| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Inkelde opmerkingen oangeande de regionale omrop yn Nederlan yn forban mei de mooglikheden foar in regionale televyzje
De bydrage fan ir. F.C.M. Wijffels yn it maeijenûmer fan dit tydskrift hat my derta brocht, myn bitinken op dit mêd ek ris op papier to setten, eat dat ik nammers allang fan doel wie.
Ir. Wijffels mei my forjaen, dat myn bydrage bigjint mei inkelde kanttekeningen by opmerkingen fan sines. Der sille punten wêze, dêr't hy as Suderling hwat oars oer tinkt, der binne grif ek punten, dy't hy hwat hoedener en freonliker nei foaren bringt, hoewol't wy der yn wêzen gelikens oer tinke. Op ien punt bin ik it folslein mei him ûniens: dat men yn Nederlân foar de opbou fan in regionale televyzje in foarbyld nimme kin oan de Regionale Omroppen; tominsten hwat dy foar Noard en East oanbilanget soe dat ta nije flaters en toloarstellingen liede kinne, om't de regio dêr yn wêzen syn gerak net kriget sa't kinne soe. Ik sil de lêste wêze dy't dat oan hwa ek mar yn Grins of yn Hilversum forwite sil: hja hawwe allegearre altiten roeid mei de to koarte riemen dy't hja ta har foldwaen hiene, hja wiene fol goede bidoelings en fol goede wil; mar dêr is it resultaet spitigernôch neat better om.
Ik set dus útein mei in pear oanhellings út de bydrage fan ir. Wijffels.
‘De omroppen fan Noard en Súd bigounen net foar harsels, ek letter net, mar hawwe de hieltyd koördinearre west mei dy fan Hilversum.’
Ir. Wijffels sil lykwols ek wol witte, dat Súd nei de bifrijing fan Súd-Nederlân yn 1944 wol deeglik foar himsels bigoun is, om't kontakten mei Hilversum doe domwei net mooglik wiene. Wylst Noard op 16 maeije 1945, doe't yn Hollân alles noch yn trewyn wie, allyksa foar himsels úteinset is as Omrop fan it Provinsiael Militair Kommissariaet, dêrnei noch yn itselde jier ûnderdiel waerd fan de Ryks Foarljochtings Tsjinst en bigjin 1946 as Regionale Omrop Noard diel fan Herrijzend Nederland, om by eintsjebislút ûnderbrocht to wurden yn de Stifting Radio-Omrop yn Oergongstiid. It jiers tofoaren hiene de earste Grinslanner en Fryske útstjûringen al west.
Yntiid forskynden yn Hilversum de omropforieningen wer; de Nederlânske Radio Uny, dy't de technyske en administrative mienskip fan dy forienings útmakket, datearret fan bigjin
| |
| |
1947. Dêrmei waerden de Omroppen Noard en Súd folslein oan Hilversum keppele.
Hja bigounen net foar harsels, ‘ek letter net’. Dit is in frjemde opmerking, hwant hwat yn it bigjin faeks noch mooglik west hie, koe binammen ‘letter’ net mear barre. Hja wiene nou ommers folslein ynpast yn it miene skema en de N.R.U., in organisaesje dy't de regionale omroppen gjin kwea hert tadraecht, hie harren yn elts gefal technysk en finânsieel folslein yn 'e skjirre; hja hie sels op dat mêd lang net altyd de romte en dat hie fansels syn wjerslach ek op Grins en Maestricht.
‘Boppedat hawwe hja aloan oanfoljende programma's jown, yn dy sin dat hja har hâldden by de ynformative en dokumintaire regionale stof’.
Ik twivelje deroan, oft dit alhiel sa is. Hwannear't ik tink oan útstjûringen fan it Limboarchsk Orkest troch Súd en fan de Fryske, Grinzersk-Drintske en Oeriselske orkesten troch Noard en East, fan bijeftige kunstners op it mêd fan keamermuzyk en kunstliet, fan koaren en korpsen ensafuorthinne, dy't faken likegoed ek foar Hilversumer mikrofoans komme kind hiene en dat út en troch ek dogge, moat ik fêststelle, dat dit bûten de ynformatyf-dokumintaire sfear leit.
‘Greate produksjes fan toaniel, opera-útfierings en lichte programma's dy't in hiele joun namen, lieten hja oer oan de sintrale radio... ynstituten yn Hollân’.
