De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 260] [p. 260] O. Postma: Tobinnenbringen fan in ald skoalmaster Ik foun it skrift boppe yn de kas efter de boeken. E. Wiersema stie derop; it wie in proefwurkskrift fan Eije, Mei algebra- en meetkundesommen út de twadde klasse; Fansels goede sommen, it wie in knappe jonge; ‘Menheer, het is een wonderkind’, sei in kear dy wize Annie op de foarste bank. Mar foar de learaer wie der ek hwat oars by; Earst dy strieljende laits doe 't ik by him eris yn deselde winkel kaem; En letter dy lilkens op syn gesicht doet in oare jonge yn de klasse hwat forfelend wie. Mar ik koe dy him iepenbierjende jonge freonskip net goed genôch bianderje. Sa stoar der hwat ôf, en swietwei waerd de forhâlding mear in gewoane. De jonge die op tiid syn eindeksamen en hat doe studearre yn de wis- en natuerkunde. Mar by is jong stoarn. Mar nou noch hwat oer dat ‘fryske hert’ fan dy Eije, hweroer yn earder dicht sprutsen waerd. Dat ‘frysk’ sil wol foaral gefoelich bitsjutte, al is it dat net allinne; Ik hôld de Friezen oer it gemien foar hwat geloeliger as de Grinslânners. (Dat bikende ‘hurde Friezen’ soe dus wol ris in forkearde oantsjutting wêze kinne). Hwat dy Grinslânners oangiet, ik haw dochs heel wol by dy grinzer (en drintse) jon ges myn freonen hawn. [pagina 261] [p. 261] As Fryslan in yndustrylan wurdt Fryslân, sizze hja, sil ek in yndustrylân wurde moatte. Wer bliuw ik dan mei dat ‘agrarysk’ fersespul, Mei dy weagjende miede en dy ballende kij, En dy swietrook fan wylde balsem en wite klaver? By my gjin al mar klopjen en winteljen. Op syn heechst it fallen fan in heiblok hwer Evert syn kistwurk hat, Op syn heechst in mean- of terskmesine; En sa'n ien as Sipke hat syn wurk op in fabryk foun. Miskien soe dy ‘rekreaesje’ fan har dy minsken noch hwat tichter by my bringe kinne: Hja nimure har wei troch de ljochte lânnnen en sjogge de pleatsen mei de skuttende hôven en de bûnte kij; De lûden en roken binne harres, dy nimme hja mei. En it soe wêze kinne dat hja op de klaei eat fan myn âlde terpbuorrens to sien krigen. Mar dy rekreaesje giet meast út nei sé en loft! Dy sé hat my ek fêsthâlden, myn gedichten sprekke dêr fan, Fan skippen en weagen, fan wyn en tij; En oan de kimen de dream fan in ljochte ûneindichheit! Vorige Volgende