hie dy man dat dan ek net neamd. In nij bigjin, och ja... Goed, Rike hie ek skuld, mar hwat wie har skuld by mines? Hja wie wol tsien jier jonger as ik, ik koe it my al net bigripe dat se har mei my ôfjaen woe, ik hie wizer wêze moatten...
Hja wenne op in nederich boppehûs, mar alles wie like kreas en de strjitte net fens sa hiel smel. Doe't Geart dêr foar it earst kaem, seach er him de eagen út, by koe it him net bigripe dat er dêr skielk wenje soe, Rike en by togearre.
‘Mar fanke, hwer sille wy op wachtsje? Dû hast ommers in hûs en húsrie, ik haw in goed wyklean.’
Hja glimke en har eagen laken mei, dêr gluorke fjûr yn, Geart koe der nea langernôch nei sjen. ‘Dû wolst to hurd, jonge, dû moatst tiid dwaen. Der moat noch safolle wêze, wy moatte noch in hiel skoft sparje, dû draechst my sneons mar ôf hwatst oerhast, sels bin ik al sa sunich, hwat mienst dat ik sels ek net sa gau mooglik trouwe wol?’
‘Mar hwerom...?’ ‘Stil nou mar’, hja bûgde har oer him hinne. Hy die de eagen ticht. Dat dit noch foar him weilein wie!
Hy roun mei Sipke út it fabryk. ‘Ik haw der al in dei as hwat mei omroun, Geart, mar ik mei it net swije. Moatst net lilk wurde, mar ik seach dy by Meijers widdou útkommen, dêr moatst dy net mei ynlitte, it is in earst forkearden ien, dy leit it mei alle manlju oan.’
Geart stie fuort yn 'e brân. ‘Hwatte!’ Sipke lei him de hân op 'e earm: ‘Ik siz it út goederbêst, ik haw dy warskôge, fierders moatst it sels witte.’
Geart smiet it fier fuort, sa wie Rike net en dochs, Sipke wie gjin rabber.
Sa wie Rike al. Foar syn eigen eagen seach er dat hja in frjemde keardel útliet, dy't hja wakker om it kin striek en die.
Wer waerd it him read foar de eagen as seach er fjûr en bloed lyk as ienkear mei Jippe. Hy roun har nei by de trep op, tagelyk wiene hja hoppe. Hy wie skriklik oan to sjen, de eagen rôllen him yn 'e holle en by hie it brûs op 'e mûle. ‘Myn sinten!’ It wie net iens in minsklik lûd mear, it wie de skreau fan in bist.
Hja wie hwat bleker wurden, mar likegoed doarst hja it noch bistean om fluensk to freegjen: ‘Dyn sinten?’
Dat wie to folle, syn hannen kniepen as in bankskroef oan 'e ein ta.
Tweintich jier.
Ik kin neat mear goed meitsje, tsjinoer de minsken net iens,