Ir. Wijffels wit likegoed as wy, dat de regionale omroppen soks net fortoane kinne soene, inkeld al om't hja by jountiid net útstjûre meije. Har stjûrtiid is by in wet fêststeld yn de tiid tusken seis en acht ûre jouns, hwerby't dan noch komt dat hja yn dy tiid útwike moatte foar prinsipiéle en politike útstjûrings fan Hilversum. Boppedat soene hja it jild net hawwe foar soksoarte fan manifestaesjes. Dochs hawwe der wol moai greate produksjes foar de R.O.N.O. west op it mêd fan harkspul en lichte muzyk, mar hja waerden krekt biheind troch it tokoart oan tiid en faken jild; wylst it wol wis is, dat krekt foar in harkspul de tiid tusken seis en acht ûre net botte gaedlik is. By in harkspul moat men jin rêstich deljaen kinne en dat kin almeast earst nei acht ûre, leaver sels noch letter. De harkspullen wurde fansels jown yn de sprake fan de útstjûring, hja binne dus ornearre foar in biheinder gebiet; mar dêrom soene hja likegoed om njoggen ûre foar de harkers better to fornearen wêze as om sawn! Ik nim oan, dat dit foar Súd net oars lizze sil.
De oan de regionale omroppen tawiisde stjûrtiid tusken seis
| |
| |
en acht ûre wie ynearsten út radio-each net sa'n wichtige tiid. Troch it machtich útwreidzjen fan de televyzje is dat oars kommen to lizzen: gâns minsken hawwe de radio oan oant, almeast om acht ûre, de televyzje úteinset. Bytiden is dat sels al earder, dat dizze tiid komt ek alwer yn 'e knipe. Mar de stjûrtiid fóár it fiersjen is foar de radio dêrom sa wichtich, om't men dan alteast de hiele húshâlding birikke kin, wylst it earder op 'e dei ophâldt mei inkeld de húsfrou, en op in skoalfrije middei boppedat de bern. Foar de prinsipiéle útstjûringen fan de omropforienings is dit dus ek in gaedlike tiid, wylst it fan it regear foar de politike partijen foardere skoftke ornaris allyksa op dizze selde ûren falt.
Sa kriget de radioharker yn de regio hjir dan de ûnsympathike tastân, dat er, harkjend nei Hilversum II, om healwei sawnen ynienen mei de R.O.N.O. konfrontearre wurdt, om ien of oardel ûre letter faken ynienen wer yn in Hilversumer program del to ploffen. De R.O.N.O. wurdt dan út en troch op har bar wer ûnderbrutsen fan eat prinsipieels of polityks út Hilversum wei; dêr't guon harkers sels de konkhúzje oan forbine, dat de R.O.N.O. propaganda meitsje wol foar biskate partijen, ntl. inkeld dy, dy't har oer Hilversum II ta it publyk rjochtsje!
De triedomrop-harker hat it op dit stik fan saken efkes better, om't hy net twongen wurdt, oer de F.M.-stjûrder om healwei sawnen nei de R.O.N.O. to harkjen ynsté fan nei Hilversum: hy hâldt ommers de kar tusken Hilversum II oer de twadde, en de regionale omrop oer de tredde line. It tuskentiids swijen fan de regionale omrop foar polityk en prinsipes resultearret by him allyksa yn in nuver grienmank.
It pynlike is boppedat, dat de regionale omroppen fan en ta likegoed wike as dat nèt wetlike plicht is, nammentlik hwannear't hja witte dat in great part fan har publyk bilang hat by de útstjûringen fan Hilversum dy't yn deselde tiid falle. Dogge hja dat net, dan binne de protesten fan de harkers ek net fan de loft. As foarbylden kin men hjir neame de searje bisprekken fan Nederlânske skilderkunst, dêr't safolle harkers, ek yn de regio, op yntekene hawwe en de stereofoanyske útstjûrings fan de Matthaeus-Passion, dêr't ommers beide stjûrders Hilversum en dus alle relayearjende F.M.-stjûrders by nedich binne. Mar by wichtige ynternasionale sportmanifestaesjes spilet dit ek in rol. Hwant jins harker moat as it hwat kin jins freon bliuwe!
De opmerking fan ir. Wijffels: ‘...oanfoljend programma,
| |
| |
dat úgiet fan it bistean fan in Nederlônsk programma njonken har en oer har hinne’, is dus alhiel wier, binammen hwat dat lêste oangiet. Dat ‘koôrdinearre-wézen’ is dan ek in twivelige wille, om't de koórdinaesje altiten fan ien kant komt - hwat faeks net bêst oars kinne soe - en ornaris delkomt op in har oanpassen fan de kant fan de regionale omroppen, om't der gjin rekken mei har hâlden wie, lyk as men hieltiten wer, en faken op it lêste stuit, ûntdekke moat.
De réaliteit is, dat de Hilversumer partisipanten fan de N.R.U. elts har plannen meitsje, sûnder har sels it bistean fan dy regionalen to réalisearjen. Wurdt der al ris hwat rekken mei hâlden, dan is dat to tankjen oan persoanlike kontakten, of troch it komôf fan guon yn Hilversum, dy't har opgong oan de regionalen to tankjen hawwe.
