De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 262]
| |
Jan Tj. Piebenga:
| |
[pagina *23]
| |
PROF. DR. JOHAN HUIZINGA
(1872-1945) | |
[pagina 263]
| |
trunet syn leafde foar it eilân him oan ta ûndersiik fan it forline fan dizze biheinde Sieuske mienskip. Yn syn wurk De Wetenschap der Geschiedenis wiist er op de bitsjutting fan de pleatslike skiednis. It bysûndere en it algemiene moatte hieltyd opinoar bitrutsen wêze. It neigean fan de skiednis fan in stêd, in doarp, in gilde, in kleaster, in famylje, hoecht gjin blynstoarjen op it partikuliere to wêzen as it mar op in gehiel fan kennis en op in biskate synthese rjochte is. Huizinga is der wis fan dat de oanhinklikheit, de bisibbens, de forbyldingskrêft, de bloedslach fan it waerme libben it histoarysk ûndersiik bifoarderje. Dêrom sjocht er ek nea del op de histoaryske dilettant, mar forwolkommet er him suver as in kollega. Fakhistoarikus, spesialist, hater fan amateurisme is Huizinga nea wurden. Hy koe sels in protte kanten út en hat dan ek forskate wegen bigien. Hy wie neffens syn akadémyske stúdzje filolooch, mar foar de klassike filology hat er net field. Hy waerd tagelyk oanlutsen fan de germanistyk en fan de oriëntaelske taelwittenskip; dêrby wied er altyd mear de literator en artistyk-gefoelige, as de man fan sifer, feit en wet. Yn en troch de tael libbet it sentimint, dat foar him it hert is fan de histoarje. Fan ‘kunst om de kunst’ moat er neat hawwe en de Tachtigers sizze him al likemin folle as Piter Jelles. Huizinga is binammen ethikus; gjin filosoof of théolooch, mar altyd man fan de formoanning. Sa'n figuer kin net beare dat Fryslân net foar him bistiet. As foechjonge sjocht er yn Grins in histoaryske optocht: Edzard, greve fan East-Fryslân, tsjocht de stêd yn. It aparte fan Grinzerlân neffens natuer en kultuer hat er al gau in iepen each foar; hy sil altyd tige fan de natuer, fan kuijertochten bûtenút hâlde. Wurdt er studint en jowt er him ta de germanistyk en de forgelykjende taelwittenskip, dan leit er him in skoft mei in opmerklike foarleafde op it Aldfrysk út. Dat hat er fansels fan syn learmaster, de neerlandist prof. dr. W.L. van Helten, oerkrigen, dy't in bitûften kenner fan it Aldfrysk wie en der in stiktrije wichtige publikaesjes oan wijd hat. Dochs wurdt er gjin frisist, mar tonearsten oriëntalist; mei syn Hebrieusk en Arabysk en Sanskrit liket er deselde kant op to gean as syn Fryske tiidgenoat, de Jirnsumer oriëntalist M.Th. Houtsma. Moat dy oergong út it polaire fan syn noardlik wêzen forklearre wurde? Sit der hwat yn fan de flecht foar himsels, de Fries oars mear eigen as de Grinzer? De Grinzer jonge en studint komt nei in ridlik lang forbliuw om utens en nei swiere reizen yn it min-tagonklike lân fan de Ald-Indyske literatuer dochs wer yn Grins werom, foar him- | |
[pagina 264]
| |
sels en party oaren folslein ûnforwachte as heechlearaer yn de skiednis. It Haerlimske forline moat wike foar it Grinzer forline. En yn dat forline dolt er gauris nei de Fryske woartels. Naesje, nasionael bisef, nasionaliteitsgefoel, it is in ûnderwerp dat him syn libben lang tige nei lizze sil. It patriottyske is by him in positive krêft, mar hy is net blyn foar ûntaerding en miswoeksenheit. J.S. Theissen syn dissertaesje oer Centraal Gezag en Friesche Vrijheid is yn 1907 noch mar in skoftke lyn forskynd, of hy jowt der in like tankbere as krityske bisprekking fan. De 16de ieu is foar de Friezen in krisistiid by útstek. Huizinga wol de eftergrounen fan sa'n oergongsperioade forstean, mar Theissen bringt him net folle fierder. Hy wol in byld foarset krije, libbene kennis ûntfange, in