 'e need in deugd meitsje, dan kin de oersetting De Nepert nei Molière syn blijspul l'Avare, fan de hân fan Geart Jonkman, dêr skoan byrekkene wurde. Hwant it falt net to ûntstriden, dat it Fryske toaniel yn 'e nederklits sit, foaral troch in to stadige groei. Der binne wol stikken, en der wurde ek wol skreaun, mar it measte is kwalitatyf mar sa-sa. Nou is der stoffe genôch, mar dy wurdt net altyd sjoen, en de skriuwers dy't der al each foar hiene, hawwe net altyd genôch ‘toaniel’ yn 'e fingers, en de toanieliju sels hawwe it net altiten oan tiid of faeks to min ‘greep’ op 'e stoffe, dat hoe't men it ek keart of draeit, de measte Fryske toanielselskippen moatte stûf sykje om gaedlike stikken - om fan it ekonomysk motyf by somlike skriuwers, dy't it àl kinne soene!, noch mar to swijen. Gjin wûnder dus, dat der faken omsjoen wurdt nei bûtenlânske stikken, dy't harren deugd al biwiisd hawwe, moderne, mar ek klassike, dy't de tiid treast binne. Foaral dit lêste is net sa gek as it faeks liket, krekt mei it each op de stân fan saken by fierwei it measte Fryske (amateur)toaniel, dat yn 'e praktyk frijhwat stasionair is. Dit wie foarhinne net sa slim, hwant hja spilen foar 't plesier en it publyk dêr't foar spile waerd stie der al net sa bot oars ûnder. Mar stint de wrâld - siz mar: ús wrâld, dus ek Fryslân - net it minst op it stik fan kulturéle kommunikaesje, bygelyks troch de t.v., iepenbrutsen wurdt, grypt in biskate kulturéle evolúsje ek breder om har hinne as earder, doe't hja allinne mar de ‘happy few’ birikte. En sûnder nou it greate publyk to oerskatten, bin ik der grif fan oertsjûge,
dat - ek by uzes - de potinsiéle ‘happy few’, yn kulturéle sin, lang sa ‘few’ net binne as guon kultuerpessimisten wol úthâlde woene. Dat, nou't de crème de la crème fan it ynternasionael toaniel troch de t.v. ek by ús yn 'e wenkeamers brocht wurdt, wurdt ús eigen leafhawwerij dêrfan ferge. Dit skat ik op in shocktherapy, dêr't it Fryske toaniel yn 'e neiste takomst ûnder deabliuwe sil, of mei rêdden wurde.
Dêrom wie it net wei, as ús amateurselskippen har ris bikweadigen oan ‘kasstikken’ fan it itige Europeeske repertoire; in biskate ateliermentaliteit, yn golle konkurrinsje mei hwat it ‘skerm’ ús foarset, soe har net misstean. Wel, mei dit foar eagen is in protte to sizzen krekt foar de kar fan Molière. Hy wie in toanielman oant yn syn fingerseinen en syn stikken binne meastal fan a oant z toaniel. Wol binne der - nou - miskien biswieren oan to fieren tsjin sa'n kar, dy't oanheakje op 'e soasiale eftergroun efter syn intrigues, yn ûnderskie mei ús aktuéle bisteansbitingsten, krekt yn syn typearjen fan persoanen en situaesjes, en mei syn - fan syn eigen, 17e ieusk, publyk as to oerdreaun oanfielde - vis comica reaget er dizze biswieren folslein oan 'e kant en is er foar it Frysk toaniel, earne