It is in bikend feit, dat gâns meiwurkers oan de Hilversumer oorroppen noch nea fan de regionale omroppen heard hawwe; oer hwat dêr fortoand wurdt hearsket by dy't der dan wol ris fan heard hawwe, it nedige wanbigryp. In R.O.N.O-reporter waerd bygelyks ris yn folie earnst frege, oft er wier alle dagen weroan de nedige boeren fine koe om mei to praten oer ierdappels en kij, fansels yn it ien of oare ûnforsteanbere dialekt!
Men soe jin ek in oarsoartige koördinaesje foarstelle kinne. De beide regionale omroppen soene dan alle dagen op in selde fêste tiid stjûre moatte en dêrmei soe altyd rekken hâlden wurde moatte op sa'n wize dat Hilversum op dy tiid gjin wichtige algemiene útstjûrings jaen soe, mar lichte muzyk of in Hollânsk regionael program, wylst ek it politike en prinsipiéle yn dy tiid efterwegen bliuwe moast. Hwannear't de regionalen deis bygelyks oardel ûre brûke soene, dan soene ek de Hilversumer programs sa boud wêze moatte, dat dy krekt dyselde tiid bislaen soene, sadat der altyd goede oansluting wie oan bigjin en ein.
Yn it bûtenlân is de saek hjir en dêr yndie sa oplost, sawol by radio as by televyzje: de haedstjûrder mei syn satelliten prate tofoaren ôf, op hokker tiden hja útinoar gean sille om elts in eigen regionael program to forsoargjen en boppedat, op hokker tiden de helpstjûrder mei syn helpstudio in program foar it hiele gebiet jaen sil, dat de haedstjûrder en alle oare satelliten dan relayearje. Sa jowt yn Noarwegen út en troch studio Tromsø in útstjûring foar it hiele lân, dêr't oars Oslo foar soarget; Studio Flensburg docht út en troch itselde foar UKW-Nord, dêr't Hamburch it haedstasion fan is; en sels
| |
| |
yn it sintralistyske Frankryk draecht helpstudio Perpignan geregeldwei syn stientsje by ta de útstjûrings fan radio Toulouse. Dat is dus in foarm fan desintralisaesje, dy't men by de plannen foar de Nederlânske regionale televyzje better foar eagen hâlde kin as de opbou fan it Nederlânske radio-systeem.
Foar de regionale omroppen Noard en Súd lizze yntusken de saken folslein ûngelikens. Wylst Súd inkeld arbeidet yn en foar in biheind part fan Limburch, in gebiet dat dochs min ofte mear in ienheit is yn tael, yn libbensopfetting, yn religy, moat de R.O.N.O. in gebiet bitsjinje, dat noch yn tael, noch yn styl, noch yn sosiael en ekonomysk opsicht hokfoar ienheit ek mar foarmet. Mei de bigjinkombinaesje Grinslân-Fryslân wie dat, útsein yn de tael, noch wol hwat it gefal, al brocht krekt dy taelûngelikensens mei, dat de útstjûringen foar it hiele gebiet altyd it Nederlânsk as fiertael hawwe moasten. Doe't yn 1947 Drinte der by kaem mei in eigen streekprogram, mar ek mei bilangen by de mienskiplike útstjûrings, foroare dat net sa hiele folle; mar doe't bigjin 1959 it gebiet East - tydlik of bliuwend? - oankeppele waerd, wie alle ienheit wol fordwoun. Net allinne is in regionale organisaesje, dy't ierdrykskundich sa'n treddepart fan Nederlân bislacht, in ding dêr't it net noflik arbeidzjen mei is, mar mienskiplike bilangen en bilangstellingen binne ek fier to sykjen en men is it oersjoch samar kwyt; dêr't noch bykomt, dat it East-gebiet op himsels ek lang gjin ienheit is, mei't Twinte, Sallân en Efterhoeke yn bifolking, sprake en libbensstruktuer trije slim los-fan-inoar-steande dielen útmeitsje. De ‘Easterlingen’ hawwe dêrmei har eigen problemen: alle kearen in gearmjuksel jaen, dat in bisykjen is, it hiele gebiet to foldwaen, of ienris yn de trije wiken in eigen útstjûring foar ien fan de trije, mei as resultaet dat de oare beide der gjin grevel bilang by hawwe?