stridend folk treffe, mar wurdt toloarsteld. Theissen syn boek is ien foar de lytse keppel ynwijden en oan sokke boeken sil Huizinga syn libben lang it mier hawwe. Mei it forfarren fan Haerlim nei Grins giet ek Huizinga syn histoaryske nychheit yn noardlike rjochting. Ut 1907 datearret ek in aerdich opstel oer de Westfryske Roland, mar al ridlik gau bigjint dan de skiednis fan Grins en Ommelannen him to boeijen. As er yn 1909 de ûntjowing fan it patrisiaet en de immigraesje yn it let-midsieuske Grins bistudearret, giet er foaral oan de hân fan de famyljenammen de Fryske ynfloeden nei. Dan ek al komt er op de stadige fordwining fan it Frysk yn de Ommelannen. Foar de Ald-Indyske en de boeddhistyske sfear is nou in oar eachweid yn it plak kommen. Hy freget omtinken foar in âlde kaert fan Grinzerlân en sjocht sa to hea en to gers ek alris oer de Iems. Dat er dan Ubbo Emmius tsjinkomt - en dy yn De Gids fan 1912 koart mar skerp typearret - wie al min oars to forwachtsjen. Folk, naesje en kultuer hawwe Huizinga altyd mear sein as steat en dynasty, mar hy wit dat dy beide wrâlden gauris gearrane en grif yn de tiid, dêr't er him graech yn biweecht: dy fan de lette midsieuwen. In tige nijsgjirrich stael fan it ûndersiik dêr't er him fuortoan winlik altyd mei dwaende hâlde sil, is it lange opstel Uit de voorgeschiedenis van ons nationaal besef út 1912. Neffens him bistiet der yn de fyftjinde ieu noch gjin Nederlânske nasionaliteit en sels net iens in Nederlânsk nasionael gefoel. Fansels is der patriottisme, mar dat leit gâns oars rjochte as in pear ieuwen letter. Der is in Bourgondysk gebiet dat in gearhing bisiket to skeppen, mar it kin net iens in goeije namme fine: sil it Lotharingen, sil it Belgica, sil it Fryslân wêze? Him ynteressearret, hwat funksje de twaof trijetalichheit yn dit gebiet hat. Hoe'n wille Huizinga hie | |
[pagina 265]
| |
oan it plastyske, him visueel sterk oansprekkende forhael, foaral as dat mei it nasionale sentimint to meitsjen hie, blykt út dizze stúdzje mear as ienkear. Oan de Frânske skiedskriuwer Froissart ûntlient er, hwat der bard is doe't Albrecht fan Beijeren yn 1396 yn Fryslân oan wâl bisocht to kommen. Gâns in keppel Friezen stie op 'e sédyk de oanfal ôf to wachtsjen. Ynienen makke har in yn blau lekken klaeide frou út 'e keppel los en roun dat út nei de Henegousk-Hollânske skippen ta. Doe't de fijân har yn 't each krige, tilde hja de pels op en kearde him as blyk fan forachting it efterst ta. De oanfallers skeaten pylken op har ôf en in stikmennich soldaten dy't oan lân gien wiene, joegen har de genedeslach. It detail en de greate streek! Huizinga wiist der sa ek hieltyd op, hoe'n wiid mar dizenich bigryp Fryslân doe foar de Bourgondyske skiedskriuwers bitsjutte en hoe't hja oanhâldend de klam lizze op de legindaryske âlderdom fan it keninkryk Fryslân. Ten fan syn learlingen, dr. A.G. Jongkees, hat yn 1946 en letter ek noch wol dit tige aparte thema wiidweidiger bihannele. (Het koninkrijk Friesland in de vijftiende eeuw. Iepenbiere les yn Grins op 22 oktober 1946. - Ek yn Bourgondië en de Friese Vrijheid. Lêzing, printe yn De Vrije Fries, XLI, 1953, s. 63-78). Yn itselde stik hat Huizinga ek op syn libbene wize it forhael werjown dêr't in oare Frânske skiedskriuwer, Chastellain, mei foar it ljocht komt. It spilet him ôf yn Den Haech, dêr't it Bourgondyske hôf forbliuwt en dêr't in stikmannich Fryske ôffurdigen hinne stjûrd binne. Op in lette joun binne dy greate en swiere mannen yn har hotel hwat oan it healwiizjen, mar dan krije hja spul mei fjouwer Bourgondyske eallju, dy't yn de keamer ûnder harren tahâlde. De Friezen forsteane neat fan it Frânsk en sa komt der fjochterij. As in ealman in Fries de hân ôfslacht, wurdt de Bourgondyske hartoch der ek by helle. Dy is pûrlilk om't it frijgeliede troch ien fan syn mannen skeind is; de goede forhâldingen mei Fryslân lizze him heech. Nei hwat hinne-en-wer-praet, forûntskuldiging en forgoeding, komt alles wer yn oarder. Sa'n forhael leit Huizinga bysûnder; hy sjocht en trochsjocht de situaesje en hat foaral each foar de humoristyske kant. It is binammen de fraech nei de famyljeforhâlding tusken Grins en Fryslân dy't Huizinga net mei rêst lit. Yn 1914 publisearret er dêr in brede en tige lêsbere stúdzje oer: Hoe verloren de Groningsche Ommelanden hun oorspronklijk Friesch karakter? It stik hat bytiden hwat fan in tsjûgenis en bilidenis. It liket wol dat Huizinga as Grinzer hwat oergunstich is | |
[pagina 266]
| |
op it ieuwenâlde stamgefoel fan de Friezen. Dat folk is ‘iets bijzonder eerbiedwaardigs’. Wylst der yn de 12de ieu nei it suden ta in skerpe skieding tusken Hollanners en Friezen bistiet - de grins leit dan by Egmond - hearre Grinslân en East-Fryslân dan folslein ta Fryslân. De Friezen fiele har frij en ûnôfhinklik, mar spitigernôch komt it ûnder harren net ta in eigen sintrael gesach. Sadwaende slagget it de Saksen op 'en dûr har mear as twa-trêdden fan har lân to ûntnaderjen; de expansive krêft fan de Saksen is greater; de Friezen jowe har ek folle gauwer ûnder de Franken del as de Saksen. Foar it stadige, ekonomyske offensyf fan de Saksen oer steane de Friezen yn it defensyf. As der ien skuldige foar it forlern-gean fan it Fryske karakter fan de goaën tusken Lauwers en Iems oan to wizen is, dan is it de stêd Grins, de stêd dy't strategysk en ekonomysk it measte to sizzen hat. Grins kriget it yn de rin fan de 14de ieu klear, dy frije goaën ta Ommelannen to meitsjen. Fryslân tusken Fly en Lauwers hat gjin sintrum. Forgelykje ris de hydrografyske tastân fan Fryslân en Grinslân; yn it lêste gefal is dy hielendal it produkt fan de ekonomyske en politike hearsksucht fan de stêd. Hwer't yn de 13de ieu tusken Lauwers en lems de wetten yn it Frysk opsteld wurde, kringt hûndert jier letter it Leechdútsk op, de ‘lingua franca’ fan it hiele Hanze-gebiet. Oant yn it lêst fan de 15de ieu lykwols is it Frysk de sprektael yn de Ommelannen. Moat men yn East-Fryslân mei in tinne, Chaukyske ûnderlaech rekkenje, dy't it folk dêrre makliker tagonklik makke hat foar net-Fryske ynfloeden, yn de Ommelannen is it de ynkommende Saksyske minderheit dy't de Friezen troch har sosiale en ekonomyske ynfloed ûntfrysket. Grinslân wurdt dêrtroch it lân dêr't de tsjinstellingen tusken de stammen it sterkst sprekke. Der sit hate yn, as de Friezen fan it ‘Sassche Grins’ sprekke. As yn 1580 de stêd Grins foar gâns in skoft Spaensk wurdt, bitsjut de namme ‘Fries’ yn de Ommelannen fan alles tagelyk: Fryske frijheit, Geuze-frijheit, protestantske, plattelânske, anti-Spaenske sfear. Yn it Fryske patriottisme fan Rengers ten Post en oare Ommelanners sit dan hwat partidichs en antithetysks. Earst Ubbo Emmius set it Fryske stamgefoel wer yn in breed histoarysk en géografysk forbân. Hy wurdt fan de Fryske fabelskriuwers foar in Friezehater útmakke, mar hy wart dy biskuldiging goed ôf. Dochs koe ek hy it Fryske stamgefoel yn Grinslân gjin takomst mear biede. De Fryske namme rekket dêr yn 't forjitten. Taelforlies bitsjut dan ek kultuerforlies. De folksbiskaving yn de Ommelannen kriget hwat toars en prozaysks. ‘Er is iets weemoedigs in: juist het land van Bern- | |
[pagina 267]
| |