Dit East-probleem is karakteristyk, hwant it is yn wêzen yn it lyts itselde as it R.O.N.O.-probleem: hoe yn de algemiene útstjûring stoffe to jaen, dy't foar it hiele gebiet akseptabel is? Hat in Fries der bilang by, in koar út Twinte to hearren? Hat in ‘Easterling’ bilang by bisprek (yn it Hollânsk) fan in Frysk boek dat er nea lêze kinne sil? Hat in Grinslanner bilang by it fuotbaljen yn de fjirde klasse yn 'e Efterhoeke? Hat in Drint bilang by de iepening fan in boarterstún yn Surch of in beukerskoalle yn Muntendam? Hoe stiet soks, útsein foar de muzykleafhawwers, mei koaren en korpsen út út hiele R.O.N.O.-gebiet, binammen as hja mei lieten yn eigen sprake komme, hwat dochs it stribjen wêze moat om't dy krekt foar Hilver- | |
| |
sum minder gaedlik binne, of mei regionale komposysjes lyk as Fryske muzyk-grienmanken? Hoe stiet it mei tsjerketsjinsten yn de streektalen, dy't op hjeldagen oer it hiele gebiet forspraet wurde? Hoe stiet it sels mei de trije orkesten út it R.O.N.O.-gebiet?
Men moat einliks fêststelle: gâns dat de R.O.N.O. yn dizze situaesje jowt, soe likegoed foar Hilversum jown wurde kinne en dus it hiele lân bistrike, hwertroch de karút fan Hilversum meiiens greater wurde soe, dy't nou faken tofolle op de neiste omkriten ynsteld is. It oare, it echt-regionale of sels pleatslike, soe foar in lytser gebiet rémakke en útstjûrd wurde moatte: hwat foar East ornearre wie, inkeld oer Markelo; hwat foar Grinslân-Drinte ornearre wie, inkeld oer Hegesân; en hwat foar Fryslân ornearre wie, inkeld oer Jirnsum; en fansels yn dy gebieten oer de triedomroppen dêrre. Troch it njonkeninoar op deselde tiden brûken fan de stjûrders foar forskate programs - har weachlingten binne net gelyk, dat hja ride innar net yn de tsjillen - kaem men ek minder oan 'e krapperein hwat de stjûrtiid tusken seis en acht ûre oanbilanget.
Mei't hja op sa'n wize inkeld ‘foar eigen parochy preken’, soene hja dan ek alles of meastepart yn de eigen sprake bringe kinne; dêrmei kamen hja de eigen minsken neijer oan en joegen meiiens eat dat dúdliker oars wie as Hilversum: oars hwat materiael, oars hwat wize-fan-bringen, oars hwat fiertael oanbilanget. Elts gebiet soe yn de eigen útstjûrings de eigen koaren en korpsen hawwe, dêr't men yn lytser rounte dan ek om oare as inkeld-muzikale redenen bilang by hat, it eigen orkest, dan ek as dokumintaesje, de eigen sportsaken, de eigen boeken grammofoanplatebisprekken, de eigen meditaesjes en tsjerketsjinsten, de eigen saken fan natuer en kunst, geakunde en skiednis; mar ek de eigen reportaezjes en as it kin sels in eigen waerbirjocht! Op sa'n wize soene de útwreide streekprograms (neffens de byldspraek fan in wichtich man op dit mêd ‘de pylders dêr't de Regionale Omrop op driuwt!’) elts mear stjûrtiid en elts in greater fêste bisetting hawwe kinne, dy't útsunige waerden op de ‘algemiene’ programs dy't mear regioanen biflappe moatte. Sa soe it dan einlings wurde: yn de regio foar de regio troch de regio. It is klear en dúdlik, dat de Regionale Omrop Súd troch syn biheindens dit idéael helte tichter bineikomt.
Ik wit, dat dizze idéen guon oanhingers fan de tradysje kjelmeitsje sine en dat hja mei gâns praktyske biswieren komme sine; dy binne der sûnder mis, mar in part derfan sil grif op
| |
| |
to heinen wêze troch de technyske side fan de saek, minsken en ark, en de administrative kant yn ien ‘pool’ to hâlden lyk as de N.R.U. dat is foar de omropforienings.
Mar ik bin der wis fan, dat sa'n fornijde opset de kultuer, de tael, de eigenheit fan eltse regio to'n goeden dije soe. Moat it bilang fan de harkers ek hjir net it doel wêze?
Soe dit foar de omrop net mear slagje, dan soe men it, troch skea en skande wiiswurden, yn elts Befal by in soune opbou fan Regionale Televyszje foar eagen hâlde moatte, al sille dêr de problemen ek hwat technyske útfiering oangiet noch helte greater wêze. Mar ek inkeld op sa'n wize sil it algemien Nederlânsk televyzjeprogram út en troch profitearje kinne fan hwat de regio bydrage kin. Arbeidzje hja oars, fan it sintrum út, dan sil altyd krekt it minst-karakteristike nei foaren helle wurde, troch minsken dy't by alle goede wil frjemd bliuwe oan de geast fan de regio.
Koartsein: wy sille der foar weitsje moatte, dat by radio en televyzje it Nederlânske pylderstelsel net duorjend it útsjoch op de regio weinimme sil, hwant dat soe sawol foar de regio as foar hiele Nederlân inkeld skea bitsjutte!
|
|