lef verloren!’ - sa bislút Huizinga dit moaije opstel, dat yn syn samle wurken 56 tichtbiprinte siden bislacht. Koarter, mar ek persoanliker is syn Jong-Friesche Lyriek, in skôging fan Douwe Kalma syn blomlêzing De Nije Moarn, opnommen yn De Gids fan augustus 1922. Huizinga kaem mar tige selden ta it bioardieljen fan literaire produkten; syn forhâlding ta de literatuer hie altyd hwat ambivalents. Fan de Tachtiger biweging wied er gjin biwûnderer en seach er likegoed it tokoart as de winst. It elkoar yn de hichte stekken fan de literatoaren mocht hy, ynbannich minske ommers, ek net lije. De moderne poëzij achte er mar yn inkelde gefallen de muoite fan it lêzen wurdich; de bearende en bylkjende moaipraters en handige toanielskermbouwers lake er om. Hy neamt himsels yn dizze skôging in net-Fries ‘die eerst op rijper jaren door wie weet welke latente invloeden van zijn Friesche afkomst vatbaar is geworden voor de diepe bekoring van Friesland en zijn taal’. It libbene en bloeijende Frysk achtet er in rykdom foar Nederlân; fan de lûdroftige Fryske biweging moat er safolle net hawwe. Hy wurdearret Kalma syn talint en temperamint, mar fynt yn him ek in gefaerlike maklikens fan produksje. Kalma's figuer, sa't dy yn de ynlieding ta De Nije Moarn dúdlik nei foaren komt, typearret er tige knap, foaral yn syn esthéticisme en mysticisme fan dy jierren. Weiwurde yn de dream fan it forline, of opgean yn de skimerige forbylding fan in dizenige, bûtenierdske takomst, dat sjocht er as Kalma's lot; sa giet dat mei de fortsjintwurdigers fan provinsiael wurden kultueren hwa't gjin bifrediging jown is troch steatkundige of maetskiplike dieden. Kin Huizinga hwat ironysk om Kalma syn greatspraek of syn tokoart oan biskiedenens glimkje, hy forsmyt de poëzij dy't hjir gearbrocht is dêrom net; hy ûntdekt sels in ‘verrassende geschiktheid van het Friesch voor de hoogere lyriek’. Oer dizze dichtertael leit in glâns as fan side, in sêftens dy't it Nederlânsk net ken. Dochs hat Huizinga in skerp ear foar de frjemde ynfloeden: dy fan de Tachtigers, fan de Ingelsken, dêr't de lju fan De Nieuwe Gids safolle fan leard hawwe, en fan de Dútske romantyk. Binammen de romantyk komme dizze Jongfryske dichters mar net to boppe; soene hja har oars fan de hwat forskimmele Aldnoarske goadefigueren bitsjinje? Dêrom is Kalma syn forsmiten fan de literaire foargongers as de Halbertsma's, Waling Dykstra, Jan fan 'e Gaestmar en Tsjibbe Gearts ek net earlik en it Fryske folk sil him yn dat weidwaen ek grif net gelyk jaen. It soe wolris wêze kinne dat de fersen fan de âlderein it yn it hert fan it Fryske folk winne sille fan dy fan | |
[pagina 268]
| |
de jongerein. De poëzij fan De Nije Moarn skept gjin figueren en jowt de folksfantasij gjin bod. Boppedat hat hja gjin genôch aksint en mankeart oan har de natuerlike krêft fan it rythme en de sterke toanfal fan byg. Piter Jelles syn fersen. Kalma syn eksklusivisme bigunstiget graech de heechste genres fan de dichtkunst, mar is it Fryske folk, in boerefolk, bate by de sonnetten fan leafde en ivichheit? Hja, Kalma en syn oanhing, dogge net hwat hja dwaen moatte: it Fryske folk to sterkjen yn syn tael- en folksbisef. In esoteryske forachting fan it folksaerdige docht hjir folle kwea. ‘Voor een geïsoleerde, provinciale cultuur is het gevaar van een bent-poëzij doodelijk.’ Hwer binne by Kalma ek de tradysje en de humor? ‘Het kind, dat hij met het badwater der alledaagschheid uitwerpt, is bij ongeluk de humor zelf.’ Op dit punt kommen, lit Huizinga him suver gean en falt er yn in lange tirade Kalma foar syn dwaen mar hwat fûl oan. ‘Ik weet niet, of er niet meer liefde tot de menschheid steekt in een enkel prozastukje uit “De Lapekoer fan Gabe Skroar” dan in een reeks van uw sonnetten. Liefde, en zelfs dichterlijkheid wellicht.’ Hy wurdt dan ek profétysk, en de tiid hat him gjin ûngelyk jown: ‘Het zou kunnen gebeuren, dat spoediger dan u mogelijk dunkt, een jonger geslacht uw hooggestemd werk eentonig vindt.’ Kalma moat de bân mei it forline wer oanknoopje, hy moat him ta it folk jaen. Mei it útsprekken fan de forwachting, dat de measte libbenskrêft fan de Jongfryske literatuer dochs net yn de lyryk en ek net yn it dramatyske wurk, mar yn it novellistysk proaza lizze sil, komt Huizinga ta de ein, net sûnder dat er de jongerein jitris de Halbertsma's ta foarbyld steld hat. It hiele stik is dat fan in kundich en sympathyk bûtensteander, fan in wiis man mei in bysûnder ûntwikkele gefoel foar evenredichheit en earlikheit fan oardiel. dúdlik komt hjir ek út, dat de wiere kultuer foar Huizinga altyd in ethysk karakter hat. De Jongfryske biweging hat er grif net hielendal forstien, mar de Jongfryske literatuer, dêr hat er in forbjusterjend goed portret fan jownGa naar voetnoot1). It is by ien kear bleaun. Foar it eigen plak fan Fryslân lykwols frege er dêr't it pas joech altyd bigryp. Doe't er bigjin 1933 yn Dútsklân in gastfoarlêzing hâldde oer de midlersposysje fan de Nederlannen tusken West- en Midden-Europa, hat er dat | |
[pagina 269]
| |
ek dien, lit it dan wêze allinne yn it histoaryske. In pear jier letter die er itselde, doe't er yn Florence foar in Italiaensk publyk oer de foarming fan it Nederlânske kultuertype oan it wurd kaem. Yn in krante-artikel út 1938 (Terugblik op Nederlands groei in de veertig jaren van het Regeeringsjubileum) komt er tige koart mar dêrom net minder biret op de aktualiteit fan de Fryske kwestje. Hy ûntstriidt dat Nederlân minderheits- of taelkwestjes binnen syn grinzen hawwe soe, ‘want de Friezen zijn de kern van het Nederlandsche volk zelf, al wordt dat soms door enkelen hunner in de hitte van hun taalgeestdrift vergeten.’ Yn it bikende opstel Nederland's Geestesmerk út 1934, dúdlik skreaun ûnder ynfloed fan hwat der it lêste jier yn Dútsklân bard wie, wurdt oer de Fryske apartheit net rept. Wol wurdt dêr konstatearre: ‘De overmacht van Holland is in onze geschiedenis onvermijdelijk, heilzaam, ja, reddend geweest. Zonder Holland geen Nederland.’ Prof, dr. P. Geyl hat der op wiisd, dat Huizinga him it bêst thús fielde yn in bifeilige en wolbiwarre wrâld en dat er dêrom it forline graech idéalisearre en it hjoed der skerp tsjin ôfstekke liet; hy seach inkeld de kultuer en hie foar de sosiale, ekonomyske en machtspolitike faktoaren gjin each. Dêr is lansels wol hwat fan oan, mar der sit ek in stik oerdriuwing yn, lyk as ek yn de útspraek fan prof. dr. J. Romein, dat Huizinga syn eigen tiid net bigrepen hat, omdat er him net bigripe woe. Huizinga wie in aristokraet fan de geast en dat hold yn dat er stie op oarder, sede, tradysje, fordrach en gesach. Mar dat er bûten it folk, bûten syn tiid en bûten de hurde réaliteit stien hawwe soe, is net wier. Syn wurk hat ek altyd in striidber tsjûgenis west; it kontemplative en it aktivistyske lizze dêr net sa fier útinoar. Wy as Friezen hawwe de kâns him fan in biskate kant sjen to kinnen dy't oaren sa net kenne. Hoefolle net-Friezen mei Fryske foarfaers hawwe as hy de muoite nommen it Frysk yn alle gefallen lêzen to learen? Sa as Geyl syn herte hieltyd wer nei de Flamingen út giet, sa is Huizinga dochs ek wol lutsen troch it âlde lân, dêr't er de emosionéle bân net mei trochsnije koe en woe. Oft it, yn it Fryske erfskip forweve, net foaral it menniste erfskip west hat dat him sa nou en dan twong de weromreis to meitsjen? |
|